Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 147 - Grut

Finale

Grut

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

As je mei in kiker werom sjogge nei it ferline, dan like alles eins folle grutter yn je holle dan yn it echt. Johannes van der Meij, Minne Hovenga en alle oaren fan dy generaasje, allegearre wisten de mannen it paad neist de notaristún wol te finen. It paad fan it keatsfjild fan Hâld Moed nei de ferklaaiersromte. Binnentroch nei de giele ridders mei de wite helmen dy’t stienen te wachtsjen yn ‘Het Wapen Van Baarderadeel’, ien fan de moaiste kroegen fan Fryslân. Net allinnich de keatsers fan doe liken grutter, ek it keatsfjild like folle grutter krekt as de hûzen achter de sleat.

Eins is it fjild noch like moai as doe, mar net grut genôch om twa keatsfjilden op kwyt te kinnen. Ferline jier waard op de boppeseal fan Het Wapen Van Baarderadeel ferteld hoe wichtich it doarp Jorwert wie foar it frouljuskeatsen. Geert Mak hie doe God al it doarp útjage en dus hie it doarp romte foar eigen goaden of goadinnen. Want op dat fjildsje sloech in Afke Hijlkema boartsjende wize har earste ballen as sy útfanhûs wie by pake en beppe Hijlkema.

Dit jier dus it plak foar it NK Dames en om’t der gjin twa fjilden pasten op it keatsfjild fan Jorwert duorre it hast sa lang dat je yn oare tiden, de njoggentjinde iuw, wachtsje koenen op de minsken dy’t yn de grutte stêd dan jûns de strjitlampen oanstutsen om’t it donker waard. It wie in bytsje Jorwert yn ‘e rein en dan duorret alles no ien kear folle langer. Foar it wurk wie it de ‘driedaagse veldtocht’, de Jong Nederland, it NK Dames en de Bond.

Wat opfoel wie dat it sicht fan Jacob in stik better wie as it sicht fan Marrit in dei earder. Beide ‘herintreders’ dy’t kwa leeftiid hiel wat skille. Marrit docht sa no en dan allinnich noch op ôfdielingswedstriden mei foar LKC Ljouwert. Miskien kaam it wol troch it wiete waar. Keatsen is eins krekt lykas it ûnderhâlden fan in tún. Dogge je neat dan is it gau by je wei. Dan wurdt it ferskil tusken wat je wolle en kinne grut.

Moast pinkstermoandei op de Bond fansels fuort tinke oan de Bond fan 1975, fyftich jier lyn dus. In ôfstân grut yn tiid en grut yn oerienkomsten mei in haadrol foar de regleminten. Us dappere Yoram fan Boalsert. Hy hie sneons ek al hiel wat ôfbealige op de Jong Nederland en wie woansdei in wike lyn ek al warber op in partij foar junioaren. Op pinkstermoandei rekke hy blesseard, broer Silvan ynfalle, mocht net. Silvan hie al meidien foar Boalsert 2. Seisbierrum ferlear dy partij mar mocht op ‘e nij op 4-3 tsjin Boalsert. Thomas van Zuiden belle en sa waard it in nije kâns foar Pieter van der Schoot en syn maten.

Goed oplost, mar Boalsert wûn op ‘e nij. Fansels hearre je dan dat Lammert Leeuwen fan Boalsert better witte moatten hie. Oars altiten fan alles en noch wat te fertellen oer regleminten, en no sei hy neat. Moat Lammert dan sels it mes yn ‘e rêch fan eigen partoer stekke? In leafhawwer dy’t der sneons mei frou ek al de hiele dei wie en Boalsert die it doe ek boppe ferwachting.

Fanwege de drokte der om hinne klapten de minsken op it Sjûkelân nei ôfrin fan de partij dy’t op 4-3 wer begûn. En dat wie no ek wer oerdreaun. Ha altiten in swak hân foar Pieter, no ek. It ferhaal wol dat hy earder nei ôfrin wat yn de war wie. Hy helle it âlde stadion fan SC Cambuur en de klaaikeamer wat troch elkoar hinne. Hy tocht dat dy klaaikeamer yn it âlde Cambuurstadion siet en dat se fergetten wienen om dy ôf te brekken. Dus wie hy alfêst begûn, net goed te praten fansels, mar Pieter hie wol erfaring mei dat ôfbrekken. Tink mar oan dy Jong Nederlân partij fan jierren lyn. 

Pieter hie ien prachtige sitbal yn it achterperk, mar fierder der wol in stik as sân bûten. Dus wie it no klappe foar bûtenslaggen of wie it klappen foar de ‘herkansing?’ Litte wy it mar op humor yn de sport hâlde dy’t betiden nuvere foarmen hat. In swak foar Pieter dus dy’t nei ôfrin sa grut wie de minsken tank te sizzen foar de ‘herkansing’ en syn ekskuzes oan te bieden foar de klaaikeamer.

Want Pieter wit him fansels wol te ferkeapjen, better as it partoer fan Dronryp op sneon en moandei. Yn de betsjutting fan presentaasje. Foar de finale steane de twa finalisten op sneon en moandei op in rygje mei blokjerinners en de skiedsrjochter. Tocht sneons al fan wêrom seit net ien tsjin Dronryp dat sy dy oranje treningsjekjes even foar de foto út dogge. De klupkleuren fan VvV Sjirk de Wal binne dochs net oranje? Komt by dat it in foarm fan presintearjen is. Je fertsjintwurdigje de feriening en dat dogge je yn it shirt fan dy feriening, grien-oranje dus. 

Twa dagen letter op de Bond, neat leard dus, wer yn dat oranje treningsjek. De fuotballers krije spitigernôch mediatrening, dan leare se hoe se mei in soad wurden neat sizze. Moat der no aansens ek in presintaasjetrening komme foar keatsers? Mei as earste regel treningsjek út foar de foto foar in finale.

Diels eamelje oer úterlikheden is dit. Tocht tidens de Bond even werom oan Fiera de Vries op himelfeartsdei yn Dronryp. ‘Heb de bal aan gehad’ rôp sy yn it foarperk wylst dy bal noch net útrolle wie want Anna Ennema sloech de bal wol út. Tink net dat oars in soad dit sjoen hienen. Fan Fiera nei wer Jacob, it is hast Sint Jacob, allinnich in telefoantsje nei de Paus ûntbrekt noch. En as je dan dochs oan it beljen binne, belje dan as haadklasser ek mar Jorrit Nanninga. Sneon de bêste opslagger fan de dei.

De hillige Jacob hie pas echt hillich west as hy twa kear sein hie: ‘de bal is yn’. No rôp hy mar hurd ‘voor’ om’t hy dy bal net koe, en elke hillige hat syn folgelingen. Yn dit gefal twa kear de man op de foarline. Mar dizze kear hienen fiif man op rige, ek noch wat heger sittend de bal twa kear yn sjoen. Pas ferfelend as it in ‘dramatische wending’ yn de partij west wie. No net want Marten wie sa grut oan de opslach dat der gjin inkele maat wie. En dêr ha je dizze kear gjin kiker by nedich.