contact zoeken wedstrijden

​Ferrassing makket alles moaier op Frouljus PC

Tekst: Rynk Bosma
Foto's: X-lent for you Fotografie 

Ferrassing makket alles moaier, ek op de Frouljus PC. Al yn de moarntiid stie der in rige minsken yn in rige sa grut as in heal keatsfjild. Op de eftergrûn dy âlde Johannestsjerke fan de trettjinde iuw. Minsken dy’t net better wisten soene tinke kinne dat der in tsjerketsjinst hâlden wurde soe. En eins wie dat ek sa, allinne de foargonger hiet Jan Suierveld en de liturgy wie de 41ste Frouljus PC yn Weidum mei fers trije en fjouwer op it haadprogram. Want dat wienen de twa partoeren dy’t jûns yn dy sa moaie krânsen rinne soenen. Se moasten earst noch efkes stride oer wa’t it wurde soe.
 
Yn it perk der neist gienen Joukje Kuperus, Maaike Osinga en Iris van der Veen de striid oan mei Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. Wist fan Maaike dat sy de lêste jierren altiten min lotte, altiten tsjin it sterkste partoer fan de dei. Dus dit jier foel it lot yn dy earste ronde mei, wat der yn de twadde omloop barre soe wie fan lettere soarch. Oan de ein fan de dei wienen je hast fergetten hoe fier dy felle Osinga eins kommen kinnen hie.
 
Tel mar op, mei 5-3 foar tsjin it partoer fan Krol. It wurdt 5-4 en 4-4 en dan slacht Wijnia twa ballen fuort, mar noch gjin panyk. Op 5-5 wurdt it 4-4 en mei in sitbal fan Wijnia wurdt it 6-4. De folgjende bal slacht Osinga fuort, 6-6. Dan slacht Osinga fier út, bal wurdt net echt lekker en mar in lyts eintsje werom slein troch Van der Leest. Sels neat sjoen, mar guon seinen dat sy de bal ‘oan’ hie. Keats by de boppe, alle kâns soene je sizze. Mar dan slacht dy Wijnia de bal wer fuort…. De Ingelsen ha der sa’n moaie útdrukking foar, ‘What if’ skiednis mar it telt net.
 
It is altiten mar ôfwachtsjen hoe’t je sa’n dei it fjild opstappe, wannear it gefoel op mear yn ‘e hollen fan de keatssters krûpt. It is al wer in skoft lyn doe’t Anne Monfils dat prachtige dûnske makke. Dêr wie op dizze PC neat fan oer, se hie it net en dat wist se sels ek yn dy earste omloop. Dat it dochs noch partij waard mei alle hout oan de tillegraaf wie in ferrassing dy’t alles moaier makke. De kriich fan Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra, ek doe’t it yn it lêste earst 6-2 foar de oaren stie. Mei in retourslach makket Zeinstra 6-6 en dan in keats by de middenline dy’t sy net foarby kin.
 
It wie dúdlik, de PC wie rûn, de winners dúdlik, it soe de alfde oerwinning wurde foar it partoer Tuinenga. Der wiene mar in bytsje minsken dy’t tochten dat in pear oeren letter de keninginne fan 2016 gûlend fan it fjild ôfgie. De nije keninginne hie oan de doar kloppe, Wijnia dy’t de partij keninklik mei boppeslaggen útmakke.
 
It moaie fan in PC is dat je net altiten hoege te winnen om de dei ta in feest te meitsjen. Anna-Brecht Bruinsma, Mariska Hoogland en Melissa Rianne Hiemstra wienen ta de achterdoar as tolfde partoer it fjild opslûpt. Elke omloop wie meinaam, seker de earste dy’t ek mei alle hout einige. In dei dy’t yn de heale finale ophâldt doe’t de benzine op wie. Hoogland naam mei blommen ôfskie, de holle omheech want it wie op keatsend mêd in moai ôfskie mei freon Johan van der Meulen en harren berntsje der by.
 
Dat ferrassing alles moaier makket gie ek op foar it finalepartoer fan Marije van der Meer, Klasina Huistra en Annelien Broersma. Se kamen mei 2-1 foar mar doe stie de nestor fan de finale oerein, trije kear sloech Van der Leest de bal fuort en doe wie it eins gebeurd. Dochs makke it perk Huistra-Broersma wol yndruk mei sân ballen der oer hinne. Mar Van der Leest hie it bêste foar it lêst bewarre en sloech allinne al sa’n sân as acht ballen fuort.
 
It feest koe begjinne, de dochters giene by de heiten op de nekke, de tûzen en mear kilometers dy’t de âlden mei de keatsende dochters yn de auto’s riden hiene nei alle keatsfjilden fan Fryslân gliden as rein op oaljejassen  by harren del. Alles yn tsjinst fan dat iene momint op in woansdei yn augustus as de echt fantastysk moaie oranje krânsen om de nekke fan harren dochters hingje. In ferrassing dy’t alles moaier makket.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers