contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (63)

Tekst: Rynk Bosma

Op de foto: Winst op de Bond van 1972, voor het clubvaandel van links naar rechts: Lammert Breuker, Wiep van Wieren en Robert van Wieren.

Rykdom
 
No’t it keatsen stil leit is der tiid foar de spegel om te sjen nei wat der yn it ferline bard is, prate mei keatsers dy’t yn dat ferline op de toppen fan harren roem tochten dat der gjin ein oan komme soe. Oan de oare kant is it ek sa fan hoe mear jierren achter de namme, hoe mear alles relativeard wurdt. De sportive hichtepunten fan eigen libben ôfsette tsjin it gruttere gehiel fan de wrâld, ja as je dat as noarm nimme, bliuwt der net sa folle fan oer. Net terjochte, de mins kin net syn hiele libben offerje foar it gruttere gehiel en eigen ‘onsterfelijkheid’ op it sportfjild wat ôfdwaan mei relativearende opmerkingen.
 
De oare kant is it ferline moaier te meitsjen dan as it wie en as je der oer skriuwe dan is der altiten neist it sjoernalistike paad it gefaar fan dat mânsdjippe wetter fan fouten wêr’t je yn ferdrinke en minsken sûnder it te wollen sear dogge. Nim no Jan van der Ploeg fan Dronryp. Opgroeid yn in hûs tsjinoer de tsjerke fan Skingen. De lêste jierren siket hy fan alles út oer it ferline fan dat doarp Skingen-Slappeterp. Elke wike noch warber as frijwilliger yn it Keatsmuseum, weardefol want Jan is tige krekt yn alles wat hy docht.
 
Twa minsken komme nei 75 jier wer byelkoar, ha mei elkoar keatst op de Freule yn 1938 en wennen ek noch in kear neist elkoar yn Skingen. Mei tank oan it ûndersyk fan Jan van der Ploeg kaam dit boppe wetter. Yn it ferhaal dêroer fan eigen hân dat yn ‘e Franeker Courant stie, sieten wat fouten. Nee Jan van der Ploeg kaam net fan Frjentsjer, syn broer Johannes wol. En nee Skingen wûn net de Freule mar ferlear yn de earste omloop. Kin gebeure, sa kinne je sizze, mar as je sels altiten sa krekt binne dan kin soks sear dwaan. Dus fandêr dizze bûging op papier.
 
Oare fouten kamen op in moaie, oare wize lâns yn it programma Moai wie dy tiid fan Omrop Fryslân. En lit it foar de radio mar oan Geert van Tuinen oer om in moai ferhaal te meitsjen oer dy partij op de Bond fan 1976 doe’t Stiens tsjin Marsum keatste. Wiep van Wieren wie gast en as der ien is dy’t it eigen ferline goed yn ‘e holle hat, dan is it Wiep van Wieren. ,,Ik sjoch my sa wer yn ‘e krite stean as ik der oer fertel’’, sa seit hy. Bin net in leafhawwer fan puzzels, ha wol wat betters te dwaan. Mar oer Wiep is wol in moaie ‘cryptogram’ mei it sifer 6 te meitsjen.
 
Prate oer it jier 1976, as je de lêste twa sifers omdraaie dan ha je 67. In leeftiid dy’t Wiep op 6 juny helje sil, de seisde moanne fan it jier. In sydpaad, hurd werom nei de Bond. Stiens keatst mei Klaas Bouma, Piet Jetze Faber en Johannes Westra tsjin Lammert Breuker, Robert van Wieren en Wiep van Wieren. In keats fan acht meter en oan de telegraaf 5-5 en 6-6. ‘As wy winne wolle moat ik dizze opslaan’, seit Wiep. In tuskenynse en Faber kin de keats net foarby. ,,Ik hear it de omropper yn Frjentsjer noch sizzen ‘Marsum hat wûn’.’’ Neffens Wiep op de radio.
 
Yn it foarbygean seit Wiep dan nei ôfrin tsjin Klaas Bouma ‘Ik leau dat ik it net goed dien ha’. Gjinien hie it sjoen, mar Wiep hie de hân net opstutsen en sloech op út it fak fan de ferminst. Sa winne is net lekker, sa fynt Wiep 44 jier letter. Marten van der Leest makket in soad drokte want him wie it selde oerkaam yn 1953 yn de finale op de PC mei Rinny Kuiper as ‘wetsovertreder’. Dus it lêste earst moat oer, ûnder driging fan ‘oars wurde jim skorst’. Marsum der ôf en Johannes Westra hellet syn fjirde bledsje fan it klaverke fjouwer.
 
Wiep is noch altiten bliid dat hy doe net op dizze wize wûn hat, ek al koe it allegearre reglemintêr hielendal net. Johannes Westra wie oan de telefoan by de omrop en relativeare it allegearre wat. Dat relativearjen fan eigen ‘roem’ is wol aardich fansels en je hoege ek net fyftich jier lulk te bliuwen oer in slach lykas Marten van der Leest dat wie.
 
Mar oan de oare kant meie de keatsers fan doe wol grutsk wêze op in moai keatslibben. Dat keatsen de wrâld wie en de wrâld keatsen wie. Dat se tankber binne dat se it ek noch foar de mikrofoan fertelle meie en benammen kinne. Tink oan Robert van Wieren yn in fersoargingshûs, tink oan de ferliezend finalist foar Drachten Flip Soolsma dy’t der net mear is. Tink oan Rein Ferwerda, ek foar Drachten yn de finale yn 1976,  dy’t dizze winter slim siik west hat.
 
De partijen fan doe feroarje net mear, it iennige dat oars wurdt binne de fertellers. De fertellers fan hjoed en juster binne der miskien moarn net mear. Der noch wol wêze is ek in foarm fan rykdom, de rykdom fan it ferhaal achter de roem. En dat is net fuort te relativearen.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers