contact zoeken wedstrijden

It ‘slachwonder’ Wiep van Wieren

Deel 2 in een serie over de top vijf van het puntenklassement aller tijden

Tekst: Rynk Bosma

Op de site van de KNKB staat vijf weken lang elke vrijdag een karakteristiek van de vijf kaatsers in de top van het puntenklassement aller tijden. Vandaag nummer vier op die ranglijst en dat is Wiep van Wieren (1953) met 785 punten. Jarenlang de vaste nummer drie maar sinds de partij in Bitgum van dit seizoen gepasseerd door Taeke Triemstra. 

‘Fan Wiep kinne je it nea winne’, sa sei Johannes Brandsma in kear. En dat sloech op in jier dat it keatslibben fan Wiep al in aardich ein op streek wie. Dat wie yn 1987, it jier dat Peter Rinia en Tunno Schurer Wiep oan kant setten hiene om foar Johannes Brandsma te kiezen. Dy opmerking sloech net op it keatsen, mar op de populariteit fan Wiep by it grutte publyk. Alle fans dy’t yn it ferline ‘fan’ wienen fan dy oare Van Wierens, dy krige Wiep der by.
 
Tink dat 1987 ek it iennige jier wie dat Piet en Sake it publyk op harren hân hienen want de mannen stapten by elkoar yn ien partoer, mei de bynamme de ‘2000-punters’. It hat ien jier duorre en doe giene se útelkoar. Wiep wie doe al santjin jier ûnderweis.

WiepvanWieren2site

Wiep wie de jongste Van Wieren en de ferwachtingen fan syn broers drukten swier. De jongste hoechde ommers net sa goed te wêzen as de oaren, sa die wol bliken by Sipke Saakstra en Catharinus van Seijst. Sa as al earder sein, Hotze hie muoite mei de nije generaasje keatsers dy’t opkaam. Mar Hotze wie gek op de Van Wierens. Wiep hat neffens himsels mar ien kear tsjin Hotze keatst. Hotze mocht dan gek op de Van Wierens wêze, mar ek wer net sa gek om de jongste Van Wieren in bal te jaan. ‘Dou must se maar niet hewwe seun’, sa sei hy tsjin Wiep yn dy iene partij dy’t beiden tsjin elkoar keatst ha.
 
Ha sels noait in grutter ‘slachwonder’ sjoen as Wiep dy’t fan Bonne Stienstra de earetitel ‘Swiep fan Wiep’ krige. Net iderien wie yn dy earste jierren der fan oertsjûge dat Wiep it lang folhâlde soe mei dy grutte sydlingse útslach. Dat koe it skouder mar in pear jier oan, sa waard der sein.
 
Wiep hie in bytsje in sydlingse útslach en it like as gie it skouder der efteroan. De measten seagen net wat fysioterapeut Keimpe Roedema wol seach en benammen fielde. De rjochter pols wie krekt as in pak spikers, sa los. Wa’t him mei de eagen ticht noch slaan sjocht wit dat hy prachtich yn de platte bal falle koe en dy krije je allinne fuort mei in perfekte slachtechnyk. En dy oare ballen…, it wie as mikte Wiep op de stjerren oan de himel, de ballen waarden hast lanseard en klommen noch wylst de boppeline al lang in passeard stasjon wie.

WiepvanWierensite

As keatser hat Wiep syn bêste jierren hân tusken 1976-1979. Achteryn by broer Klaas en in gefariearde twadde opslach fan heechop achteryn en in platte bal. Seker yn 1976 die Wiep op en út tinken oan de hearser dy’t Johannes Brandsma yn de tachtiger jierren wêze soe.
 
By Wiep begûn de delgong troch in maachkwaal yn 1979, hy kaam langsaam mar seker yn de mindere maten terjochte oant hy der yn 1982 oan holpen waard. Hy gie wer foaryn en koe begjinne oan in twadde bloeiperioade of keatslibben mei Tunno Schurer en Peter Rinia.
 
Yn 1990 wie it syn lêste jier, 37 jier âld en kwa útslaan hie Wiep noch jierren meikind. Hy hâlde op tagelyk mei Sake en Johannes Brandsma. Sels hat hy wolris sein, krekt lykas Hotze, dat hy muoite hie mei de nije generaasje, dy’t him in âld man fûnen…. 

WiepvanWierenfot2site

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers