contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (60)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma
 

Tiid

Rom 4000 punten achter ien tafel yn Marsum. Piet Jetze Faber, Hotze Schuil, Taeke Triemstra, Wiep van Wieren en Sake Saakstra. Hotze mocht der by stean en doe’t de glêzen wetter foar de mannen delset waarden frege Wiep uteraard fan ‘Krijt Hotze neat?’ Dus kaam der in romer op tafel mei jenever, oars net de kleur fan de drankjes sa’t Hotze dy it leafst hie. Want dat wie fansels bearenburch. Hoewol dat ek wolris fariearde.
 
Ien fertelde in kear dat se neisieten yn Penjum en de ober doe mei in blêd mei seis of acht jonkjes rûnreizge dy’t allegearre foar Hotze delsetten waarden, krigen fan in tal boeren dy’t ek yn it kafee sieten. Taeke kaam fanwege it keatsen wat letter en kaam op it plak te sitten neist Hotze, hy seach de folle romer en tocht dat it wetter wie…dus in lyts slokje en in fys gesicht. Tink dat Hotze by alles wat der yn it Grauwe Paard yn Marsum sein waard, him net foarstelle koe dat ien sa’n fys gesicht lûke koe by it nippen oan in jonkje.
 
Keatsers fergelykje op grûn fan punten moatte je net dwaan want alle keatsers ha úteinlik mar ien maat yn de krite, en dat is de tiid en dy bepaalt diels de punten. En dy tiid kin letter nuvere streken úthelje mei in mins. As je de measte punten helle ha lykas Piet Jetze dan hoege je net op de tafel te springen en roppe ‘I’am the greatest’ lykas bokser Muhammed Ali dat die. Dat past net by de sport. Piet Jetze dus yn ‘e top fan de beam mei de namme ‘puntenklassement aller tijden’. Mar Piet Jetze ek as de man dy’t him ferfeeld op de PC, dy’t nei it keatsen sjocht as in treinreizger dy’t dat stasjon al lang foarby is. 
 
Net nijsgjirrich sjen nei de foto’s en filmkes dy’t foarby komme. Net mear in man fan de emoasje as it keatsen oan ‘e oarder komt. It liket as hat hy in swarte doek oer de spegel fan it keatsen lein. Net weromsjen mei in soad nocht. It is as hat hy de beam fan it ivige klassemint yn ‘e holle omhakt mei in bile. Hiel even gie it lûkje iepen doe’t Piet Jetze fertelde oer hoe’t hy as jonkje oan de feart lei mei in kammeraat yn ‘e buert fan Feinsum. Op ‘e rêch yn it gers nei it aaisykjen, hyt waar en ynienen stúts der in sêfte simmertwirre (zomerbriesje) op dy’t hearlik oanfielde yn de baarnende sinne.
 
Dy sêfte simmertwirre wie ek de namme fan it boek dat letter oer Piet Jetze skreaun is. Is it de tiid? Mannen fan oer de sechtich dy’t oars nei it keatsen sjogge as tritich jier lyn. Mannen as treinreizgers yn in trein op wei nei it folgjende stasjon, wittende dat de halte ‘keatsen’ fier efter harren leit. Doe’t Taeke letter binnenkaam, in lytse tritich jier jonger as de oaren wie it of foelen de earste drippen fan in ferfrissende reinbui nei in wike fan near waar. Brûzjend, ad rem, midden yn de krite stean en de fêste maat tiid  yn it perk omearmje as in bondgenoat.
 
Moast tinke oan Taede Zijlstra fan foar de oarloch. Yn de oarloch syklik, it swiere wurk koe hy net mear dwaan. De doe noch besteande gemeente Wûnseradiel joech him in baantsje as ‘nachtportier’ yn it gemeentehûs fan Wytmarsum. Jongste soan Tettero brocht him dan kofje. Gie sechtich jier letter by de treppen op nei de keamer fan de boargemaster. Oan de muorre in skildere portret fan dyselde Taede, binnenskipper, los arbeider en sleattenslatter en op it lêst dus nachtportier. Mar nei syn dea in plakje yn de ivichheid oan de muorre yn it gemeentehûs.
 
En sa skildere de tiid syn eigen earbetoan oan dizze keatsgrutheid, dat soe no net mear kinne of gebeure. De fraach wat no de moaiste priis wie kaam del, yn in byldspraak fan in baarnend hûs. Welke priis soest meinimme, hokker priis sit it djipst yn it hert. Twa antwurden sprongen der út, sûnder maat tiid hienen it tritich jier lyn hiel oare antwurden wêze kinnen.
 
Foar Sake wie it in sulveren keatsbal mei dêryn wat jiske fan syn beide âlders. Foar Wiep wie de moaiste priis dy’t hy oerhâlden hat oan it keatsen Coby syn frou. De triennen fjouwer meter fierderop toanden dat keatsen en libben betiden by elkoar komme lykas de bal yn de nap. De felle sinne dy’t op Taeke skynt dy’t stadichoan feroaret yn in reade bol dy’t noch krekt boppe de kimen útstekt as bewiis dat it in moaie dei west hat yn it lânskip libben.  
 
 

Balkearder 60

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers