Reebruine ogen
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
Yn it jier dat de PC-kening Wijtze Vlietstra fan 1955 yn 1956 wegere om allinnich yn de koets neist foarsitter Klaas Bijlsma te sitten, hienen de Selvera’s de hit Twee reebruine ogen. Dy ‘reebruine ogen’ yn in oar ferbân seagen op de PC Taeke fierder boppe slaan as earder yn dit jier. It ferhaal gie dat minsken op it terras fan Hotel De Doelen de helm op ha woenen. Om redenen fan feiligens want se wienen bang dat se in bal fan Taeke op de kop krije soenen.
No wie Taeke mei Hessel Postma de bêste foarynse fan de PC. Mar dy ‘reebruine ogen’ hienen Taeke dit jier noch net sa fier slaan sjoen as op de lêste PC. Yn de fyftich jier dat ik by it keatsen kom ha ik mar ien sjoen dy’t noch fierder slaan koe en dat wie Wiep van Wieren, offisjeel is it trouwes Wijbren. It like wol as waarden de ballen dy’t Wiep rekke as ientraps raket lansearre. Dy klommen achter de boppe noch sa folle dat je efkes oan in nije ‘maanlanding’ tochten.
Ha Piet Jetze Faber yn 1990 en 1991 op de PC sjoen, hy is fan 1955 dus rekkenje mar út. In sportman yn alles en dy’t ek altiten dwaande wie mei de want. Yn dy jierren 1990 en 1991 koe Piet noch wol boppe, mar ha him nea sa fier slaan sjoen as Taeke op dizze PC. Lies yn de prachtige PC-bylage Van Wad tot Stad dat Taeke syn eigen want makke hie. No ha ik gjin ferstân fan wanten, gelokkich mar, mar goed lústerje nei minsken heart by myn berop. Der wie ien dy’t it hie oer de ‘kinetische energie’ fan in keatsbal en dat komt út de natuurkunde. Net myn bêste fak op skoalle.
Mar dit waard my wol dúdlik. De snelheid fan in bal wurdt bepaald troch de hurdheid. Hoe hurder it opperflak, hoe minder ferlies fan kinetische energie en dus hoe fierder dy bal dan fuort fleant. En dêr woe ik it mar by litte want natuurkunde wie nea myn sterkste kant. Hiel oars as mei taal, want dan hoege je my net te freejen ‘Verstaat gij wat u leest of hoort’ sa’t dat yn de Bibel stiet.
Mar net altiten, sa die bliken. Gie yn Arum nei Patrick ta want dy fûn dat hy yn de lêste Balkearder al feroardiele wie ear’t de strafkommisje him der oer bûge soe. En dan ha wy it oer de reade kaart. Wie it net mei him iens en wat dogge je dan? Gewoan op ien ôfstappe, yn dit gefal Patrick. Woe him dúdlik meitsje dat de Balkearder net de miening fan de KNKB útdraagt, mar ûnôfhinklik fan it keatsbûn is.
Wie it foar in grut diel mei Patrick iens doe’t hy op syn Frjentsjerters sei: ‘De ophef die er over is, elke dag op de radio, een pagina in de krant. Het gaat helemaal nergens meer over, zo’n ophef.’ Syn beswier wie dat de KNKB troch de Balkearder te dielen op eigen site in statement fan skuldich ôfjoech. En dêr moast ik him gelyk yn jaan.
Moast de dwerse Patrick ek op in oar mêd gelyk jaan. En dat gie oer ekskuzes oanbiede oan Henk. Op syn Frjentsjerters: ‘Dat ga ik heus wel doen, maar niet nu. Want dan denken de mensen dat ik dat doe om strafvermindering te krijgen. Dat doe ik pas na de uitspraak over de straf.’ Soks falt Patrick te priizgjen, earlik en rjocht út, dêr hâld ik fan. Net der omhinne draaie of lige.
Want oer ligen sprutsen, efkes werom nei it Hearrenfean en myn ferhaal op dizze site: Ja, zo erkent Van der Bos, hij is wel iemand die in een partij zijn mondje roert. ‘Mar net wat gemiens, wat persoanliks. Want as se persoanlik tsjin my wurde, dan wurd ik ek persoanlik. Ik lit my net op ‘e kop skite. Mar wy ha dat al útpraat en dan is it klear wat my oanbelanget.’
Dit gie oer syn al byleine rúzje mei Rick yn Tsjom. Sjoch, ha gjin doel oer natuurkunde, mar wol oer taal. De tekst yn ‘e partij op de Rengers tsjin Johan Sipma ‘Fan ‘e moarn earst nei tsjerke west?’ kinne je noch ôfdwaan as grappich, mar is wol persoanlik fansels. Want al as net leauwe yn ‘e Bibel of al as net nei tsjerke gean is in persoanlike saak fan oertsjûging. Dat moat ien dy’t opgroeid is yn it fine Holwert dochs wol witte.
En hoe moatte je de tekst ‘Spitich dat ik missloech want ik hie dy bal graach tsjin dyn rottige rotkop oan slein’ yn Wytmarsum dan útlizze? Dy tekst krige Menno te hearren yn de finale yn Wytmarsum fan Gert-Anne. No sil ik net sizze dat Menno hillich is en hy lit him fêst ek net alles sizze. Krekt lykas Peter. En as sels in Peter nei Arum by de lotting fan de PC seit dat it der betiden op it persoanlike flak oan wei giet wat Gert-Anne der betiden útkreamt, dan sil it wol wier wêze.
Dan is it skelwurd ‘Bejaarde’ sa’t Rick sei yn Tsjom noch fatsoenlik te neamen, ek al sil ik Rick ek net yn it rygje fan hilligen sette. Yn Dokkum wie Rick op in ferkeard momint even it paad kwyt, bal fuortskoppe of goaie op in stân fan 4-3 en 2-0 is net bepaald in kritike stân te neamen. Dat Rick gjin kaart krige wie te tankjen oan skiedsrjochter Joop Dijkstra.
Mar de iene dei is de oare net want yn Wytmarsum sei Rick yn ‘e finale tsjin syn beide maten ‘Kalm bliuwe’. Moat dizze oarlochshannelingen op it fjild no allegearre op papier? Sa sil minsken sizze. Nee, eins net, mar neam yn dit ferbân mei opsetsin ek Rick om oan te jaan dat in ferhaal fertelle betsjut dat je dingen beneame fan beide partijen om it sa mar efkes te sizzen.
Want hoe grut de ôfskie nimmende keatsers Gert-Anne en Taeke ek binne, it like ferline wike hast elke dei wol keningsdei yn de kleuren oranje. Hie wedde mei myn buorman wa’t it winne soe. Heit Johny of de man fan de media yn it blau? Wa soe yn ‘e sprint it earst by winner Marten Bergsma wêze? Weddenskip gie net troch want de man yn it blau hie de gps ferkeard ôfsteld en kaam by Gert-Anne út. Dus Johny wie de winner, neffens ien fan it publyk yn Wytmarsum wie soks noch nea earder bard. De soan fan in skiedsrjochter dy’t kening waard.
Wit it, it leit allegearre hiel gefoelich yn de keatswrâld en dêrom mar even werom nei de Selvera’s en harren hit ‘Twee reebruine ogen’ dat giet oer in hert. Miskien is it ferfolch nei dizze Balkearder ek fan tapassing: ‘Die keken de jager aan’ klear om ôfsketten te wurden.
Fan de hit ‘Twee reebruine ogen’ fan 1956 nei it berneprogramma Okkie Trooy fan 1962 is yn tiid mar in lytse stap. Okkie Trooy wie in útfiner en kwa namme in fariant op ‘octrooi’. Dy útfiner hie mar ien útfining en dat wie in kofferke. As hy it kofferke iepen makke siet it fol mei krintepofkes. Makke in oar it iepen dan wie it leech, sa wie it ferhaal. Okkie Trooy waard Okkie Troai en dat wie de bynamme fan opslagger Gerrit Okkinga dy’t yn 1963 kening waard fan de PC.
De symbolyk fan in bysûndere opslagger. As in oar opsloech wie it neat bysûnders, in gewoane bal. As Gerrit opsloech sieten der krintepofkes yn. Sjoch nei de eagen fan Gerrit op de foto, ea mentor fan Tjisse, en dan witte je dat hy syn kofferke fol krintepofkes yn syn tinzen mei leafde oerdroegen hat oan de soan fan de broadsjebakker.