Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 155: Stil

Stil

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Lieuwe Bosch

‘Skjinne fjouwer’, ‘spul om’t earst’, ‘in bal skuorre’, ‘twa om ‘e neat’, dan witte je dat je mei twa leafhawwers te meitsjen ha dy’t it oer keatsen ha yn wurden fan in oare tiid. Leafhawwers op leeftiid dy’t djip suchte as der ynienen ien begjint mei it hantsje klappen om’t ien fan de twa partoer op spullen gelyk mei skjinne fjouwer efter stiet. Sucht sels ek djip mei, dus wat dat oanbelanget wenje ik ek in bytsje yn in oare tiid.

Paulus en Cobi Groenendijk binne de nammen en dan witte je dat se fan Penjum komme. De famkesnamme fan Cobi is Hilarides, ‘Mar wol de earme tak hear’, sa sei Cobi ea ris. Dus net fan de kant fan Lammert Skeltes Hilarides dy’t yn 1887, 1888 en 1889 kening fan de PC wie. It wie op de Freule yn Wommels gjin tafal dat dy namme foel.

Earder, flak nei de PC yn Wytmarsum, frege ien of it wol earder bard wie dat de soan fan in skiedsrjochter kening fan de PC wurden wie. Of wie it unyk dat Johny Bergsma as haadskiedsrjochter op de PC fan dit jier tagelyk de earste skiedsrjochter wie dy’t tsjûge wêze mocht fan it keningskip fan syn soan Marten. By dy fraach kaam fuortendaliks de namme fan Hilarides boppe driuwen. Paulus fertelde dat de heit fan Lammert Skeltes in kear yn in karos mei in hynder der foar op wei wie nei in PC doe’t hy hearde dat syn soan der al ôf wie. Doe hat hy it hynder keard en is fuort wer op hûs oangien. Dat is dus mar ien kear bard want Lammert Skeltes hat mar fjouwer kear oan de PC meidien.

Dus dy heit koe it net wêze. Sels wie Lammert Skeltes Hilarides skiedsrjochter op de PC fan 1919-1933. Yn dy tiid gjin Hilarides mear op de list, dus kinne wy oannimme dat it dit jier unyk wie mei Johny en Marten Bergsma. Dat in âld-kening fan de PC letter skiedsrjochter waard wie ek net unyk as je tinke oan Rinnie Kuiper dy’t letter ek noch skiedsrjochter op de PC wie. 

Oer PC sprutsen, moarn is Weidum foar guon foar ien dei it sintrum fan de keatswrâld want dan wurdt de Frouljus PC hâlden. In dei dat alle froulju hoopje dat de keats by de boppe lizze sil, hoopje op omlopen oerlibje om sa troch de poarte nei de finale te stappen. En fansels stikem hoopje dat dy keats in boppeslach wurdt, en yn it keatsen is der mar ien boppeslach en dat is de krânse om ‘e nekke ha oan de ein fan de PC-dei. Foar Manon Scheepstra de lêste kear. Acht kear hat sy de PC wûn, trije kear keninginne wurden. Dus dan ha wy it oer ien fan de grutsten.

Ek wat moed oanbelanget. Want Manon is der in jier út west om it noch gruttere feest fan ‘mem wurde’ te fieren. Yn 2022 ôfskie nimme mei winst op de PC, yn 2024 de moed ha om werom te kommen. Want der is moed foar nedich om nei in jier werom te kommen. Je kinne allinnich mar ferlieze as je de status fan Manon ha. Want je stappe net sa mar wer yn de krite en dogge de jas oan fan 2022. Sa wurket it net. En krytys op har sels as altiten, wie se net tefreden oer dat jier 2024. It soe har lêste jier wurde mar neffens eigen gefoel paste dat wat sy sjen liet net by in ôfskie dat kwa gefoel net by de keatsster Manon paste. 

Oer grutheden sprutsen, in kwart iuw lyn wie Afke Hijlkema de winner mei Géjanna Buma as opslagger en Riska Hazenberg yn it foarperk. By de manlju meitsje wy ús drok oer fjouwer kear efter elkoar kening fan de PC wurde. Afke helle yn 2000 har fjirde titel binnen en dêr bleau it net by. Fiif kear efter elkoar keninginne fan de Frouljus PC. De earste op har achttjinde yn 1997. Alve kear keninginne op de PC, kom dêr ris om. De lêste yn 2010, it jier dat Afke ophâlde.

Dêr wurde je stil fan. Stil wurde je ek fan it petear dat KNKB Media hie mei Afke. Har jonkje mei bal en pet avensearret op de eftergrûn mei in bal om, it symboal fan miskien in nij haadstik yn in keatslibben. Maat Géjanna dy’t bûten it keatsfjild om ek in freondinne wurden is. Har sykte, en dan: ‘De echte winst is dat wy elkoar noch altiten fêst hâlde, it keatsfjild hat plak makke foar in oar fjild.’

De stap fan it keatsfjild nei it libbensfjild is grut. De keninginne fan it keatsfjild is dan ek in balkearder wurden. Op it keatsfjild sette je de partij nei je hân, yn it echte libben meie je as balkearder bliid wêze dat je op it goede plak steane. Sipke Hiemstra wie ferline jier noch skiedsrjochter op de Keats-off yn Easterein. Dit jier noch in begeliedende skiedsrjochter op de Ald-Meiers Partij. No leit Sipke yn Grins, swier ferwûne nei in ûngemak by in ballonfeart, sa appte Leendert van Wieren my. Fan it iene momint op it oare binne je balkearder dy’t ôfhinkelik is fan de plannen fan de opslagger. Dêr wurde je noch folle stiller fan. Je kinne allinnich mar hoopje dat de stilte fan de nacht aansens wer feroarje mei yn in libben mei blommen lykas op de foto. Hoopje op in wisse bui fan de opslagger.