contact zoeken wedstrijden

Kabouters, Pupillen, Welpen, Schooljeugd, Keatskamp Easterein!

Fan moandei 30 april oant woansdei 2 maaie binne de bern fan Easterein yn aksje west mei keatsen. Op de fjilden binne der in soad searys makke, mar troch it minne waar is der ek foar it earst yn de seal west. De bern ha in protte spultsjes dien, mar ek taktyk besprekke en sels fideo analyse. Dit jier wie it alwer de fiifde edysje fan keatskamp Easterein en it tema wie dan ek FEEST! Dêrom is it noch moaier en geselliger makke as foarige jierren: haadklassekeatser Hans Wassenaar kaam as Mystery Guest, der wie in springkessen, elk bern krych in prachtich felgiel shirt en it fertroude diploma mei tips, tops en in aksjefoto derop. Sels Hea fan Omrop Fryslân is west om it fêst te lizzen.
Yn koarten: trije machtich moaie dagen mooglik makke troch in hiel soad frijwillige hannen. 

KNKB Media makke it folchende filmke:

Video: KNKB Media
Foto 30-04-18 18 16 38
Foto 30-04-18 23 06 22

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers