Balkearder 148 - Panielen
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Anne Waterlander (x-lent.nl)
It keatslibben yn byld bringe yn panielen, dan witte je as keatser sels wol hoe’t sa’n skilderij op sa’n paniel der útsjocht. Je hoege dan net te wachtsjen op in doarpsomropper dy’t lykas ea op de Bond mei in bel troch de strjitten fan it grutte keatsdoarp rint en de partoeren foar wer in nije omloop opropt. Op de Bond waarden dan de partoeren oproppen op it fjild te kommen. De doarpsomropper fan no soe fertelle kinne oer de ‘Schuivende Panelen’, sa’t in rapport fan de PvdA yn 1986 hiet. In nije tiid waard oankundige. Mar in nije tiid oankundigje is ien ding, in nije tiid sjen is hiel wat oars.
Mei panielen wurdt yn dit ferbân net de foarkant fan in kast bedoeld, mar skilderijen op houten panielen dy’t it libben fêstleinen. Dit efkes foar wa’t net eltse wike nei in museum giet. De measte keatsers mei de widze yn dy tachtiger jierren ha dat lêste paniel fan harren keatslibben al lang op de souder stean. It paniel fan de generaasje dy’t stadich fuort skood wurdt troch in nije generaasje. De ien hat wat langer op it fjild stien as de oar, mar der komt in momint dat it paniel efter de gerdinen ferdwynt. Sa as alles yn it libben, se moatte plak meitsje foar in nije generaasje.
It is fansels silen mei de wyn yn ‘e rêch, in bytsje oan de goedkeape kant dus, om no te sizzen dat je al tocht hienen dat Johan Sipma sa maklik de stap meitsje soe nei de top. Omgean mei de druk fan winne meie, nei winne moatte. Bin wol sa earlik te sizzen dat ik tocht ha: ‘ik moat it noch sjen’. En dat hie alles te krijen mei it ferline fan Johan op de Freule. Pas de fyfde kear slagge it, alle oare kearen op fiif earsten gelyk de ballen bûten donderje om’t de druk te grut wie.
Der moast in ‘ervaringsdeskundige’ as Tamme Visser fan Eanjum oan te pas komme om it klokje nei Moarre-Ljussens te heljen. Tamme is de soan fan Jan Visser fan Eanjum en it ferhaal woe dat Jan sa goed wie by de CFK dat elk tsjin him sei ‘Do moast nei de KNKB’. Mar Jan woe net. As heit miskien slagge, as coach fan soan Tamme net. ‘Kaam in kear mei in twadde priis thús, it iennige wat hy sei wie: ‘In twadde priis telt net’.’
Betiden docht de snelle opkomst fan Johan ek tinken oan opslagger Jarich van der Veen. Jarich siet as achterynse mei in geweldige platte bal oant de PC fan 1970 net yn de toppartoeren. Makke syn debút op ‘e PC al yn 1966, in hiel ferskil mei Johan dus kwa leeftiid. Jarich stie op dy PC fan 1970 yn de heale finale mei de maten Daan Scheepstra en Jan Westerlaan. It hie tsjin Johan van Seijst, Johannes Westra en Hidde Sijpersma mear wêze kinnen as it spul dat se krigen. Mar Jan Westerlaan wie ferbline troch ‘hiërarchie’ en wist de partij net goed te lêzen want hy woe syn te lichte opslach net oerjaan.
Fjouwer dagen letter wie Jarich kening yn Wytmarsum. Gerrit de Jong en Reitse Mienstra hienen it ferline mei Rienk de Groot ynruile foar de takomst dy’t Jarich hiet. Sa fluch kin it gean dus, in jier letter wûnen se de PC. Ek dy oare Johan út de omkriten fan Dokkum begûn op de PC yn 2002 krekt as Jarich achter yn it perk, 18 jier âld. En dan ha wy it oer Johan van der Meulen fansels, twa jier jonger as Taeke. In jier letter stie hy as opslagger op de PC mei Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra.
Yn it ramt fan skowende panielen hienen grutte talinten as Johan van der Meulen of in Auke van der Graaf - beide berne yn de jierren tachtich fan de foarige iuw – it lêste keatspaniel al betiid op souder stean. Auke wie noch gjin 30 doe’t hy yn 2008 ophâlde, Johan wie in pear jier foarby de tritich yn 2016.
De panielen fan in nije tiid mei in nije generaasje wie ferline jier al te sjen. Se krûpe út it skaad fan de keats iken dy’t jierrenlang mei de measte krânsen nei hûs ta gienen. ‘Er staat geen maat op het partuur van Johan Sipma’, sa skreau sjoernalist Bert Kalteren moandei yn de krante. De panielen fan de maaitiid tusken de koweblommen skowe it lêste paniel fan Taeke en Gert-Anne foarsichtich achter de gerdinen. De ferve fertoant barstjes, mar it is ek in paniel fan twa fan de grutste keatsmonuminten dy’t fjochtsje tsjin de draak Tiid mei in haadletter.
Dy Tiid mei in haadletter yn in oare betsjutting krige Johannes van der Ploeg net mear fan it echte libben doe’t hy op 28 maaie it berjochtsje stjoerde fia de app: ‘Kin der spitigernôch efkes net by wêze, mar wat docht it sear net ûnder keatsfreonen wêze te kinnen.’ It lêste paniel fan it libben fan Johannes, dy’t letter op dizze site betocht wurde sil. Dochs hjir in pear panielen út it keatslibben fan Johannes.
It earste paniel toant him yn it achterperk en op de boppe yn de kleuren fan KV Winsum dat doe de Bond yn 1973 wûn. Foar him stiet Hendrikus (Rikus) Kramer en Gerrit Fokkens wie de opslagger. It selde partoer wûn dat jier in fjirde priis op ‘e PC. It twadde paniel fertelt it ferhaal fan de Bond fan 1977. Wer dy Bond winne, achteryn, yn de kleuren fan Jan Bogtstra fan Frjentsjer mei Jan van der Molen foar him en Tjisse Wallendal oan de opslach. En wer in fjirde priis op de PC, mei Jan van der Molen en opslagger Jan Vaas.
It tredde paniel toant Johannes as ‘spreekstalmeester’ fan de PC yn de koepeltinte, mikrofoan yn ‘e hân en dat 35 jier lang fanôf 1987. Allegearre ûnderdielen út it libben fan Johannes dy’t op in paniel fêstlein binne. Der is gjin paniel fan Johannes as karmaster achter de perken, fan him as de frijwilliger dy’t banken, kweapeallen en linen oprêde, dy’t nûmerkes plakte op de banken fan de PC. Litte wy dêrom Johannes yn it lêste paniel fan de ivichheid noch ien kear betinke mei ierdbeien mei sljachrjemme en in stikje sûkerbôle fan Sipke Steenstra. De doarpsomropper hoecht net mear troch it doarp want der binne gjin omlopen mear foar Johannes. It docht sear Johannes net mear ûnder de keatsfreonen te ha.