contact zoeken wedstrijden

Ate de Jong yn petear mei PC-foarsitter Ids Hellinga:

Feiligensregio hat te folle macht

Tekst: Ate de Jong
Foto: Henk Bootsma

“De Feiligensregio moat minder macht hawwe.” “Jawis, der komt in Haadklassepartij yn it WTC.” En: “Wiebe Wieling  hat grif wol in plan B foar de Alvestêdetocht yn ’e kontbûse.” 
Oant ein fan dit coronajier sjocht PC-foarsitter Ids Hellinga werom en foarút.
 
Hoe wie ‘t foar dy, sa ‘n jier sûnder PC? 
Earlik sein hat it my mear dwaande hâlden dat it keatsen fan’t simmer sa let en moaisum op gang kaam, dan dat de PC net trochgean koe. De PC kin wol in stjitsje ferneare en is minder kwetsber as it keatsen yn it algehiel. Mei nammen it keatsen fan de jongerein hie folle earder opstarten wurde kinnen. 
 
Bist ek jaloersk op Weidum, dêr ‘t de FrouljusPC wól trochgong?
Ik fyn dat Weidum, mar ek de Freule, in goed beslút naam hawwe. De ympakt fan dizze partijen is net te fergelykjen mei de PC en de ôfwagingen binne dêrom ek net te fergelykjen.
 
Nee, mar ik frege: bist ek jaloersk?
As jin ûnder dizze omstandichheden en foar in hânfol minsken in frouljus PC en Freule organisearje moatte, leau ik net dat dit eat is wêr’t jin jaloers op wêze kinne. 
 
Hast yn 2020 ek wat meimakke dat rekke oan it PC-gefoel? Ik bedoel: in selde soarte emoasje oprôp?  
Nee. Ik leau ek net dat gefoel en emoasje reprodusearber binne.
 
Ik fûn jim ferfangende PC-dei moai. De gesichten, de ferhalen. Mar ik begryp dat in soad minsken baalden omdat se der net by wêze koenen. Krigen jim lilke mails?
It wie in pracht fan in dei, mei in hiel grut part fan de âld-PC-winners, in grutte list mei junioaren en de hiele dei ‘live’ by de Omrop. ‘Old meets young’. We hawwe gjin inkele lilke mail hân. Tink dat it wurdearre wurde, dat de PC dochs noch wat dien hat.
 
Oké gjin mails. Ek gjin lilke gesichten?
Nee, ek net.
 
Hoe faak komme jim as PC yn dizze tiid byelkoar? En wêr hawwe jim ‘t dan oer?
Ien kear yn de moanne. Wat ús op dit stuit it measte dwaande hâld, is hoe’t we oplossingen betinke kinne foar de ekstreme easken dy’t de Feiligensregio opleit. De PC fan 2019 hawwe we as kommisje mar krekt fan ôflasting behoedzje kinnen. Wy meitsje ús oprjocht soargen as it yn de takomst noch foar frijwilligers te dwaan is om bygelyks op ‘e doarpen noch in merke mei tinte en sa te organisearjen. Ik tink dat ek sjoen it Covid-barren it foech fan Feiligensregio’s ris tsjin it ljocht hâlden wurde moat.
 
Wat bedoelst mei dat lêste? Moat de Feiligensregio minder macht hawwe? En mear op jim fertrouwe?
Myn antwurd giet net yn it bysûnder oer de PC. De Feiligensregio soe mear yn ‘ja mits’ tinke moatte ynstee fan ‘nee tenzij’, sa’t it no is. It liket it selfde, mar is in wrâld fan ferskil. En ja, se hawwe te folle macht.
 
Min of mear serieus seidest in skoft lyn: ‘Oars hâlde wy de PC yn it WTC, op Twadde Krystdei. Dat is toch altyd al sa’n ferlerne dei.’ Hat dat in serieuze opsje west?
Jawis! We wolle it in kear besykje om yn de Hynstekeuringsarena yn it WTC ein desimber in haadklassepartij te organisearjen. Ik tink dat mei nammen de ûndergrûn (hurd sân) spektakulêr keatsen opsmite sil. 
 
Moai idee! Mar wannear? Ein 2021?
Soe samar kinne.
 
Jim hawwe de ôfrûne tiid grif neitocht oer meardere scenario’s foar de PC. Wie ien fan de opsjes: in PC yn it Hearrenfeanstadion? Mei neiboude tuorren? 
Nee, dat hat gjin opsje west. Yn dy tiid mochten der ek gjin minsken yn in fuotbalstadion. It is ek gjin ideaal alternatyf. Foar it keatsen binne de tribunes te fier fan it fjild.
 
Wat fynst fan it beslút fan Wiebe Wieling-en-dy om de Alvestêdetocht yn coronatiid net troch gean te litten ek al friest it 20 graden en leit it iis der prachtich by.
Folslein logysk, liket my. En goed dat se dat al betiid oanjûn hawwe. Tagelyk tink ik, dat se stikem noch wol in plan B yn ‘e kontbûse hawwe.
 
Fynst it ek sneu foar Taeke yn ferbân mei ‘t ivige klassemint? 
We libje as keatspublyk allegear mei, mei it ultime doel fan Taeke. Ek sjoen de hobbels dy’t er yn dit stribjen tsjinkommen is. As it aanst blykt, dat ôfrûne jier de bottleneck wêze sil, dan soe dat ferskrikkelik wêze. Ik soe sizze, dan mar in winter ûnderdak en op in sânboaiem trochkeatse! Taeke moat syn doel helje!
 
Komt der in PC yn 2021?
De kommisje is oan it keatspublyk ferplichte om alles út de kast te heljen om ‘e PC trochgean te litten. Wy geane der ek fanút dat de 168-ste PC trochgiet. Op dit stuit is noch net te oersjen, wat bygelyks de ynfloed wêze sil fan it intsjen op de algehiele maatregels. Miskyn is it ek wol mogelik om alle minsken in ‘sneltest’ dwaan te litten foardat se it Sjûkelân op gean. We sille op de ûntwikkelings antisipearje.
 
Hast al in grap oer corona foar dyn speech?
Nee, dy komt der ek net. Ek yn ‘e rûnte fan it keatsen hat corona slachtoffers makke. Dêr meitsje jo gjin grappen oer.
 
Jim fine 't altyd moai at der ek wat bekende lju nei de PC komme. Op de kommende PC - 4 augustus 2021 - wurdt Obama 60 jier. Noegje jim him út? Of geane jim tidens  de resepsje skypen mei Obama?
Jawis, moat altyd wêze! Ik nim oan, Ate, datsto as Obama-fan syn tillefoannûmer wol hast?




 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers