Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 149: Lêze

Lêze

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

‘Sponsert Joop jim noch?’, sa sei Gabe-Jan yn Tsjom doe’t skiedsrjochter Joop Dijkstra bepaalde dat dy bal yn it tuskenspul mei de twadde stuit wie. It sloech op de rol dy’t Joop yn it ferline hie by Puur Passie. Mar tsjintwurdich is dat it haadstik ‘Das war einmal’. It wie foar it earst dat Joop skiedsrjochter wie op de haadklasse sa waard my ferteld en lit ik fuort mar mei de doar yn hûs falle: fyn Joop in topskiedsrjochter en dat hat alles te meitsjen mei syn dúdlikheid yn it fjild.

Dúdlikheid en Doarre mei in haadletter, je soenen der hast in slogan fan meitsje: ‘Dijkstra Doart Dúdlik’ en dat is wat wurdich. It is al sa spitich dat Hendrik Tolsma ophâlden is, dus wy binne bliid mei Joop dy’t ea de Lytse PC fan Mantgum wûn mei Jan Hilleger fan Ikkerwâld. En dan jout it neat as je betiden der neist sitte kinne wat yn it gefal fan Joop net it gefal wie, teminsten ha it net sjoen. 

In bal yn Tsjom oer de boppe: kwea of boppe. De man op ‘e boppe joech him kwea, Joop joech him boppe. En dêr wie wat foar te sizzen want de jongeman op ‘e boppe hie syn maten om him hinne en der mankearde neat oan it transport fan dy giele ridders. Bin it diels eins wol iens mei Reinder dat dit net kin. En dan bedoelt hy fansels net dat drinken fan bier, mar it is net in gelokkige kombinaasje as je yn funksje binne mei de sinne rjocht yn de eagen.

Keatsen yn Tsjom, ea it ‘bedevaartsoord’ fan de CFK. Wat in plaatsje fan in doarp sa rûnom dy tsjerke mei de spitse toer. Wat dat oanbelanget wie it sneon en snein keatse yn it skaad fan de spitse tuorren. Want krekt lykas yn Tsjom, hat Holwert ek sa’n tsjerke mei in spitse toer. ‘Hee Skepie, ouwe gouddelver!’ sa rôp myn buorman yn Holwert nei Patrick doe’t hy frege waard foar Pieter-Jan Leijenaar yn Holwert. As je nei it tal earste prizen fan ‘Skepie’ sjogge, dan is ‘gouddelver’ wat oerdreaun, mar der is neat mis mei wat ‘satire’.

Hy woe dêr mei sizze dat Patrick mazzel hie dat hy foar de heale finale frege wie by it partoer fan Marten. Tink dat it yn Holwert krekt oarsom wie, dat it in mazzel wie foar Hessel en Marten dat sy de bêste achterynse fan de dei freegje koenen. Patrick gie der earder op ‘e dei ôf tsjin syn lettere maten en dat wie net ‘onvermijdelijk’ om it sa mar efkes te sizzen. Litte wy yn dit gefal it prachtige tegeltsje dat ik fan Ludwig Seerden krige ha op de Jong Nederlân der even by pakke.

Even foar it geheugen, op dat tegeltsje stie: In partij lêze betsjut tichter by de krânse wêze’. Patrick slacht yn Holwert op twa spul gelyk en seis gelyk de bal werom yn it perk. Dan steane de mannen yn it grien mei 5-4 foar. Op 4-4 slacht Patrick syn seisde bal boppe, 6-4. It wurdt seis gelyk en dan mist Steven it perk. Ien sei: ‘Wêrom net Patrick opslaan litte op 6-6 want Steven hie der al trije kear op seis gelyk ien bûten.’ En dan der op fiif earsten gelyk dochs noch ôf. 

Patrick yn it grien, dan tinke je al gau oan Saint Patrick, de hillige fan Ierlân. Dat ha de hegere machten boppe Holwert ek tocht want Patrick mocht noch in kear en pakte syn earste krânse yn it tiidrek fan dûbel tweintich. No kinne je in soad fan Patrick sizze, mar in hillige is hy net. Op de wrâld kaam op 20 maart 1991, no 34 jier, mar hy hâldt mar dat jongeseftige, de tiid liket gjin grip op him te ha. En it wie him yn Holwert gund, ek al koenen syn twa soantsjes it net sjen want dy wienen der net: ‘De kermis was te klein’.

En mei stjoeren binne wy werom by it tegeltsje en werom by it lêzen fan in partij. Dizze kear yn Tsjom. En Henk Vlietstra hie it tegeltsje neist him lizzen. Hy kaam yn de heale finale tsjin it partoer fan Johan Sipma op it idee om fan it perk Triemstra-Zijlstra in ‘mobiele brigade’ te meitsjen. Dus Taeke yn it achterperk by de opslach fan Hendrik. Dat neame wy in partij lêze. Want Henk sei dat Erwin der yn it achterperk yn omkomme soe. En Henk moast ek mar fuort it boadskip oerbringe, mear ôfstân fan it partoer. Dat koe syn freon Reinder fansels net dwaan. Reinder sil thús yn syn hok wol oan Taeke fertelle wat der oan mankearde en wat better koe. Mar Taeke kin him dan ek wolris stil krije mei de opmerking ‘Hoefolle punten hat hait eins?’ 

Oer ‘lêzen’ yn in oare betsjutting sprutsen, it is gjin ferplichting dat by de wet fêstlein is dat de twa Fryske kranten elke moandei omtinken jouwe oan it keatsen. Dus as Henk de fotograaf de twa siden fan it FD  toant, soenen je sizze fan: moai dat omtinken. En net roppe dat der neat oer de dames ynstiet want dan is it glês altiten heal fol. Komt by dat de LC op de selde dei al útpakt hie mei in grut ferhaal oer de dames. Of roppe je dan wer dat dêr dan neat oer Holwert ynstie?

En wat dogge je sels as lêzer om te soargjen dat dy beide kranten de holle boppe wetter hâlde kinne? Want it is bekend dat it swiere tiden binne foar de kranten en sjoch yn eigen doarp al jierren minsken mei de kranten nei de buorman fytsen, de LC der hinne, it FD mei werom. Minsken dy’t wol tsien kranten op in dei keapje kinne. 

As je wolle is it glês altiten heal leech. Wat dat oanbelanget, kinne je in foarbyld nimme oan de keatsers yn Tsjom. Dy glêzen binne altiten fol, miskien al wer tiid foar in nije spreuk: ‘Mei folle glêzen is it min lêzen’