contact zoeken wedstrijden

Manon Scheepstra beskermfrouwe Jong Famme partij

Yn 2006 wie Anita Andriesen der foar ’t earst by, de tredde Jong Famme Partij.


We hiene har nûge en frege oft hja beskermfrouwe fan de Jong Famme Partij wêze woe.
Hja reagearre fuortendaliks entûsjast.
Om 11 oere begûn de tredde Jong Famme Partij, hja wie der yn selskip fan man Sytze en trije bern om 10 oere al. Hja woe de dei fan begjin oant de ein meibelibje.

Yn 2005 is de stipersploech âldere Fammen foar Jong Fammen oprjochte.
Hja fûn dit in prachtich inisjatyf en melde har dy deis fuort oan as lid.
Der wiene in stik of tweintich leden, hja woe wol helpe dit oantal omheech te krijen en die in oprop fia de mikrofoan. Dêr bleau it net by, mei in Jacob Klaver bestjoerslid by it publyk lâns. Oan de ein fan de dei hiene wy 50 stipers. Ie wûn dizze dei de Jong Famme partij, Anita rikte mei foarsitter Anne Muller de prizen út. Pyt Paulusma wie der ek mei syn waarpraatsje. Nei it keatsen noch efkes neisitte mei  patat en in drankje. It wie in ûnferjitlike dei, Anita makke yndruk op it bestjoer, wat in entûsjasme, wat in moai minske dy’t perfekt by de Jong Famme Partij paste, wy binne wiis mei har. 

Yn 2008 wie se foar de lêste kear by de Jong Famme Partij. Hja sukkele al jierren mei har sûnens en op 3 desimber moast Anita belies jaan. In grut ferlies, mar wy binne tankber dat dizze bysûndere frou fjouwer jier te gast wie by de Jong Famme Partij.

Jierrenlang hawwe wy it sûnder beskermfrouwe dien, mar doe kaam der op de Jong Famme Partij in jonge faam mei de namme  Manon Scheepstra. Hja wûn dizze partij fiif kear. Us doarpsgenoat en kritysk keatsferslachjouwer Theo Kuipers beskreaun har nei har lêste oerwinning as de “ongekroonde koningin” fan de Jong Famme Partij. Doe’t hja ferline jier, as lêste kear, de priis útrikt krige, melde Manon fuortendaliks dat se lid wurde woe fan de klup ”Aldere fammen foar Jonge Fammen’’. Hjirmei joech hja yn ús belibbing oan, dat sy yn de gaten hat dat it organisearjen en it behâlden fan de Jong Famme Partij net in fanselssprekkendheid is. 

It wie op de jûn fan de huldiging fan de PC winners yn Mantgum dat der wer kontakt wie mei Manon. Hja woe har wol ynsette troch in bydrage te leverjen op de wedstriiddei. Dat is no útkristalisearre yn de status fan Beskermfrouwe fan dizze fantastyske partij. Wy, as KF Jacob Klaver, binne tige ynnommen en fereare dat hja dat dwaan wol en wy hoopje op in jierrenlange gearwurking.

meie wy oan jimme foarstelle: 

Manon Scheepstra, Beskermfrouwe fan de Jong Famme Partij!

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers