Fokus
Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
'De eerste krans? Noch nea bard, dit wie myn earste krâns dy’t ik ea yn ‘e haadklasse wûn ha. Ik ha ien kear yn in finale stien yn Huzum.’ Dat sei Paul sneon yn Makkum. Snap wol dat der altiten minsken binne dy’t fine dat it net kloppet sa as de reaksjes wiene op it ferslach op dizze site. Dat is diels myn skuld want de ferslachjouwer Klaas koe dit net witte. Yn ‘e einredaksje hie ik it der yn setten, mar wie fergetten de kontekst te jaan sa as dy wol yn it Friesch Dagblad stie. ‘En dan laten we de Bond even buiten beschouwing. Want die winst op de Bond van Dijkstra in 2022 en 2024 met Hans Wassenaar en Tjisse Steenstra voor OKK Bitgum valt in principe buiten het domein van alleen hoofdklas, hoewel het een van de vier blaadjes van het Klaver Vier is’, sa stie der by.
It is no op dizze site in bytsje oanpast, dus dat is ek wer út ‘e wei. Paul is krekt lykas Jorrit Nanninga in opslagger mei in opslachbeweging dy’t ôfmakke wurdt. Ek Johan Sipma is sa’n opslagger en soks is tige wichtich yn ferbân mei blessueres. In fysioterapeut hat yn it ferline ris útlein hoe min de opslachbeweging is foar de knibbels. Want dan is it ynienen ho, en dat komt op de knibbels oan.
In hiel oar ferhaal is opslagger Gert-Anne. Better is te sizzen it riedsel Gert-Anne. De grutte foarm oan de stuit fan him lit him fergelykje mei de Dama Bianca yn it libben fan de legendarise hurdfytser Fausto Coppi. De ‘Witte Dame’ wie de geheime leafde fan de troude Coppi en je wisten nea wannear sy by de einstreek tusken it publyk stie. Sa wie it mei de foarm fan Gert-Anne krekt sa op de Rengers, of yn Minnertsgea. Der binne guon dy’t it dan ha oer gjin fokus. Soks sa te ferklearjen is krekt lykas te sizzen ‘te let op bêd’ of ‘te lang yn it waar sjoen’. It komt eins del op alles goed prate sûnder doel oer it spultsje te ha.
Je gunne in opslagger lykas Gert_Anne in better ôfskie en dat fertsjinnet hy ek. As hy goed is, is der foar it publyk neat oan. Sa earlik moatte je wol wêze want hy hellet it keatsen út it spul. Dan is it ‘boem bats ho’ foar de minsken dy’t der nei sjogge. Mar dit jier is it krekt lykas de ‘Witte Dame’, je sjogge har te min. Te folle in tiidbom, je witte nea wannear hy ôfgiet en je witte ek nea hoe lang it duorret. Je soenen hast ferjitte dat Gert-Anne fjirde stiet yn it klassemint fan keningstitels. En dat binne der 78. Twa minder as Tjisse, fjouwer minder as Hotze en tsien minder as Chris.
Oerrinne fan Gert-Anne yn Minnertsgea op 5-4 en 6-6 en dan roppe ‘overlopen’ sa as Erwin van Wier die yn Minnertsgea. Yn de taal fan it gesach, it Nederlânsk. Dan is de wrâld te lyts fansels, wat der dan allegearre sein en roppen wurdt. Dat rôp sa fier dat se it der op it keatsfjild by de welpen noch oer hienen. Ha it net heard, wol it ek net hearre. Ha wolris mei Erwin praten, in man út ien stik, in man dy’t der fuort net oars fan wurdt.
Kwa reaksjes dochs hiel oars as op de PC fan 1991. Freegje Coos Veltman mar. Op 5-5 en 6-6 rôp karmaster De Haan ‘overlopen’ wylst Rinze Bleeker de bal al kwea slein hie…de skiednis hat it fêstlein yn it momint dat Piet Jetze dy karmaster oanfleane soe. In momint dat de ‘sêfte simmertwirre’ Piet Jetze eins gjin rjocht docht mar wol hiel begryplik is. En dan is it mar in lyts stapke fan karmaster De Haan nei skiedsrjochter Henk van der Zee.
Henk hat in jier frij naam nei wat der bard is yn Boalsert mei dy reade kaart. De soan fan PC-winner Dicky van der Zee is in gentleman yn de omgong dy’t as motto hat dat hy ‘minsken graach helpe wol’. Sûnt 1998 skiedsrjochter, mar te folle gentleman om te sizzen wat der yn Boalsert allegearre wol net tsjin him sein is. Earder wie Henk alris op ien of oare site ôfmakke en syn terjochte reaksje wie doe ‘Hienen wy dat net ûnderling útprate kinnen?’ Nee Henk, te nayf, te earlik en it scoort net.
Yn it fjoer fan it spul op it fjild de ferkearde dingen sizze is ien ding, kin gebeure. Mar dan giet it op de media ek noch los. Nee net rjochting Patrick, mar rjochting Henk. De helden op sokken, de ridders dy’t feilich achter eigen skerm mar roppe en raze meie wat se wolle.
As je grut binne op it fjild yn it misledigjen fan in oar, moatte je nei ôfrin ek sa grut wêze ekskuzes oan te bieden. En wat te tinken fan Jorn-Lars en Steven dy’t eins de grutste en echte slachtoffers binne. Je hoege gjin profeet te wêzen om te witten dat it partoer der nei de PC hiel oars útsjen sil. Tink dat alles nei de PC oer de kop giet.
Eins heart de fokus hjir net op sokke dingen te lizzen. Te lyts yn it gruttere gehiel. Want oer fokus sprutsen. Werom nei it keatsen yn Makkum. Nei ôfrin de fleurige en blide Paul dy’t syn ferhaal fan de earste krânse die. Seach KNKB-frijwilliger Henk Haar op in stuoltsje sitten, as in mins ferlern yn ‘e tiid. De ôflieding fan de fokus wie foarby, de foto foar it deiblêd makke sa’t ik him frege hie.
De fokus as ôflieding. Henk seach nei de beammen rûnom it fjild fan Makkum, mar seach yn syn tinzen de bylden fan de plysjebegraffenis fan syn dochter. Der wie gjin rein yn Makkum, mar wol triennen dy’t je net seagen. Henk mei in reinbui oan triennen yn ‘e holle, de rein dy’t nea wer ophâlde sil. De fokus fan foto’s meitsje by it keatsen as treast en ôflieding, spitich genôch foar Henk duorret soks oant de lêste slach. Keatsen as ôflieding foar wat nea wer fuort giet. De fokus fan de ôflieding as de koark dy’t je helpt driuwen te bliuwen op de see fan it libben.