contact zoeken wedstrijden

Jan Tamminga 1947-2018

Tekst: Rynk Bosma
Video: KNKB TV

Sjoch him noch syn oanloop nimmen, de bal tsjin it boarst oan as woe hy dat rûne ding nea wer kwyt. Rjocht fan leden en geandewei de partij waard de holle ûnder it swarte hier reader. Dat besoarge opslagger Jan Filippus Tamminga de bynamme ‘reade’ op. Op 23 septimber 2018 kaam der in ein oan syn libben dat  op 17 juny 1947 begûn.
 
Echt lang hat Tamminga net meidien want nei fiif jier en fjouwer punten yn syn lêste keatsjier 1971 hâlde Tamminga op. De Van Wierens rinne as in reade tried troch it keatslibben fan Tamminga. Yn 1966 sette hy útein mei Jos en Robert van Wieren en yn Frjentsjer op it keatsfjild De Bleek krige de opslagger fan Bears syn earste krânse om ‘e nekke. In partij mei in ferhaal want Robert wie doe dy deis net in bal fertroud en yn de finale tsjin it sterke partoer fan Hotze Schuil, Klaas van Wieren en Johannes Westra liken de krânsen ek fier fuort.
 
In finale mei in ferhaal, sa fertelt Tamminga yn desimber oan KNKB-TV en dat filmke wie te sjen op de tentoanstelling yn 2017 oer de fjouwer Van Wierens yn it Keatsmuseum. Mei spul om it earst achter en dat hie syn reden. ‘Wy hienen doe in keatsbal as in fiich’, sa fertelde Tamminga. Robert treaste syn opslagger mei de opmerking ‘Ik slach dy bal wol fuort’ en dat barde ek. Hy sloech him de boskjes yn en gjinien koe dy bal wer fine, dus nije bal. It gie fan 2-1 nei2-5 en de partij waard wûn. It wie neffens Robert ‘logisch’ dat dy âlde bal nea wer boppe wetter kaam want hy hie tidens it sykjen de grûn yntrape.
 
Troch de partij yn Frjentsjer stie Robert yn ‘e etalaazje en kaam by ‘bettere’ maten terjochte. Dus moasten Jos en Jan om in oare maat sykje. Jos: ‘Jan regele soks’ en Gerrit Langerak waard foar de PC de tredde maat. In PC wêr’t Tamminga hast 51 jier letter noch altiten mei waarmte oer praat. Hy siet dy dei ‘yn in flow’ sa’t hy sels sei mei as hichtepunt de partij yn de heale finale tsjin it sterke partoer fan Hotze Schuil, Piet IJsbrandij en Johannes Westra dat pas yn it lêste earst wûn waard. Op dy sa wiete PC dy’t twa oeren letter begûn waard it in twadde priis en nea soe Tamminga wer sa ticht by de heechste eare komme.
 
Tamminga wie as opslagger net in perkenbrekker, it wie net handich as hy de striid oangie mei de bêste foarynsen fan syn tiid, Gerrit de Jong en Klaas van Wieren. Dat wist hy sels ek, ‘Allinne as dy mannen harren dei net hienen’ dan wienen der kânsen. Op dagen dat de wyn him deljoech koe Tamminga him rjochtsje op de hege ballen achteryn. Mar it wie net genôch foar de echte top, wol goed foar 55 punten doe’t Tamminga yn 1971 ophâlde. It wurk by de KI koe hy net mear mei it keatsen kombineare, ‘Eins hie ik net ophâlde wollen’, sa sei hy ferline jier.
 
Winst op de Aldehou en kening yn Huzum wienen hichtepunten foar Tamminga dy’t ‘In geweldige maat wie, altiten optimistys, hiel aardich yn de omgong’ sa’t Jos van Wieren seit. Yn desimber fan 2017 sei syn frou Janneke tsjin Jos ‘It komt net goed mei Jan, ast noch komme wolst net te lang wachtsje.’ Jos hat noch yn desimber op besite west by Jan dy’t alle partijen op papier hie. 
 
De hjerst wie yn 2018 twa dagen ûnderweis doe’t der in ein kaam oan it libben fan Jan Tamminga. As opslagger gjin echte top, mar as je as mins delsetten wurde ‘As in geweldige maat, altiten optimistys’ dan telt dat eins oan de ein fan in libben dochs krekt efkes mear mei. Want hoe optimistys in mins as Jan Tamminga ek wie, ien kear komt dy lêste slach en dy kinne je nea winne.
 
 

Het interview van KNKB TV met Jan Tamminga opgenomen november 2017

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers