Balkearder 143 - Roeiboat
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma
Roeiboat
‘Jim koenen wol in boek meitsje’ en ‘It liket wol in leafdesferklearring, sa lang duorre it’, sa seinen wat minsken nei it petear dat ik hie mei Hendrik Kootstra yn Stiens. Kennelik duorret it de minsken gau lang genôch yn in tiid dat koart it evangeelje is. Mar just oan dat ‘koart hâlden’ ûntbruts it by de keatsers yn Stiens tidens de partijen. De toppartoeren dûnsen al stroffeljend in tango rûn de opslachlinen dy’t duorre oant beide partoeren fiif earsten hiene. De perken krekt wat te smel, fierder hie de keatsklup fan Stiens net te kleien.
Dat dy perken te smel wienen, dêr is no wol genôch oer sein. De ‘grap’ fan dy smelle perken wie fansels dat de man dy’t neist my siet oan it skriuwen wie oer de wanten. Foar de krante Trouw en it ferhaal moast oer dy keatsmoffen gean. Thomas Sijtsma wie de namme fan de sjoernalist en ik wist dat hy yn 2022 in boek oer de oarloch skreaun hie dat Verloren oorlogskind hiet. Wist net dat hy ek Het Beest Het wielerleven van Lieuwe Westra skreaun hie en earder al Renner met rede: wielrennen volgens Koen de Kort fan 2017.
Skriuwe oer wanten en keatsen is fansels krekt as ride je mei ien dy’t op in drumstel slacht midden yn de nacht troch in doarp. Iderien fuort wekker en op skerp. Hearde dat it wurd ‘omerta’ ek al út Italië oerwaaien kaam as it wurd dat oanjaan moat dat gjinien wat doart te sizzen oer dy mof en alles wat der omhinne in rol spilet. Bin sels wat ‘murw’ wurden yn de rin fan de jierren, dat gepraat oer dy mof.
Minsken dy’t wolris lâns in keatsfjild fytse roppe faak dat der fierstente folle boppe slein wurdt. En dan witte je daliks dat de sprekker der nea komt. De iennige kear yn Stiens dat je sizze kinne ‘dat komt miskien wol troch de nap’ wie dy ûnderhânse boppeslach fan Erwin, mar je kinne ek sizze fan wat in technyk.
En as alles dan dochs op technyk oankomt, bliuwt it in riedsel dat Erwin der ôf moast fanwege in skouderblessuere. En dat nei in sterke earste partij fan him dy’t wol hiel licht útsloech. Twa jier lyn in skoft oan de kant mei in ‘slijmbeursontsteking’ yn it skouder. Hy fertelde dat hy syn slach oanpast hie, mear op technyk. Fjouwer boppe yn dy earste partij. Twa boppe yn it lêste beslissende earst. Neffens guon fiif wike oan ‘e kant.
Twadde omloop. Tsjin it partoer fan Steven Koster, op earsten gelyk en seis om ‘e neat foar Koster. Dy seis wie bûtenslach nûmer acht yn de partij fan Gert-Anne. En dan op 1-2 en 6-6 moat Erwin der út fanwege it skouder op in bal fan Koster. Je meie nei de earste omloop der ien by freegje en dat waard Hans Wassenaar. En Hans soe Hans net wêze as hy net foar in soad praatsjes soarge. In tango op it middenfjild mei Patrick, beide hast like âld.
Patrick hie syn beide jonges fan njoggen jier mei en hy hie de put der mear út as maat Jorn-Lars dy’t ien fan de beide jonges nei ôfrin noch fermakke mei de grutte bal. ,,Ja dat vermaken van mijn kinderen na afloop was een voorwaarde bij het stellen’’, sa grijnsde Patrick. Hy hie ek in blessuere wêr troch hy de opslach oan Jorn-Lars liet.
De iene mof is de oare net dus, sa waard der steld yn Trouw. Krekt lykas de iene mins de oare net is. Der sil wol ferskil wêze, dat kin ik net beoardiele en wol dat ek net. Mar as ik moarn de skuon fan Lamine Yamal fan Barcelona oanlûk, soe ik dan krekt sa folle kinne as dy Yamal? Sjoch no al hiel lang nei it keatsen, en ha nea it gefoel hân dat in partoer it wûn hat om’t sy better materiaal hienen. Ja, ien kear wol en dat wie yn 1979 op de PC doe’t Tjisse Wallendal dy grutte want oanhie.
Ha de nije want allinne op in plaatsje sjoen en de want skynt hielendal fan in soarte fan keunststof makke te wêzen. Wit net hoe hurd dat spul is, je kinne der neffens ‘kenners’ net ynkomme dus is dy want net op ien of oare wize te feroarjen. As it oer de want gie by it keatsen, gie it nea oer de hiele want mar altiten oer de nap en hoe grut dy wêze moat. Ha út ferhalen begrepen dat dy hiele nije want sa hurd is ‘as in bonke’ sa’t in kenner my fertelde.
As dat sa is, dan soe it dus in slachplanke wêze lykas yn it ferline brûkt waard by ‘slagbal’ op skoalle. En dat soe dan dochs wol in hiele nuvere stap wêze foar de keatssport. It soe ek dien wêze om it materiaal foar elk gelyk te meitsjen en betelber te hâlden. Ek nuver, want in bytsje in fuotballer betellet ek al hast tsjin de 200 euro foar in pear goeie fuotbalskuon. En oer dat gelyk meitsjen kinne je sizze dat je op de skuon fan Yamal fan Barcelona noch net it selde kinne as Yamal. It is yn it keatsen net sa as yn de moade: ‘Kleding maken de man’, sa is de slogan yn dy wrâld.
Foar it keatsen of fuotbal jildt soks net. Want it is net sa dat de mof de man of frou makket yn prestaasjes, mar de man of frou makket de mof. In top mof of want oandwaan makket noch net in topkeatser fan je want dan soe talint te keap wêze. En just talint is net te keap, hat nea te keap west en sil nea te keap komme. En neist dat talint moat der ek noch in goeie kop op sitte. Pas dan komt de mof yn byld, hoe moai en prachtich ek, it is net mear as de roeiboat nei de fêste wâl fan de krânse.