Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 146 - Sprekwurden

Balkearder 146 - Sprekwurden

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

Sprekwurden

‘Seker net mear wend om te winnen?’ De fraach om nei ôfrin fan in partij in bytsje te kiteljen. De fraach wie foar Rick Minnesma nei ôfrin yn Dronryp. Hy wie nei ôfrin nearne te finen. No is Rick net ien dy’t dan net syn antwurd klear hat: ‘Nou ga maar eens een slag om het veld om te zien wat ik gewonnen heb’. Mei wol oer soks, en dat sloech fansels op de foto’s rûnom it fjild fan de suksessen fan Sjirk de Wal op ôfdielingspartijen.

Altiten tarieden wêze op in fraach is krekt as altiten tarieden wêze op wer in keatspartij. Je binne betiden ôfhinklik fan it waar, mar fierder wolle je net ôfhinklik fan wat dan ek wêze. Dat betsjut dus al jierren bepakt wêze as geane je op in skoallereiske. Bôle mei, drinken mei, net ôfhinklik wêze fan in feriening. Dan ha je ek neat te seuren. Diel dy eigenskip mei Hijlko Broersma fan de Omrop.

Mar nei seis wiken ûnderweis ha je ien ding net foar it sizzen. Foar in goed plak binne je ôfhinklik fan wat der noch beskikber is as je wat letter komme. Je kinne sizze: dan moatst mar wat betider dy kant út, mar dat is in eigen wurkwize. En sa lang je mei ús Klaas fan de site noch yn de top twa steane fan minsken dy’t it meast skreaun ha oer it keatsen dit jier ha je ek rjocht fan praten.

Dan wolle je net, om mar wat te neamen, dat der yn Weidum noch krekt in plakje oer is op de stoel fan in bestjoerslid fanwege allerhande minsken dy’t der eins neat te sykjen ha. Teminsten neat skriuwe oer it keatsen. Dan wolle je net sa as letter op guon partijen heal tsjin in seildoek oan sjen en sa mar de helte fan it keatsfjild sjen kinne. In ‘perstent’ is ornearre foar minsken dy’t wat produsearre moatte, oan it wurk biinne dus. Dat kin foar in radio, site of krante wêze. Alle oaren kinne genôch plak fine rûnom it fjild. Mar as je dan dochs sa’n ‘perstent’ ynrjochtsje, prebearje dan ek even út of alle fiif of seis minsken dy’t der sitte moatte it hiele fjild sjen kinne, de telegraaf der by ynbegrepen. 

Sa, genôch seurd, of dochs noch even troch seure oer de goaden fan it waar dy’t yn Dronryp wol tige oan it diskriminearjen wiene. Doe’t de dames op himelfeartsdei yn Dronryp wiene, wie it gjin waar. Wyn en rein stienen ferkeard, der wie noch ien mei in dweil dwaande om alles wer droech te krijen. Gjin sinne te sjen, en je tochten efkes werom oan it sprekwurd ‘Sinne en wille kinne in soad tille’. Dat wie alhiel fan tapassing op dy tongersdei. Moai sprekwurd dochs, mar wol fout, sa sei ien tsjin my tusken twa buien troch. It moat wêze ‘Sin en wille kinne folle tille’, wer wat leard. Ek al fûn ik sinne op dy himelfeartsdei dochs wat tapasliker. Mar ja rigels binne rigels of is it no regels binne regels? Hear it oare wike wol.

Foar keatsballen binne gjin regels, sa fertelde Johannes van der Meij my. Honkbalpet op, yn in skootmobyl, en sjoen syn sykte draagt hy al jierren it sprekwurd ‘Sin en wille kinne folle tille’ út. Johannes is de soan fan Ele van der Meij en wie as keatser in grut talint yn it achterperk. Hy fersloech syn skouder en waard opslagger. In krachtpatser oan de stuit, hoe swierder de bal hoe leaver hy it hie. 

De striid om de bal, gjin sulveren bal, mar gewoan de striid om in swiere of lichte bal. ,,Tsjin de Van Wierens op de PC hienen wy in swiere bal dy’t my krekt paste. Mar Klaas (van Wieren) besocht dy bal de weareld út te slaan sadat der in nije bal komme moast. Klaas en Wiep hienen belang by in lichte bal, dy paste Sjouke de Boer mar ek Wiep better mei dy hege ballen achteryn.’’ Fansels hie Johannes it allinnich oer foarnammen, mar om’t it sa lang lyn is dochs even de achternammen der by.

Dy ballen fan doe wienen lang sa goed net as dy fan no. It ferhaal gie dat Hotze de neil fan syn tûme nea knipte want as in bal him net oanstie by it opslaan dan makke hy dy bal stikem mei de tûme stikken. Dat wie ek in bytsje de reden fan de rúzje tusken Hotze en Tinus Santema yn de PC-finale fan 1965. 

Kwa opslaan soenen je Van der Meij in bytsje fergelykje kinne mei Marten, de man yn foarm op himelfeartsdei neffens Klaas. Dat fûn maat Hessel ek, hy sei dat de bal boppe slaan moai is, mar betiden ha je mei sa’n opslach mear oan in keats. Om de preemje of neat yn Dronryp hie net elk it ynsjoch fan Hessel. Om ‘e preemje of neat yn ‘e twadde omloop tusken it partoer fan Marten, Hessel en Evert-Pieter. Tsjin Gert-Anne, Hans en Taeke.

Marten op 5-4 en 6-6 bal bûten. Kin gebeure, lêste earst dus en dat is altiten in bytsje ‘Russische roulette’. Twa sitballen Marten, dan binne je der wer soest sizze: 4-0. De tredde opslachbal fan Marten wurdt in lytse keats fan Taeke. Dat binne op papier hast seis punten. Hast, want mei Gert-Anne witte je it nea. Ek dit kear net. In sitbal fan Gert-Anne, mar wichtiger noch in sitbal fan Hans der efteroan: fan 4-2 nei 4-4.

Yn 1965 stie Hotze yn de finale fan de PC op 5-5 mei 6-2 foar. Ien dy’t der by wie hearde Hotze sizzen ‘Jonges lêg nou un kaats, dan maak ik ut út’. Mar de beide ‘macho’s’ fan dy tiid, Durk Talsma en Tamme Velstra, woenen it sels útmeitsje mei ien boppe. Sy hienen net troch wat Hotze wol troch hie: in middel grutte keats soe foar Tinus Santema al gau te fier lizze want dy hie in stikken skouder. Achteryn Gerrit Langerak, ek net ien dy’t alles fuort sloech. Dat Hein trije sitballen op rige joech, hie gjinien op rekkene.

Mei dat perk, binne wy oan ‘e opslach yn it foardiel, sa wist Hotze. Yn Dronryp wie it ek saak in keats te lizzen op 4-4 want de mannen yn it oranje wienen sterker yn it perk. De bal yn bringe dus op 4-4 mei kâns op twa keatsen yn it perk en in mindere opslach fan Hessel om teminsten ien keats te pakken. En op ‘e seis moast Marten it mar sjen litte. Op 4-4 gjin Hans mei mar trije bûten, mar Gert-Anne mei al sân bûten. In earste bal foar, nûmer acht. Oernimme soenen je sizze. Nee hear, twadde bal wer foar. 

Je soenen neist it foute sprekwurd ‘Sinne en wille kinne in soad tille’ der noch in sprekwurd by betinke kinne. ‘In partij lêze betsjut tichter by de krânse wêze’. Set dy mar op in tegeltsje dit keatsjier.