Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 151: Yn 'e flecht

Yn ‘e flecht

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

‘Ik wie hjoed in stive ruter, ha je dat net sjoen?’ Nee dus, as in keatser him fielt as in stive ruter dan moatte je hast fysioterapy studeard ha. Litte wy it ha oer wat der al sjoen is. Litte wy it ha oer hoe’t it mooglik wie dat de ‘stive ruter’ Tjisse dochs mei de krânse om de nekke stie en ek noch kening waard. Snein yn Boalsert mei tolve partoer op ‘e list. Sei tsjin Lammert Leeuwen en syn Clara Houtsma hoe’t se it yn ‘e holle hellen om tolve partoer op ‘e list te ha. ‘Dat wilde de KNKB’, sa sei Lammert op syn Bildts. Oh… tsjin healwei sânen wie it dien en dan witte je dat je as lytse krante mei in betidere deadline úteinlik de priis betelje. Dat it ferhaal net wurdt sa’t it eins wurde moat mei wat mear tiid.

Hie mei Bert fan de LC in moai plakje by Lammert en Clara dy’t mei harren lêste jier dwaande binne foar KV Bolsward. As foarsitter en as penningmeester ha sy it trettjin jier lang dien en soks fertsjinnet in djippe bûging. ‘No moat in oar mar ris’, sa sei Clara. As je de prestaasjes fan de keatsklup op it Oordje fan dit jier besjogge dan hâlde Lammert en Clara op mei ferskillende hichtepunten fan de keatsklup. Foar de twadde kear it NK Jonges winne, de Jong Famme Partij winne en ek by de pupillen wienen der prizen foar de bern yn it shirt fan de pompeblêden.

In moai plak yn de bestjoerstinte, alle romte en Lammert en Clara hâlden it spul yn ‘e gaten. Yn de lytse dingen ek. Sieten de juste nûmers wol op ‘e tillegraaf as 6 tsjin 10 keatst. Lekker partijdich doe’t Yoram Elzinga in stik as sân ballen der oer hinne sloech, wêrfan trije op seis gelyk. Ballen fan Gert-Anne, dus doch dat mar even.

Oer wurk sprutsen, stel je sitte yn in kantoarke mei in man as fiif of seis mei de doar fan dat kantoar iepen. En dan begjint it ynienen te reinen en komme der sa’n fyftjin minsken dat kantoar yn om te skûljen. Je soenen dan sizze fan sa stil mooglik want der binne guon oan it wurk. Dan ha je dochs net de mûle yn beide hannen en oeral wat fan te sizzen? En as de minsken dy’t oan it wurk binne betsjinne wurde, dan ha je mei de beurs yn ‘e bûse dochs it fatsoen om nee te sizzen tsjin de te fatsoenlike betsjinning? Dan sitte je je dochs net fol te laden op kosten fan de feriening? It is gjin kafee wêr’t je samar yn en útrinne kinne. It is in romte foar minsken dy’t oan it wurk binne.

Want dy betsjinning is ornearre foar alle minsken dy’t wat dogge op sa’n keatsdei. Clara hie de tige lekkere gehaktballen sels makke, sa sei se. Dan ha je it der foar in kear wol foar oer om pas nei njoggenen thús te kommen. Je betelje de priis foar dy tolve partoer. Freonlike minsken mei geduld dy’t alles al opromme ha mar dochs wachtsje oant it ferhaal oan dy iene tafel klear wie. Dat hie flugger kinnen mar de koptelefoan lei in ein fierder yn ‘e auto. Dus dy opnames wienen net fan de telefoan ôf te lústerjen. Gjin moaie sitaten dus, alles út de holle. Minder tiid en in minder ferhaal.

Ysbrechtum hat in keatsferiening dy’t Yn ‘e Flecht neamd wurdt. Durk Talsma wie yn syn tiid ien fan de bêste boppespilers om’t hy de ballen altiten yn ‘e flecht naam. Dus net de risiko’s fan fjild en stuit nimme. Gerben liket yn alles in opfolger fan Durk. Alles yn ‘e flecht foar safier dat mooglik is. Fansels baalde Gerben dat hy it mei syn eigen partoer ferlern hie. Hy sei nei ôfrin: ‘Rick en ik fiele elkoar aardich oan, en mei Tjisse is it altiten aardich keatsen. Wy trene ek mei harren.’  

De lêste krânse fan Gerben wie ek mei Rick. Ferline jier yn Wytmarsum, sa wist hy noch en Steven wie de opslagger. Ien fan de moaiste aksjes fan Gerben wie tsjin it partoer fan Johan Sipma. It is dan 4-3 en 6-6 en Johan hie as opslagger it perk yn ‘e skjirre. Gerben falt yn ‘e bal dy’t links fan him kaam en sloech him diagonaal rjochts it perk yn. ‘Dy liet ik wat sakje’, sa sei hy letter, mar wol yn ‘e flecht. 

Dat momint wie ek de stân dat Tjisse nei de boppe rûn om de want fan Rick te heljen. ‘It rûn net mei my, te folle ballen lâns de ferkearde kant fan de kweapeal’, sa lei Tjisse út. In feroaring dy’t yn ‘e flecht naam waard mar dan yn in oare betsjutting fan yn ‘e flecht. In bal yn ‘e flecht pakke kin ek betsjutte op de hinnereis, gjin risiko, op wisheid farre. Want ‘Wy woenen Rick ek net ôfbaarne, freed yn ‘e finale, sneon yn ‘e finale.’ Dus stie Rick earst bûten it perk. It wikselmomint hie wat fan yn ‘e flecht, mei it hout oan ‘e telegraaf foar eagen wie de wiksel Rick-Tjisse moai op tiid.

Dat kinne je ek sizze fan dy twa kaarten dy’t by elkoar opteld in reade kaart opleveren foar Patrick. It yn ‘e flecht oanpakke want it giet betiden need op it fjild. Yn it Hearrenfean fertelde Gert-Anne dat hy it mei Rick útpraten hie en dan is it sân der oer. Dat jildt fansels net foar alle keatsers. It liket betiden wol de Frânske Revolúsje fan 1789 doe’t de Bastille bestoarme waard. En ferfang Bastille mar troch de frijwilligers op de linen. Dat wie freed sa en dat waard goed oplost troch skiedsrjochter Johny Bergsma.

Tink dat it probleem fan yntimidaasje op it fjild mei de reade kaart yn ‘e flecht troch Henk oanpakt is. In skiedsrjochter dy’t eins ek frijwilliger is en him net beledigje lit. Want it wurdt tiid dat de keatsers ris yn de eigen spegel sjogge. Want as in keatser by in fout krekt sa bestoarme waard troch syn beide maten as no de karmasters betiden bestoarme wurde, dan siet hy gau thús. Want as je gjin grins stelle fia in kaart, dan litte je de rjochting fan de bal oan de stuit en it fjild oer en dan witte je nea hokker kant de bal út giet.