contact zoeken wedstrijden

Lytse en grutte keatsen: oer skoalfamkes, talint en hynstesturten

Tekst en foto's: Janny van der Meer

It kontrast koe net grutter wêze. Sneon wie ik op it keatsfjild yn Raerd, by de skoalfamkes fan de KNKB. Snein wie ik op it fjild yn Dronryp, by de hearen haadklasse. Mei it kontrast tusken beide dagen, doel ik net op de kwaliteit fan it keatsen of it talint fan de keatsers, mar op alles der om hinne.
 
De organisaasje wie yn beide doarpen goed foar inoar. Yn Dronryp wiene in bulte minsken op it fjild en nei ôfrin wie der grut feest. Der is wiidweidich ferslach dien troch alle media en ferskillende fotografen ha mei-inoar in pear tûzen prachtige aksjefoto’s makke. Yn Raerd wiene mar in hantsjefol minsken en binne der miskyn fiif of seis aksjefoto’s makke. Foto’s dy’t beskieden yn de telefoan fan in heit of mem steane. Op sosjale media sjogge we allinnich de nammen en de bliere kopkes fan priis-, preemje- en lytse preemjewinners. En hjir en dêr ferskynt der op de side fan in feriening in lyts ferslach oer de keatsfamkes út eigen doarp of stêd.

image1
image2

Fansels hie ik yn Dronryp in moaie dei. It is betiden krekt in reüny. En it bliuwt bysûnder om it keatsgeweld fan de haadklassers te oanskouwen. Mar wat waard der sneon ek monsterachtich moai keatst troch de skoalfamkes op it smûke fjild fan Raerd. De stilte op it fjild foel my wol fuortendaliks op. ‘Dat is altyd sa’, sei in heit. ‘Der is noait in wanklank, se binne altyd noflik.’ En sa earlik ek. Der gong in bal bûten, krekt op it tou, mar de foarynse hie der blykber op slein. It wie net te sjen, want de karmaster joech de bal bûten en de tsjinpartij protestearre net. It famke sei lykwols: ‘Ik ha der op slein, punten binne foar de oaren.’ ‘Sa binne se!’ sei in oare heit. ‘Se keatse gemoedlik, earlik en ha in soad wille mei inoar.’ 
 
Op dat flak liket it suver op ledekeatsen, mar bliksem wat keatskwaliteit oanbelanget is dit al oare koek. Dit binne gjin ledekeatsers! Dit binne talinten en oanstoarmjende keatsheldinnen. De opslachballen wurde betiden heechop oerlevere, mar fleane ek like maklik as in streep op knibbelhichte beide perkspilers foarby om flak foar de kwea te stuitsjen. As it kin ek noch op links. Jawis, der giet ek wolris in bal bûten of foar. Mar dat oerkomt de bêsten... dat ha we yn Dronryp wol sjoen. Yn it perk wurde troch guon famkes de meast ûnmooglike ballen pakt. Net ien of twa kear, want je kin ris mazzel ha dat de hân krekt goed stiet, mar de hiele dei troch. De boppeline lei yn Raerd fansels tichterby dan yn Dronryp, mar der binne yn Raerd ballen boppe slein dy’t – hie it yn Dronryp west - yn de tribune bedarre wiene.
 
De hiele sneon ha’k my ferwûndere oer it talint en de kwaliteiten fan de jonge keatsers. It is dêrneist ek noch in plaatsje om nei te sjen. Jonge, sierlike hindes en allegear bosken hier yn grutte hynstesturten op de holle. Ik ha trije kear in bal troch sa’n sturt fleanen sjoen. Je kinne as keatser yn it fjild wol bûge as der in bal út in oar perk op je ôfkomt, mar as dan sa’n hynstesturt noch in heale meter omheech swypket, dan wurdt de bal dochs justjes ôfremme. Hoewol de famkes beslist wille mei inoar hiene, seach ik ek de fûle kopkes. Se keatsten foar elke slach en woene allegearre winne.

image3

Krekt as yn Dronryp wie der yn Raerd in skiedsrjochter fan it bûn. In jongeskeatser út Berltsum, 14 jier... Rink Sterk is syn namme. Hy hat krekt in kursus dien en hy mocht sneon foar it earst it fjild yn. Hy die dat ûnder it kritysk, mar rjochtfeardich each fan de hear Jaap Adema. Knap fan de jonge skieds, want gean der mar stean op dy leeftyd.

image4

Je kinne fansels ek op in bank stean gean, lykas in coach die. ‘Dan hat er mear oersjoch!’ rôp ien, doe’t ik de coach der nei frege. No wie de coach aardich oan de lingte. Al hie er op knibbels yn it gers sitten, dan noch hie er wol oersjoch hân. ‘Nee hjer’, sei de coach beskieden. ‘It wie fanwege de spanning, dan kin ik net mear sitte en gean ik op in bank stean.’ Ja wêrom ek net. Sels siet ik de hiele dei op de line en ha ik besocht gesichten en nammen yn my op te nimmen, sadat ik oer tsien jier op de Frouljus PC sizze kin: dizze heldinnen ha ik al keatsen sjoen doe’t se noch skoalfamkes wiene. De ballen fleagen harren betiden troch de hynstesturten, mar wat wiene se doe al monsterachtich goed.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers