Overslaan en naar de inhoud gaan

Balkearder 141 - Leafde

Blazers Bangmapartij

Balkearder 141 - Leafde

Tekst: Rynk Bosma | Foto: Henk Bootsma

De kikkerts yn ‘e sleat achter de perken yn Weidum hienen mar in drokke middei. Elke kear as it muzykkorps Harmonie Weidum e.o. mei ús Janneke de Boer op ‘e Bugel útein sette, joegen de kikkerts ek lûd, sa wisten de minsken achter de perken te fertellen. Oft se no muzikaal wienen, of om’t se protestearden tsjin de netten boppe har hollen om de ballen tsjin te hâlden, wy sille it nea witte. Miskien dat Sytse Haima syn poadium in oare kear lâns de sleatswâl sette moat, dan hat hy miskien in eftergrûnkoar om ‘e nocht.

De deifoarsitter Wigle Anema hie it yn de moarnsoeren mar dreech om yn te loggen op it nije systeem fan de KNKB, sa waard my mei in knypeach ferteld. Jout neat, alle nije dingen moatte wenne behalve je achternamme. Dy drage je al in libben lang mei dus doe’t ien fertelde oer dat ynloggen en it hie oer Wigle van der Meer, dan witte je dat kennis mar relatyf is.

De deifoarsitter wie de hiele dei ynlogd as it om tsjinstberheid gie as gasthear en miskien is dat wol wichtiger as dat oare ynloggen. Fan stikkene stoel oant blokjerinners dy’t krekt even te fier yn it fjild sieten, Wigle paste op de winkel Weidum. Mei attinte froulju dy’t geregeld fregen of der noch wat komme moast. Want dat is ek Nije Kriich al in hiel skoft en net allinne op dizze dei. De leafde foar de keatssport en it doarp Weidum útdrage, net mei grutte wurden, mar troch dwaan. En dwaan is ek in foarm fan leafde.

Dwaan yn stee fan te folle wurden brûke of te folle yn de skynwerpers stean is ek it hannelsmerk fan Durk van der Leest. Hy waard op it lêste momint foar de tinte roppen om út namme fan Sjirk de Wal de wikselpriis oan te nimmen. Mar Durk is ek ien fan ‘rjocht oan rjocht’ út en lit graach de wurden en de foargrûn oan oaren oer. Hy wie ferline jier de arsjitekt fan it sukses fan it partoer Menno van Zwieten.

Syn heit Marten van der Leest wie in fjoerfretter oan de stuit dy’t acht jier tusken 1947 en 1956 yn it grutte spul sitten hat. In grienteman mei in eigen saak dy’t eins de sneon better brûke koe foar de saak dan fuort te keatsen. Krekt lykas Roel Hoekstra fan Ternaard yn dy tiid. Roel sutele op freedtejûn it fleis út yn in tiid dat net elk in friezer hie. En faak krige hy te hearren: ‘Moarn wer keatse?’

Marten hie it gelok fan in broer dy’t it sneons oernaam. Je koenen op sneons al gau 150 gûne fertsjinje, sa fertelde Durk. Mar Marten gie te keatsen. Durk: ‘Nei plakken wêr’t je as priis 15 gûne fertsjinne…’ Want it hâlde kwa prizen nei de oarloch net oer. Faak 45 gûne as earste priis en dat moasten je dan troch trije diele. Je koenen dus ek net sizze dat it betelle leafde wie, of dat dy leafde goed betelle waard. Mar leafde foar it spultsje kinne je net yn sinten útdrukke.

‘Ha jo wolris tsjin jo soan sein dat jo him leaf fine?’ Sa’n fraach kin mar ien yn Fryslân stelle fansels, Ate de Jong dus. ‘Dat is de iennige kear west dat ien ús heit stil krige’, sa wit Durk noch. It paste net by dy generaasje, hienen der betiden ek gjin wurden foar. Leafde toane wie wat dwaan.  Foar bern en frou en in dogger wie Marten. Grienteman mei in eigen saak yn Stiens, dat wie mei fjirtich oeren net besjoen. Moarns om melkerstiid nei de grientefeiling yn Berltsum. Griente snije, sutelje en dan jûns noch dingen dwaan foar de oare deis. Wiken fan tusken de sechstich en tachtich oeren. Soks dogge je út leafde foar de bern, soks dogge je om de bern in takomst te jaan en in moai en benammen gelokkich libben te jaan. De iene leafde foar it spultsje offerje foar de oare leafde. 

Ik neam him de ‘sliepende reus’. Wat in opslachtechnyk!!

Leaf wurdt yn it keatsen faak brûkt yn ferbân mei ‘hy of sy is te leaf’ en dan komme je net altiten yn ‘e buert fan de krânse. Fyn Tjisse in leave jonge en dat is hy ek. Mar net yn it fjild. Tsjintwurdich sûnt ferline jier skipper op eigen skûtsje en dat wie snein net oars. Hoegde him nei ôfrin neat te freegjen, coach Durk hie it al yn ien sin sein: ‘It is in genot om te sjen hoe maklik it allegearre giet’. Ek maat Rick hie al sein: ‘En bijna nooit een bal buiten.’ Seach nei ôfrin de freondinne de krânse nei de auto bringen en tocht doe ‘Dy mei aansens wol in golfkarre oanskaffe om it allegearre te hâlden.’

Oer maklik sprutsen, neam him sels de ‘sliepende reus’, en dan ha wy it oer Jan Bandstra fan Easternijtsjerk. Wat in opslachtechnyk, in opslach dy’t eins wachtet op in prinses dy’t dizze opslach mei in tút wekker makket. En dan wurdt bedoeld dat hy no noch te folle kado jout. Jan moat him ek noch ynhâlde oan de opslach, sa liket it wol. Want oars hienen dy earme kikkerts yn Weidum ek noch in helm op ha moatten. Yn Weidum naam Johan Sipma him by de hân. As it even net woe ruilje yn it perk. De stap nei in toppartoer hat Johan goed dien. 

Leafde foar it spultsje, dan ha je it al gau oer Taeke Triemstra mei syn 42 jier. De best betelle leafde fan Fryslân yn de goede betsjutting om’t hy de measte krânsen fan allegearre wûn hat. Want de krânse is de kroan op de leafde, mar sa folle krânsen is net foar in soad weilein. Hendrik Jan van der Velde wûn sa út de holle dy krânse op in lotterspartij yn Holwert. Yn Stiens in kear in preemje op de formaasje mei Riemer Hoekstra. De 35 jier ek al foarby, snein stie hy yn ‘e finale foar Makkum. 

Leafde foar it spultsje troch it te dwaan. ‘Ik fyn it noch sa’n moai spultsje’, sa sei Taeke ferline jier yn Makkum. Dat hoege je net elke wike te sizzen fansels, it is in gefoel. It dwaan is genôch. Je sette de kikkerts út de sleat yn Weidum net achter in Bugel, want se ha genôch oan harren eigen lûd. Dogge je dat wol, dan falle se stil krekt lykas Marten van der Leest. Want elk hat syn eigen lûd foar de leafde.