contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (50)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Plan

It is 5-1 en 6-4 yn ‘e finale fan ‘e Jong Famme Partij tusken Grins en Wommels en Sjanet Wijnia stiet oan ‘e opslach. Dan komt de coach fan de bank en praat efkes mei har. Wat soe sa’n man no sizze op dy stân, sa giet it troch de holle. Miskien wol: ‘Doar fan ‘e útgong wol achter dy tichtdwaan aansens’. Wat oars komt net yn ‘e holle op, want de moedige Sjanet Wijnia stiet mei de hakken op ‘e ôfgrûn, de teannen hingje al yn de loft.

It wie in finale fan 5-1, dus Alfred Hitchcock koe thús bliuwe dizze middei en dochs ferfeelde it gjin tel. Seach nei de hege ballen, seach nei it keatsen sa’t dat ea ek troch mannen as Sjouke Helfrich dien waard, sa stel ik my foar. It fizier op taktyk, gjin barstens geweld en mei de sinne op de pakjedrager de punten yn it achterperk pakke.

In plan dus wêr’t foar de finale oer praat wie, sa hie’k tocht. Anne Monfils lake dat idee fuort as wienen it de wetterspatten letter op de dei doe’t de finalisten yn de feart fan Mantgum sprongen. Nee: ‘Gewoan lekker keatse’ sa wie it evangeelje. Je soenen sizze dat ien dy’t sân ballen fuortslacht yn twa partijen wolris tinke mei oan in oare funksje. Monfils is begûn as perkspiler en letter foarbêst opslagger wurden om’t sy tocht sa mear prizen te winnen. 

‘Ik ha it idee dat ik krekt net hoofdklassewaardich bin as perkspiler’, sa sei Anne. Mar de twifel fan ‘miskien moat ik it dochs noch in kear besykje’ lei om de hoeke nei in dei foarbêst op en yn it foarperk. De krânsen en de sjampagne gienen nei Grins, mar heit Monfils hie de spikers al yn ‘e bûse foar de gevel yn Kimswert, want dy krânse bliuwt yn Kimswert dus.

De iene 5-1 finale is de oare net. Yn Harns wie it ek 5-1 en it is dat de ‘zingende brandweerman’ André Kooistra ús wekker hâlde. Sitte je in kear nei in finale te sjen sûnder de kleur oranje en dan ha je dit. Benammen Jelte-Pieter Dijkstra hie de lech út en dat is nei dy drege partij yn Dokkum wol begryplik. Dijkstra mei as opslagger dochs wol de ferrassing oant no ta neamd wurde, dus gjin kwea wurd oer dizze sportman fan Easterein.

Yn Harns waard ek diels dúdlik wêrom de rest sa’n bytsje winne. De iene partij springe se fier oer de sleat hinne, en de partij dêrnei stroffelje se oer de pols en dûke se sa de blauwe modder yn. Je fersûpten hast yn de 5-1 of 5-0 partijen, mar gelokkich is der nei ôfrin altiten noch Hans Wassenaar en dy hat altiten tekst. De moaiste wie dizze oer opslagger Marten Bergsma: ‘Hy moat it net sykje yn ‘e bûtenwereld’. Sa kinne je introvert ek omskriuwe, je soenen hast in dichter sjen yn Hans Wassenaar, it dreamen is der yn elts gefal al.

Soenen de mannen fan Bergsma in plan hân ha? Betwifelje it, in plan betsjut in pear slaggen foarút te sjen. Dijkstra oan de opslach en de skerpte like op dat momint noch it meast op dy lege feesttinte. Trije fan de fjouwer der út en dan giet der in útslachbal retour perk. Net keare soene je sizze, rinne litte want dan moat hy wer. Nee hy wurdt keard, in keats net grutter as fyftich sentimeter. Gewoanwei binne je dy punten kwyt, mei Bergsma net fansels. It sei alles oer de partij, de skerpte fan wa sil winne wie der al nei in spul út en dan kinne je as taskôger like goed feest fiere mei de ‘zingende brandweerman’.

Nee dan Mantgum, it binne de wetterspatten dy’t alle kanten útfleane, wyld swaaiende hynstesturten en oars neat as libbenswille, it gouden klaverke mei seis bledsjes, it libben yn ‘e maaitiid en dêr komt gjin plan oan te pas, jonge fammen dy’t it sykje yn ‘e bûtenwereld.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers