Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 154: 'Vluchtelementen'

‘Vluchtelementen’

Tekst: Rynk Bosma

Foto: Henk Bootsma

Seis as sân man op in rige dreamden fan de ‘vluchtelementen’ fan Epke Zonderland. Nuvere dreamen fansels op de dei fan de Freule yn Wommels. Se hienen in moai plak yn ‘e midden op de tribune mei in taffeltsje foar de kompjoeter. Prachtich regele fansels. Rjochts de minsken fan de Omrop, trije as fjouwer man/frou sterk. Links de radio mei it bekinde duo. 

Alles wie goed regele, litte wy dat foaropstelle. Je koenen de konsumpsjebonnen by de bestjoerstinte ophelje en je hoechden mei dy bonnen net yn de lange rijen te stean. Mar it is krekt keatsen, alles begjint pas mei de opslach. Dy opslach betsjutte foar dy seis as sân man besykje fan it plak te kommen op dy tribune yn ‘e midden. De earste letter fan it jiertal fan dy mannen wie of in 5, of in 6, of in 7. No dan witte je it wol.

Der wienen twa útgongen, ien ûnder it taffeltsje troch of ien oer de leuning fan it stuoltsje. Dy lêste wie allinnich handich as de rige achter de mannen leech wie. Sjoch dat je net mear de ‘vluchtelementen’ fan Epke dwaan kinne is ien ding. Dêr falt mei te libjen. Mar om no foar in folle tribune sjen te litten dat it linichste der ôf is, is de oare kant. Oan help fan útstutsen hannen gjin brek, mar it fielt wol as sitte je op in flot as ‘drenkeling’ midden op de oseaan mei allegearre helpende hannen om je oan board te hisen.

De oplossing leit yn ‘e buert fan it gongpaad. Gewoan oan beide kanten in twatal plakken. Miskien yn ‘e midden de Omrop want dy hoege dochs net fan it plak. Komt by dat dy sifers fan de jiertallen allegearre begjinne mei in 2, of in 3, of heechút in 4. Sa, genôch seurd, want it bliuwt fansels in foarrjocht om op de Freule te wêzen. Sjen nei keatsers dy’t it spul belibje as wie it it hiele libben. Neat gjin relativearjen en sa heart it ek as je dêr steane.

Seach nei it oergelokkige gesicht fan Pieter Miedema dy’t om ‘e nocht socht nei wurden dy’t pasten by syn gelok om de Freule te winnen. Want dy binne der net, krekt lykas Melle Talsma de wurden net fine koe foar it fertriet dat hy hie oer dat lêste earst. Sa’t hy it fjild ôfrûn, de holle ferside achter de te grutte klep fan syn pet. Gjin treast yn ‘e buert dy’t him helpe koe. Of wat te tinken fan de foto hjir boppe, ien sei ris dat ferlies mear ferhaal hat as winst.

Wat op in oar mêd wol holp wie Any, de lieder fan Stiens dy’t op de boppe siet. Ha earder oer him skreaun yn dizze rol doe’t syn eigen soan op it fjild stie. Any siet de hiele dei te lêzen, nee net yn it boek ‘Coach voor beginners’, mar hy lies de ferskillende partijen dy’t Stiens keatse moast om te winnen. Twa fingers omheech en dan in beweging fan ‘nei foarren komme’ meitsje. Dat betsjutte in opslagger mei gong dy’t net in bal op ‘e kwealine hie. Nee, Any gie ek net om de slach stean om wat te sizzen. 

Fan neat sizze nei wat sizze is mar in lytse stap. En dan is it noch mar in lyts eintsje nei te folle sizze. En dat te folle sizzen kin ek noch ferkeard opskreaun wurde, sa liet Gert-Anne ferline wike witte. It gie om de tekst ‘Spitich dat ik missloech want ik hie dy bal graach tsjin dyn rottige rotkop oan slein’. Nee net ‘rottige rotkop’mar ‘rjochting dyn kop’, sa korrizjearde Gert-Anne want Menno stie flak by de opslachline. Hy fûn dat hy ek yn de LC skea oprûn hie troch dy opmerkling te sitearen, en dêr sit wat yn. 

No is dit net it plak om skiedsrjochter te wêzen oer wat al as net sein is. Dus is it better net mear te skriuwen oer wat der op in fjild sein wurdt of net sein wurdt. Foar hilligen moatte je yn tsjerke wêze. Oer tsjerken sprutsen, oat noch al even kwyt dat de opmerking ‘Fan ‘e moarn earst nei tsjerke west?’ tsjin Johan eins gjin haatlike opmerking wie mar humor. It waard sein yn de partij tsjin Johan dy’t op dat stuit net oer gelok te kleien hie. En dan is it in hiel oare kontekst fansels.

Oer nei oare wurden mei gruttere gefolgen. Patrick hat twa wedstriden krigen en ik tink dat hy Henk no al belle hat. Dat is dus moai oplost, in skorsing oer in grutte partij hinne tille. Hiel oars as yn 1969. Yn febrewaris fan dit jier ferstoar Gerard van der Meer (1946-2025) fan Sint Anne. Yn oare tiden opslagger dy’t yn 1969 de Bond wûn mei Willem Hiemstra en Flip Soolsma foar KF St. Anne. Willem hat him betocht op ‘e site fan de keatsferiening. Kening yn Kimswert en Boalsert. 

Dus even in ‘vlucht’ yn ‘e tiid, it byld oproppe fan de opslagger Gerard. Sjoch him sa noch stean yn 1969, Flip joech lûd foar trije en leau my mar it wie net altiten like freonlik. Dat wie ek wol nedich want Willem wie net in prater en Gerard like hast in sfinks yn de betsjutting fan ‘mysterieus en stil’. De pet yn de eagen mei in flitsende opslach dy’t net in grutte oanloop nedich hie. Hast in bytsje lykas Reitse Mienstra.

Yn Marsum wie Gerard yn 1969 lotte by Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma. Mar Gerard kaam net opdaagjen en dat sûnder it witte te litten. Hy krige krekt lykas Patrick in skorsing, mar kwa tiid krekt even oars. Yn 1970 foel de Bond op 18 maaie en de skorsing fan fiif wedstriden waard in wike foar de Bond útsprutsen, gjin Bond dus foar Gerard. Net handich, sa fûn ek foarsitter I. Andringa fan Sint Anne. En ek doe oan ‘ophef’ yn de media gjin brek.

‘En boze tongen wilden beweren, dat dit opzettelijk voor vijf wedstrijden was geweest, om de Bildtkers te treffen’, sa stie yn de LC. Dochs stie Sint Anne wer yn de finale fan de Bond en wist it wer te winnen. Mar it roppen en razen fan de minsken op de perktribune wie sa ‘onsportief’ dat foarsitter Andringa út protest fuortgie.

Bylden fan in ‘vlucht’ yn ‘e tiid, hiel wat oars as dreame fan ‘vluchtelementen’. Mei as boadskip dat de tiid it keatsen in eigen foarm jout dy’t past by de tiid fan libjen. Sa sloech Willem yn it achterperk altiten mei de bleate hân út. De tiid hat it keatsen fan no in oare foarm jûn. En wa’t seit dat froeger alles better wie, dy dreamt fan de ‘vluchtelementen’ fan Epke. De tiid út it keatsen helje kin net, krekt like min as de mins út it keatsen helje. Mar de mins fan doe liket mear op de mins fan no dan as de tiid fan doe op de tiid fan no liket. In oare miening ha mei, krekt lykas dat je dreame meie fan de ‘vluchtelementen’ fan Epke.