Balkearder 144 - Omerta
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Eigen
Omerta
De moaiste sportfoto fan dit wykein kaam fan de lins fan Henk Bootsma. Dy foto sei in hiele protte. Nee dit is net in sitaat fan Henk sels, ek al hat hy it ek faak oer sokke foto’s. Minsken dy’t neat mei keatsen ha, seinen ek dat it sa’n moaie foto wie. Dy foto fertelde it ferhaal fan gunnen, Hessel foar it earst kening, sa bliid as in bern fansels. Mar wichtiger wienen de gesichten om him hinne, de tredde en twadde priiswinners.
Want minsken, omerta as gjin omerta, dat is ek keatsen. Woe nei ôfrin yn Sint Anne noch in pear wurden ha fan dy kening. Mar kennelik moast Hessel noch wenne oan dy earetitel. De mannen yn it blau fan it partoer Sipma en wat der mear by hearde sieten mei geduld te wachtsjen op it bier fan de nije kening. Hessel wit noch net dat in kening betsjinne wurdt en sels net mei in blêd fol bier oansjouwen komt.
Mar miskien is dat ek wol keatsen, elk is nei ôfrin gelyk en dyjinge dy’t dy dei it measte wûn hat of de heechste eare helle hat moat traktearje. Hessel dus, dy’t je eins de ‘suertsjewetterdrinker’ neame kin en dy bynamme krigen yn it ferline Pieter Helfrich en Dooitzen de Bildt ek. De Bildt is in man dy’t dochs in strjitte krigen hat yn Sint Jabik. Sterker noch de keatser mei de measte punten, Taeke dus, wennet yn dy strjitte.
Oer strjitten sprutsen, de fjilden binne tsjintwurdich sa hurd dat der hast in tennisnet oer hinne spand wurde kin. De minsken fan it tuskenspul kinne harren wille op want de stuiten fan de bal binne betiden op skouderhichte en dat wittende sil der dochs oars útslein wurde moatte. De ballen moatte dus oer de grûn, fuort rôlje litte want in hurd fjild wol ek omraak rôlje fansels.
‘Wy winne it mei ús trijen’, sa wurdt faak nei ôfrin sein. In beskieden bedoelde opmerking dy’t faak net wier is as je de partij yn Sint Anne tusken it partoer fan Steven Koster, Jorn-Lars van Beem en Patrick Scheepstra tsjin dat fan Remmelt Bouma, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma nimme. It partoer Koster komt mei 5-1 foar en dan begjint it betiden wat gelokkige knabbeljen oan dy foarsprong oant it fiif earsten gelyk is.
Sjoch nei de rimen fan de roeiboat Koster. Steven kin ek achteryn, Jorn-Lars kin as it moat foarbêst op en Patrick kin ek foarbêst op. As it dus net mear rint by dat ynheljen fan partoer Bouma kinne je alle kanten op. Even Koster achteryn want Patrick hie it dreech, Jorn-Lars in pear slaggen achteryn want dat kin ek. Want de winst fan Bouma waard yn it achterperk helle. Mar se hobbelje gewoan troch rjochting ôfgrûn, sûnder wat te feroarjen, der wurdt net wat oars besocht om it ynhelritme fan de tsjinstanners te kearen. In partij dus dy’t neat mei in bettere of minder goede wanten te krijen hat, mar alles mei taktyk. En sa binne wy dus dochs wer by dy keatswanten want dêr is noch wol wat oer te sizzen, dus noch ien kear.
‘Ik hie noch nea fan it wurd ‘omerta’ heard’, sa sei Tjisse yn Sint Anne. Hy wist ek net wat de betsjutting wie fan dat wurd, soks jout neat, mar it is wol nuver by it ferhaal yn it deiblêd Trouw. Wat Tjisse yn Stiens ek net wist of witte koe wie dat in sjoernalist faak nei in bepaald doel ta skriuwt, in oare aginda hat. Dus it hiele plaatsje oer dy wanten is fan ûndergeskikt belang en dan sizze je yn it gefal fan Tjisse al gau te folle. En wat je as sjoernalist brûke kinne yn in ferhaal mei as doel dat net elk de selde want hat, dat der ferskil yn kwaliteit wêze soe.
