Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 158: Blessum yn 'e rein

Blessum yn 'e rein

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Baukje Bosma (BB Fotoos)

As je de foarsizzingen oer it waar leauwe moatte, dan liket it snein yn Marsum tiid foar it ferske ‘Marsum yn ‘e rein’ fan Piter Wilkens. ‘Neat is sa tryst en griis as Marsum yn ‘e rein’, sa sjongt Piter. Mar ek al soe it snein reine, dan noch falt it ta want de grutte wite tinte stiet al ree om moarntejûn al útein te setten. It ferline fan de gevel fan it Poptaslot sjocht it allegearre oan yn de wittenskip dat alles foarby giet, dat ek buien oerdriuwe. Oan ‘e oare kant fan it fjild draait de draaimole de generaasjes fan de oare moarn yn it rûn. Yn eigen tinzen is dy draaimole foar ivich ferbûn mei Robert van Wieren. 

Robert tocht ein jierren fyftich dat der gjin ein kaam oan syn krêften yn it perk. Miskien wie it wol Penjum of Makkum wêr’t de draaimole achter de boppe stie. Robert hie doe mar ien doel: alle ballen op dy draaimole. En by elke bal dy’t dêr op terjochte kaam fielde hy, droegen troch it klappen fan de minsken, him hast in junk, ferslaafd oan dat klappen. As ien fan de bêste jongeskeatsers soe Robert it klokje yn Wommels ophelje, mar Jan van der Meer fan Penjum gie mei dat horloazje om ‘e pols nei hûs.

Robert sil him field ha lykas ‘Marsum yn ‘e rein’ en it hat in koart iuw duorre ear’t hy wer nei de Freule yn Wommels woe. Want dan moasten je lâns dat boerd mei winners en sjen dat je eigen namme der net op stie. Kaam him letter as in plaatsje ferklaaid yn in wyt pak tsjin op dy selde Freule, it goud om ‘e nekke en net om ‘e pols. ‘Ja ik moat it pak moarn wer ynleverje’, sa sei hy doe glimkjend.

De draaimûne fan Marsum makke yn in oare betsjutting al earder syn rûntsjes. En dan ha wy it oer de stellerij. Pieter Jan Leijenaar yn it bakje fan de draaimûne nei de krânsen yn Huzum. Hie it der ferline wike oer op dit plak, wist doe noch net dat Erwin it oare jier yn dat bakje mei Marten en Hessel sitte sil. Dat alles feroaret fansels neat oan it haadstik dat yn Huzum skreaun is. En de stellerij is in fak apart, dat wie ferline jier ek al te gefal en no dus wer.

Fan alle tiden, tritich jier lyn wie dat yn Huzum net oars doe’t de Bond der oan kaam. Gjin stellerij, mar wol in oar probleem. Fiif haadklassekeatsers foar trije plakken. Stephan Kleefstra en Lammert (Lambert) Postma foar de opslach, Gerben Okkinga, Abe Kooistra en Johannes van Dijk foar de krite. Gjin mislike nammen. Abe luts him werom, Lammert wie neffens Gerben earste reserve. Dus gienen Stephan Kleefstra, Lammert en Gerben nei de Bond yn 1990. Gjin Johannes van Dijk dus. Lammert foaryn en ferminst op. Huzum wûn de Bond, foar Lammert de grutste haadpriis yn syn keatslibben.

Lammert wie in sierlike opslagger dy’t fan Blessum kaam. Hy paste yn it rychje fan Rienk de Groot en Klaas Berkepas. De omke fan Hessel en Romy Postma, de soan fan Kees Postma. Op 6 septimber kaam der sa mar in ein oan syn libben, hy soe op 19 septimber 61 jier wurde. 

Betink it mar, yn it jier dat pakesizzer Hessel Postma de PC wint, yn it jier dat pake Kees yn Huzum grutsk sjocht nei Hessel dy’t de krânse wer wint by Onderling Genoegen. De flok fan in steand nûmer dat je op sneon 6 septimber ynienen fan it foarjier nei de winter bringt. Op de foto it read fan de beien op de foargrûn as it fertriet fan de neisimmer dat him net treaste lit. In fertriet dat telegraaf en alles wat der by heart yn in dize ferdwine lit. Want neat is sa tryst en griis as Blessum yn ‘e rein yn de wittenskip dat dizze rein fan fertriet nea wer fuort giet.