Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 145 - Ferjitte

Broer Jan Berend en heit Eelke Sipma volgen verrichtingen Johan

Balkearder 145 - Ferjitte

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

Ferjitte

‘Wa’t keatst kin KC de Boer ferwachtsje’ sa stie op in spandoek yn Stiens tidens de Stienzer Keatsdagen. In fariant op it sprekwurd ‘Wie kaatst kan de bal verwachten’. In tredde fariant soe ‘Wa’t keatst kin mar better Alzheimer ha’ en soks slacht ek op it keatsen fan no. No is Alzheimer in slimme sykte dy’t je eins net yn in oar ferbân brûke meie, lit stean dat je der de gek mei ha. Dus dan wurdt it hjir ‘Wa’t keatst moat goed ferjitte kinne’. Ferjitte of fergetten brûke. Passender yn betsjutting. It komt del op ‘juster is west, hjoed is no en moarn moat noch komme’. De bibel fan de sporter of keatser. Net hingjen bliuwe yn wat west hat.

In lekke bân fan de frachtwein

En gelyk ha se, in keatser moat ferjitte kinne, want moarn binne je wer by elkoar en ha je elkoar nedich. Dus woe Gabe-Jan nei de winst yn Menaam net prate fan ‘wraak’. Net it juste wurd op it juste plak, sa fûn hy. It gefoel fan tefreden wêze as je de grutte favoriten ferslaan paste better by him. ‘Natuerlik spilet it in rol dat sy (Van Zwieten) wurde ‘labele’ as favoryt. Dat hienen je yn it ferline ek mei Van der Bos, dy wienen favoryt, dêr wolle je altiten fan winne fansels.’ Sa sei Gabe-Jan yn Menaam en dat wie dizze wike net werom te lêzen yn it Friesch Dagblad. 

Litte wy it hâlde op in lekke bân fan de frachtwein dy’t it ferslach oer Menaam nei Ljouwert ride moast. Kin gebeure. Yn dy frachtwein lei ek noch in oar sitaat fan Gabe-Jan: ‘Ik siet hiel goed yn dy partij en ‘Koot’ wurdt elke wike better. Lol yn it keatsen is hiel belangryk foar ús en wat dat oanbelanget giet it hiel goed mei ús trijen.’ It sprekwurd dus fan ‘Sinne en wille kin in soad tille’.

Dat blykte wol tidens de partij yn de heale finale doe’t Gabe-Jan efkes gjin wurden hie en dat sierde him. Kwea as net kwea, op it keatsfjild hast like wichtich as it to be or not to be út in stik fan Shakespeare. Kwea as net kwea, dat woe Gabe-Jan de dame op de boppe by de kweapeal freegje: ‘Wat wie dy bal no?’ 

‘Gean der dan sels sitten’, sa sei de dame fûl

De reaksje fan de froulike karmaster by de kweapeal hie in moaie ferpakking, sa fûn ik. Net twa hannen yn ûnmacht omheech sa as sa faak. Of op foarhân al roppe fan ‘sorry, sorry’. Nee, de dame hie it net sjoen en sei dat ek. No dan witte je it wol yn keatslân mei Hans yn it fjild, mar dizze kear net. ‘Gean der dan sels sitten’, sa sei de dame fûl doe’t ús Gabe-Jan frege hoe’t dat no koe. Gabe-Jan, altiten goed foar in ‘glimlach’, skodde de holle mar, moast ek wol gnize. Hy stúts noch krekt net beide hannen omheech om him oer te jaan.

In foutsje wêr’t foar út kaam waard en dat mei gebeure. Stel dat in keatser der in kear op in lytse keats by troch slacht, moat dy dan ek foar de minsken troch it stof? Nee dat kin ek gebeure. De dame hie it net sjoen, mar bleau terjochte wol sitten want Gabe-Jan woe it plak fansels net oernimme. Dêr gie it op it fjild ek te bêst foar mei him. Ek al skilde it net folle yn de striid om it lêste earst.

As keatser ha je ferjitten nedich om te keatsen, ferjitte om oer in minne slach hinne te kommen, of de teloarstelling fan it ‘stellen’ te ferwurkjen. Ferjitte dus as de grutte freon dy’t de partij fan moarn draaglik makket. Mar ferjitte kin betiden ek de fijân wurde. Nim Tjisse, dy hie it ferjitten as fijân want hy pakte de ferkearde jas yn dy heale finale fan de kapstok. Hy tocht dat de fluwielen keningsmantel fan 2024 him al wer paste yn Menaam. Te krap dus dy jas, hy is der noch net, liet in bal yn it tuskenspul rinne as wie hy Gert-Anne. Wit wol wêrom, mar ha tasein dêr net oer te skriuwen. En soks meie je krekt net ferjitte.

Tjisse wie even fergetten dat Menno de bettere opslagger wie yn Menaam mei trije kear beslissend op de seis. Ek yn sifers wie Menno de bêste opslagger, en dat wie hy ek earder tsjin it partoer fan Jelle Attema: beslissend op de seis en gjinien bûten. Dus pakte Tjisse, by hege útsûndering dat wol, de ferkearde jas fan de kapstok en miste foar de sânde of achtste kear it perk op 6-2 yn it lêste earst. De drokte of hy it earst oan Menno freegje moatten hie snap ik dan wer net. As je in kredyt ha dat je 99 kear fan de 100 kear de partij wol foar je partoer rêde, dan is dy drokte in ferkearde foarm fan ferjitten. Earder in ferkearde ynskatting fan Tjisse. Ek dat kin gebeure.

Yn de finale oan ien kant rom tachtich jier yn it perk en dat klinkt âld. Troch de helte is it noch aardich op leeftiid. Taeke en Renze dus, en sy betochten dat Renze mar foaryn moast as Johan opsloech. Want hy kin better by de platte bal. Mei Hendrik oan de opslach stie Renze achteryn, want Taeke soe de tuskenynse wol pakke, sa tochten de beide mannen. Taktyk is moai, mar je moatte net ferjitte dy ballen wol te reitsjen fansels. It siet fêst mei de grutte nammen yn it perk, en ek dit kin gebeure.

Tink net dat heit Eelke Sipma en mem Jenny Sipma achter de opslach lêst ha fan ferjitten as it om de dei yn Menaam giet of om dit keatsjier. Johan foar it earst kening op de haadklasse en syn partoer docht elke kear mei om de prizen. Dus ek gjin keatsjier om gau te ferjitten. Eelke is op oare dagen ek foarsitter fan KV Warber Bliuwe. Mei as siktaris fan dy keatsklup de broer Jan Berend Sipma. Wy hienen ferline jier yn Moarre beide net betinke kinnen dat it sa fluch gean soe mei Johan.

Eelke en Jenny as de ‘stille genieters’ fan harren soan Johan, gjin droktemakkers. Keatsers moatte op ‘e tiid ferjitte kinne, âlders en oare famylje ha it gelok fan ûnferjitlike mominten. Ferjitte en ûnferjitlik as in twaling dy’t yn ferbining mei elkoar steane. It iene makket it oare mooglik.