Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 150: Henk

Henk

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

‘Nee hear, dit is random’, sa sei Noa sneon doe’t har frege waard of it mei opsetsin wie dat har neils himelsblau lakt wienen. Krekt wat ljochter as de kleur fan it blau fan de pompeblêden fan har shirt. De taal fan no, de taal fan de jongerein fan no. It koloanialisme fan it Ingels sûnder dat de brûkers der weet fan ha. Hearde in dei earder dat ien Omrop Fryslân oer nimme woe want der soe te folle Frysk praten wurde. En dat soe troch te folle minsken net ferstien wurde.

De koloanialen yn in nij pak. It Nederlâns as taal fan de oerhearsker dy’t der yn sechstich jier foar soarge hat dat der hast gjin Frysk jûn waard yn it ûnderwiis, wylst it neffens de wet wol ferplichte wie. Stap út auto yn Tsjom en it earste wat ik hear is Hollânsktalige bern. Want ek de sinten en de prizen fan de hûzen krije in koloaniaal tintsje.

Der is ien dy’t dêr gjin lêst fan hat, en dat is Henk Hempenius. Al generaasjes lang folger fan it frouljus keatsen. Dus Henk wit wêr’t hy it oer hat en hy hat no ek in poadium krigen hat as ferslachjouwer fan Omroep Zilt. Sneon yn Mantgum die hy ferslach fan de Jong Famme Partij. Mar hy prate wol by it oerlis Nederlâns mei de eindredakteur fan Zilt.

It moaie oan de ferslachjouwing fan Henk is dat it weardefrij is. Hy jout net in oardiel oer wat hy sjocht. Min keatsen of goed keatsen, je sille Henk der net oer hearre. Henk jout elk it kredyt fan de útslach en opslach, hy sil it net ha oer ferliezers yn in partoer en dat makket him bysûnder yn it wrâldsje fan it keatsen.

Weardefrij ferslach dwaan fan wat je sjogge op it keatsfjild. Dat is ek wat wurdich. Soe net witte mei wa Henk it hâldt by de froulju, mei hokker keatsster hy it hâldt. Wol foel op dat hy betiden yn it ferslach sei ‘Dat Noa de bal net goed rekke’ wylst dat just wol sa wie mar yn in oare betsjutting. In tuskenynse wêr’t Noa in grutte keats fan makke op hichte fan de opslach. Mar ek dat hie de bedoeling har rjocht te dwaan, en hilligen besteane allinnich yn de bibel.

Anne-Lyn Wijbenga is de masseur fan de KNKB. Sy wie yn Mantgum en yn 2004 wie sy de earste dy’t dizze partij wûn hat. Mei Hilda Tjepkema en Ingrid de Haan dy’t Anne-Lyn dy selde sneons noch op de app hie. Oars kin ek net, want de fan Ferwert kommende Ingrid wennet al jierren yn Austraalje.

Hie wol in bytsje spyt dat ik net yn Dokkum wie doe’t ik hearde dat de finale fan it NK Pupillen tusken KV Oostergo fan Dokkum en KV De Kletsers fan Hantum gie. Want it is krekt as mei de Fryske taal: je moatte yn eare hâlde wêr’t je weikomme en foar it gemak rekkenje wy de Dokkumer Wâlden der mar efkes by. Wie wol wat yn ‘e war mei it ferhaal dat de namme fan de keatsklup fan Hantum DTL wie. Dat is de kuorbalklup, mar dy namme De Tinnen Leppel is sa moai fanwege it ferhaal achter dy namme.

Der wie ea in kroech op Hantumerútbuorren en de kastlein soe in keatswedstriid organisearje mei sulveren leppels as haadpriis. In ‘lokkerke’ want úteinlik wienen it tinnen leppels wêr’t it sulver oerhinne flein wie. Sa waard my ferteld. By de priiswinners siet in Jasper Dijkstra en op de foto seach ik in grutske pake Sape Dijkstra. En dy komt wol fan Damwâld. Dus…

Gjin Harns, gjin Johan Okkinga dus op snein. Sa’t ik yn ‘e war wie mei de nammen fan de keatsklup fan Hantum, sa helle it ferhaal fan ús Bouke ek twa dingen troch elkoar. Mar miskyn ek net, tink dat Bouke de opdracht krigen hat wat te dwaan oer de ‘wederopstanding’ fan KV Eendracht yn Harns. Dus gie it ferhaal fan de formaasjepartij oer de ‘wederopstanding’ fan KV Eendracht mei Johan Okkinga as nije foarsitter en dat besloech trije kwart fan it ferhaal. In eftergrûnferhaal dy’t mar in bytsje oer it keatsen sels fertelde. It is de sjoernalistyk fan tsjintwurdich, it ferhaal út in sportwedstriid helje.

Mar ik folgje yn dizzen it foarbyld fan Henk, je litte it oer je hinne komme sûnder der in eigen miening oer te jaan. Of ha ik dat krekt al dien? Dan by fersin miskyn. Kaam yn Mantgum ek noch Jorn-Lars tsjin en hy makke de grap of ik ek domme fragen oan Noa steld hie. Bin der net wis fan of der koweblomkes groeie tusken dy twa, dus dêr sil ik net oer skriuwe. Wit wol dat ik Jorn-Lars frege oft hy ek in kursus interviewen joech. En hy sei: ‘Ja kom nei ôfrin op 30 july mar even del….’ En dan wit elk dat hy bedoelt dat hy dan foar de koepeltinte stiet. Op hokker rige hat hy der net by sein…

En sa binne wy dochs by de PC terjochte kaam, oer trije wike al wer. Wol moai dat Bouke it efkes neamde dat Taeke al yn 2001 yn ‘e finale stie fan dy PC mei Johan Okkinga en Sake Porte. Dat wie ek myn earste PC as sjoernalist foar de Franeker Courant. Sis der fuort by dat de prestaasje fan Taeke folle kearen grutter is dat hy der noch altiten by is. 

Mar wat in oare tiid kwa wurk, folle dreger. Siep Braaksma die it ferslach fan de wedstriid mei in analitysk each want Siep hie doel oer it spultsje. Hy skreaun it per omloop oerdeis en dat moast jûns op de pagina fan de Franeker Courant dy’t in dei letter útkaam. No allinnich noch skriuwe, doe pagina’s mei foto’s fan Gert Gort opmeitsje. En sels noch teksten skriuwe want ik kaam altiten op de resepsje fan de PC. 

Dy earste PC yn 2001 begûn op woansdei om 07.00 oere. Yn ‘e auto nei de Koornbeurs. Om 07.00 tongersdeitemoarn yn de auto nei hûs. Net de 24 oeren fan Le Mans, mar fan de PC fan Frjentsjer. Like folle oeren as Taeke PC’s keatst hat: 24. Taeke stie foar it earst yn 2000 op ‘e PC mei René Janse as opslagger en Henk Vlietstra foaryn. Hy waard pas yn desimber fan dat jier 18 jier.

Om’t der yn 2020 gjin PC wie, is it dit jier de 25ste PC foar Taeke. Krekt like folle as Taede hie tusken 1918 en 1942. Yn jierren ien mear as dy 24 oeren. Wat tal jierren oanbelanget is Henk fan de bûtenkategory. It oare jier wurdt it 35 jier dat Henk by it frouljuskeatsen sit. De tiid fongen yn in fles mei it etiket ‘keatsleafde’ derop.