contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (69)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Rynk Bosma

Profeet

‘Se hoege allinne mar keatsen te slaan’, sa waard der sachtsjes mompele. Want de opslach wie sa sterk dat it noflik leunen wie. De honkbalpet yn ‘e eagen, de teksten kamen yn ‘e buert fan de Heidelberger Catechismus mar dan sûnder it leauwen yn tsjerke, ek al kaam ‘Hij wiens naam niet ijdel gebruikt dient te worden’ hast om ‘e slachfoarby. It wie de tredde omloop, op de drompel fan de prizen en it jongespartoer fan Steven Koster, Thomas Dijkstra en Jorn Lars van Beem stienen yn it fjild.
 
Oan de oare kant ek jeugd, Youri de Groot as opslagger en dy wie freeds by LKC noch goed foar de priis. Stefan van der Meer yn it achterperk en de fjirtichjierrige Pier Piersma stie foaryn. ‘Jou him net ien op hichte want dy binne fuort’, sa sei ien en dat kloppe ek, it wienen der fiif dy’t fuortslein waarden. Mear as alle oaren by elkoar. 
 
Mar alles dat ûnder dy honkbalpet wei kaam kloppe ek. ‘Jonges even ruilje yn it perk’ en dat barde net. ‘Moat ik dat dan sizze?’ sa sei de man. ‘Tichter by de boppe, ha’k ek al trije kear sein’ of op 4-4 yn it tuskenspul ‘Toe no, slach dy bal wer yn, dan hast de seis’. It waar paste dy snein by in sânflakte yn Afrika, de honkbalpet wie in ‘roepende in de woestijn’ om it mar wer efkes bibelsk te sizzen en de hitte paste der yn Froubuert goed by.
 
It waard fjouwer earsten gelyk en op 6-6 hie Thomas syn earste bal boppe. In earst letter wie it wer op 6-6 dien doe’t Pier de bal kwea sloech. Op nei de heale finale mei it jongespartoer. Ien sei ‘Jim ha se te folle jûn’ en hy doelde op de ballen bûten oan de opslach. Mei elkoar in stik as trettjin, mar de oaren koenen it selde sizze want opslagger Youri kaam allinne al hast oan dat oantal. 
 
Mar de ‘roepende’ honkbalpet waard de profeet fan de dei doe’t yn de heale finale Thomas einlik yn it foarperk stean gie en de folle gruttere Jorn Lars achteryn. It liket ek op neat, de gruttere foaryn en de lytsere achteryn. Moat altiten oan 1975 tinke doe’t de lytsere Piet Jetze Faber achter de folle gruttere Klaas van Wieren stie. Gjin gesicht, boppedat moast Piet Jetze elke kear om dy slingerjende hân hinne sjen wêr’t de bal kaam.
 
Healweis dy heale finale krige de profeet gelyk, Thomas foaryn en mei de twadde opslach, fan 5-1 nei 5-5 en dat de oaren doe trije ballen fuortsloegen kin gebeure. ‘De jonges hoege harren net yn te hâlden oan de opslach want dy leit trije meter fierder’, sa sei de honkbalpet. Prachtich te sjen, dat talint fan Steven Koster oan de opslach, even sette en se fleane kwea. Jorn Lars liket betiden wat te ‘flegmatiek’ en Thomas besiket op de boppe wat te folle de keatsbal mei de fuotten heech te hâlden. Want fuotbalje by Berltsum is miskien wol moaier. 
 
Moast tinke oan dat grutte keatstalint dat hast allinne de twadde priis wûn by de jongespupillen. Mar hy spile ek by in fuotbalklup op it middenfjild en dat die hy leaver. Der wie in man dy’t doe tsjin him sei: ‘In middenfjilder as dy, dêr passe der hûnderd fan yn in ‘dozijn’, neat bysûnders. Mar as keatser hearst by de bêste trije fan dyn generaasje. As it treft yn de simmer foar in soad minsken keatse.’ It talint is foarstopper by in treddeklasser en keatst wer. Mar hy sil nea de tiid ynhelje kinne dy’t nedich wie om fan talint topper te wurden.

Je hoege net in profeet lykas de honkbalpet te wêzen om te witten hoe maklik jonges fan dizze leeftyd foar wat oars kieze. Der is sa folle en it wurd ‘moatten’ past net by ús en seker net by de keatssport. It bliuwt by hoopjen dat de foto fan no noch lang meigean sil. 

DC50109B-9881-496A-B233-B6CE66A3DDD6

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers