Jack
‘We staan er weer fris op’, sa soe Hotze Schuil in kear sein ha yn Weidum neffens Johan Halbesma. Sûnder keatstrening foar it earst in bal reitsje, hurde wyn en neffens Halbesma koe hy krekt yn dy dei. No woe Halbesma syn ferhalen wolris wat moaier meitsje, wat dat oanbelanget is der oan him in ‘chroniqeur’ ferlern gien dy’t it keatslibben yn ferhalen kleur joech. It is dan ek spitich dat hy dy ferhalen net mear fertelle kin. Want oars hie hy fêst oan tafel sitten ferline jier by de betinking fan de bertedei fan Hotze.
Tekst: Rynk Bosma | Foto: Johan van der Lei
Der wie net ien dy’t it yn it sa moaie Harnzers moaier fertelle koe as Halbesma. Hy ferbruts him nea en terjochte. Sa fertelde hy ris dat Hotze ek in tige sosjale kant hie. Doe’t Harns it yn de finale ferlear fan Baard, waard it partoer wol útnûge om op de feestlike jûn yn Baard te kommen. Yn ‘e boppeseal fan it kafee yn Baard. Oan slokjes gjin brek. Neffens Halbesma reinde it fan dat brune spul yn lytse romers, mar it koe ek wol wyt spul wêze. It gie Halbesma al gau wat te mâl, se moasten ek wer werom fansels. No hienen se it gelok dat tredde maat Johan Jansen fan de blauwe knoop wie en Hotze sels koe net autoride.
‘Must wel bestelle hoor, dan súp ik se wel op’, sa flústere Hotze tsjin Halbesma neffens it ferhaal fan Halbesma. De sosjale kant fan de Lange, dy’t nea te beroerd wie in oar te helpen… Trouwens de namme de Lange kaam fan Halbesma. Spitich dat it lêste haadstik fan it libben fan Halbesma skreaun wurdt yn ‘e tsjustere skimer fan it net mear witten. Ien fan de grutste ferhalefertellers hat gjin ferhaal mear.
Wat ‘fris’ oanbelanget, it iene partoer stie der frisser foar as it oare en yn dit gefal hie dat neat mei keatstrening of hurde wyn te meitsjen. Fûn sels dat in Erwin Zijlstra der ôftreend en fris foarstie yn in partoer dat syn draai noch net fûn hat, om it even freonlik te sizzen. Fris wienen ek de nije klean wêr’t de keatsers yn keatsten en fansels is fris net itselde as dat it dan ek keatse wol. Dat it partoer fan Menno fêst siet op de earste partij mei in ferrassing wêze. Miskien hie de kamera fan de Omrop dochs foar te folle ôflieding soarge.
As je nei de sifers sjogge hie it partoer fan Marten Bergsma fansels nea winne mochten mei njoggen en fjouwer bûtenslagen achter harren namme. Seach de rizige Hilbrand Visser yn Frjentsjer stean. Wa? Ja Hilbrand Visser dy’t yn 2017 yn ‘e finale de show stiel op de PC mei syn hege ballen. Mei opslagger Jelle Attema op twa punten nei winner fan dy PC. En dan hie Attema kening fan de PC wurden mei fyftjin ballen bûten yn de finale. Dus wêr ha wy it oer?
Dy earste partij yn Frjentsjer foel op fjouwer maaie en dat wie ek de dei dat de deaden betocht waarden fan de oarloch. Fan de skimerige wrâld fan Halbesma nei it tsjuster fan de ein. En dan sjogge je dochs oars nei sa’n earste partij. Seach soan Thomas en heit Fokke stean mei in pilske, de earste partij sûnder it ‘fûle biterke’ pake Thom Dijkstra op ‘e banken.
It is op sa’n earste partij krekt lykas mei de omlopen. It hout oan ‘e tillegraaf jout oan hoe’t it rint oant ien de trije spul hellet. Tillegraaf wurdt leech helle, komme wat sifers op de list te stean dy’t fertelle wa’t in omloop fierder mei. Dat is yn it echte libben net oars, as it hout fan de tillegraaf helle is komme der as it goed is wat wurden op in grêfstien te stean en dat soe it dan wêze moatte. En dy wurden ha ynhâld sa lang der noch ien is dy’t it ferhaal achter de sifers of de wurden ken.