Siet yn Stiens neist de sjoernalist en hy frege it ien en oar oer de skiednis fan de want. Mar dat wie it doel net fan it ferhaal. Trouwens it hie miskien ek handich west even mei Tjerk de Groot fan de wantenkommisje te praten. Wie de iennige dy’t mei elkoar miskien wol oardeloere mei Tjerk praten ha.
Syn libben lang freon mei Reinder Triemstra dus it wurd ‘objektyf’ komt net oan ‘e oarder. As je dat witte kin je der rekken mei hâlde. ‘Asto like folle tiid yn trenen stutsen hiest as yn dy want hiest in stik better west’, sa hat syn frou wolris tsjin Tjerk sein. Fjirtich jier lyn wûn Tjerk de PC, en dat wie in bytsje de tiid fan de ‘wildwest’ fan de wanten.
Leo Leeuwen hat in skoft wanten makke en Johannes Brandsma hat it ek in skoft dien. Mar it wie Reinder Triemstra dy’t de keatswant nei in heger plan tild hat, lit dat dúdlik wêze. Gjinien makket moaiere wanten as Reinder yn syn eigen hok, pronkjes dy’t betiden tsjin keunst oansitte. En as it dat net is, dan is it yn elts gefal in ambacht dat net ferlern gean mei. ‘De wanten yn België binne lang sa goed en moai net as dy fan Reinder’, neffens Tjerk.
Reinder mei dan in man wêze dy’t altiten emoasjoneel op alles reageart. Begryplik ek want hy hat syn baan doedestiids opsein. In risiko mei trije bern om de fuotten. Emoasjoneel dus yn alles en dat kin betiden as bedriigjend oerkomme. En ja hy kin der fan bestean. Mar betink wol dat gjinien mear leafde foar it meitsjen fan de want en de keatssport hat as Reinder. En fan ûnskatbere wearde as it giet om prachtich materiaal foar alle keatsers. De keatswant is op in nivo brocht dy’t je net yn alle sporten tsjin komme. En om dan sa delsetten wurde yn in ferhaal dat allinne oantoane wol dat de iene want wat better is as de oare docht Reinder ûnrjocht. Soks hat hy op grûn fan it ferline net fertsjinne.
Wat Tjisse sein hat sil fêst in rol spylje. Mar jout soks ek de trochslach by winnen of ferlieze? Tjisse pakt al hast tsien jier tachtich prosint fan de winst oan de opslach en dêr is ek yn it perk syn hiele útslach op ôfstimd. KNKB-foarsitter Jan Rodenhuis skreau yn 1980 dat mannen as Hotze Schuil, Johan Halbesma en Tinus Santema al tritich jier mei in Belgyske want keatsten fia kontakten yn it jeu de pelote. Dus hoesa gelikense wanten? As je soks fergelykje mei de tiid dat Reinder de makker is, dan kinne je sizze dat it no in stik earliker giet.
Litte wy de sifers der by pakke mei de finale fan PC fan 2024 en de finale fan de PC fan 1984. Fjirtich jier ferskil en sjoch nei de sifers. Yn 1984 Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma tsjin Peter Rinia, Wiep van Wieren en Tunno Schurer. Wiep 11 boppe, Tunno 7 boppe, Piet Jetze 8 boppe en Brandsma 2 boppe. Dan ha wy it oer 28 ballen boppe yn in finale dy’t op 5-5 en 6-6 einige. Dan de finale fan 2024 tusken Steven, Gerben en Rick tsjin Menno, Gabe-Jan en Tjisse. Gerben 3 boppe, Rick 3 boppe, Gabe-Jan 1 boppe en Tjisse gjinien boppe. Yn 1984 3 sitballen fan Sake en 2 fan Tunno. Yn 2024 1 fan Menno, 7 fan Tjisse, 5 fan Steven en 3 fan Rick.
De grap fan it ferhaal yn deiblêd Trouw is dus dat in keatser opfierd wurdt dy’t yn syn spul it minst ôfhinklik is fan de keatswant. As illustraasje in foto fan it tal keatswanten dat Johannes Brandsma yn it keatsjier 1982 brûkte om oan te jaan dat it no allegearre folle better regele is. Moaie ôfsluter fan dit jier oer de want, want bin net fan doel it wer oer de want te ha. Dus litte wy it fierstente swiere wurd omerta noch mar even ferlinge.