Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 156: Blauwe loften

Blauwe loften

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

Tennisser Sander Arends siet yn New York te sjen nei de hynstedressuer yn Bitgum. Mei tank oan Johan Span dy’t der in filmke fan makke hie snein yn Bitgum. Nee, net fia de Omrop want dy wienen der net, dat wol sizze de telefyzje wie der net. De radio fansels wol. De snein yn Bitgum is noch altiten de op ien nei moaiste partij fan it jier yn de haadklasse. Dat lêste moat der wol by, want je wolle fansels de Frouljus PC net te koart dwaan. En dat seker as der - sa as snein - ien kear yn de fiif jier keatst wurdt om ‘De mogelijkheid tot koop’ fan in fôle te krijen. Troch koroana wie it ek noch foar it earst yn tsien jier.

Johan hie it ek noch oer in hokje, earne yn ‘e buert fan it keatsfjild fan Weidum tidens de Frouljus PC. Koe net gewaar wurde wêr’t it stie, mar yn elts gefal kamen Sjanet en Louise út dat hokje flak foar de finale fan de PC. Sjanet en Louise hienen Stefan Bodde frege foar de fysike begelieding tidens de Frouljus PC. Mar Bodde woe fansels neat tsjin Johan sizze oer wat der krekt oan de hân wie. Beropsgeheim en terjochte fansels. No skynt Bodde ek al in pear jier it partoer fan Paul Dijkstra en René de Haan en sûnt koart Tymen Jan Eisma dus te begelieden.

Stefan Bodde is fan Fysioterapy BoddeBouman yn Dokkum en hy hat ek de tennisser Sander Arends yn syn ‘pakket’. No is Johan al jierren folger fan tennisser Sander Arends, dus foar him wie it wat makliker it binnenpaad nei it hokje yn Weidum te finen. Trouwens, mochten minsken foar de keatsferslaggen net genôch ha oan ien of twa kranten, gean dan mar nei de keatsferslaggen op Omroep Leeuwarden.nl fan Johan Span.

It geheim fan it hokje kinne je fansels oanfulle mei allegearre oare ferhalen efter de skermen fan it frouljuskeatsen. Kaam sneons yn Bitgum de âlders fan Louise tsjin en nei in kertier praten binne je hiel wat wizer. No is wizer net it goede wurd, earder kinne je sizze dat je dan hiel wat blauwe loften earmer binne. In bytsje it byld dat in dreamer hat of miskien wol fan dreamt: in blauwe loft sûnder wolkjes. Wol it allegearre net witte, lit stean dat ik it allegearre opskriuwe wol. Want der is noch sa folle mear oer it keatsen te skriuwen en dat fertsjinnet earder in plak as al dat oare.

Oer blauwe loften sprutsen: wat hat OKK fan Bitgum der wer wat moais fan makke. Mei as hichtepunt de hynders op snein. Tocht ek dat Bitgum it neffens de waarberjochten droech hâlde soe, mar dat wie net sa. It reinde dat it eaze op de skouders fan Hans. It like op in jonkje dat noch yn sinteklaas leaude mei 2000 swarte Piten rûn it fjild. Hans hie in boerenpet op en seach it miskien wol te let. De terapeuten fan de ‘jeugdtrauma’s’ kinne har oer tweintich jier mar klearmeitsje.

In earbetoan oan Lyts OKK dat fyftich jier bestie, mar ek in earbetoan oan 130 jier OKK. Mei in sjarmante foarsitster Manon as in prinses yn it giel. Der sille guon wêze mei de jittikfles yn ‘e hân dy’t fan miening binne dat it ôfskie nimme fan Taeke en Gert-Anne better letter kinnen hie om’t der noch in partij oan ‘e gong wie. Hie kinnen. Oan de oare kant, je nimme gjin ôfskie fan twa blokjerinners of twa balkearders. Mar fan twa fan de grutste keatsers fan dizze noch koarte iuw. Dus dan meie je foar ien kear wol ris tsjin de tried yngean.

Seach Tunno Schurer stean dy’t de Van Aismadei njoggen kear wist te winnen. Sûnt snein moat hy dat earste plak diele mei Tjisse. Tocht ek: hoefolle fan de minsken yn Bitgum soenen Tunno noch sjoen ha yn syn folle fleur? Johannes Brandsma wie fan miening dat as je alle funksjes by it keatsen by elkoar optelle, dat hy dan de bêste wie. Mar hy sei ek: ‘Ik wie gjin bettere achterynse as Tunno, want bettere achterynsen as Tunno wienen der net.’ Ha it ûnthâlden om’t ik itselde fûn oer Tunno.

Kaam Jurjen ‘bûsdoek’ Dijkstra ek noch tsjin. Dy bynamme hie de opslagger fan Gytsjerk te tankjen oan de bûsdoek dy’t hy altiten yn ‘e hân hie. Hy fertelde in moai ferhaal oer de ‘wanten wildwest’ út syn tiid. Reinder dy’t even in fiter fêst meitsje moast yn it achterperk. Op ien knibbel flak by eigen tas. Hurd even oare want pakke. By de folgjende perkwikseling wie dy fiter al wer los. Hurd de ‘gewoane’ want wer pakke. Mar skiedsrjochter Teake Krap wie net gek fansels en sei op syn Bildts: ‘Dat doe’st niet weer Rainder’.

Fan Jurjen kaam ek it ferhaal oer Tunno. Jurjen wie by Tunno lotte yn Winsum. It woe net echt, mei 4-1 achter. Frans Poppes hâlde alles by fan Tunno en dy sei doe op syn Frjentsjerters ‘Dou hest it hier nog noait wonnen.’ Motivaasje neame wy dat, Tunno krige dy ‘verende’ stap, naam de opslach oer en sy wûnen neffens Jurjen doe de priis.

De tiid makket de loften fan sokke ferhalen faak wat blauwer. Miskien ek wol nedich om wat moed te hâlden. Kaam Gerrit de Jong fan Bitgum tsjin. Syn hiele libben frijwilliger west by it keatsen, op de foarline, as karmaster, perkenlizzer, neam it mar op, Gerrit hat it dien. En ‘fan’ fan de Van Wierens. Gerrit is no 75 jier, sa fertelde hy. Hy wie in skoft fuort west, koe de wolken fan de blauwe loft net de baas en dus wie hy no wer bliid mei de blauwe kleur fan de loft yn syn libben. Want der binne wolken dy’t je net samar allinnich fansiden skowe.

Mei it keatsen is it krekt lykas yn it libben. Je moatte dreame dat je je eigen loften blau kleurje kinne of meie. En soks begjint faak mei in oar wat gunne. Lykas dy twa bern op de foto fan Henk. It jonkje gunt it famke in slikje fan de iisko en hat de tonge út de mûle, sa libbet hy mei har mei. De blauwe loft fan gunnen en meilibje mei de oar.