contact zoeken wedstrijden

Evert Heeg 75 jier en derom net by de 55+ yn Frjentsjer.

Jo soenen sizze, Evert kin net sûnder keatsen. Dochs wie hy net yn Frjentsjer. Op de werom reis nei hûs ta rydt jimme skriuwer altyd lâns Easterlittens en dan no dus mei Kees Sikkema mar efkes by Evert del.

De priiswinners mei de krans, flnr.: Sipke Wiersma, Joop Wortman, Gerard Voogd en Bert de Jong.

Hy wie thús en dan komme de ferhalen fan eartiids wer boppe. Earst frege hy hoe as it dizze dei mei ús gongen wie, mar dernei kaam in partij fan him yn 1965 yn Bitgum wer hielendal yn byld. Evert mei Bouke Scheffer en Jan Meijer stienen 0-5 en (0-6) efter tsjin Wietse Vlietstra († 21-3-2013), Jappie Mulder en Robert van Wieren, mar sy wûnen dochs noch de partij en dat wie in grutte sensaasje. De beslissende slagen yn de earsten warden wer efkes oanhelle. Uteinlik moasten Evert en syn maten harren deljaan by in tredde priis. Rienk de Groot, Sjoerd Heeringa en Johan Halbesma koenen die dei op in nije fyts, mei de krâns om, werom nei hûs.
Op 27 maart wienen wer 108 keatsers fan de 55+ ôfsetten nei de Trije yn Frjentsjer. Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de list fan 108. De partoeren 101 (Koop Scholten en Pieter Bergsma) en 102 (Henk Werkhoven en Anne Baarda) wienen dien om 16.15 oere en dat is dus moai op tiid. Jammer dat de opslachbal fan Koop Scholten op de stân 5-5 (6-6) it perk miste. Om 16.35 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy 3x wûn hienen. Oer 2 wike, op 10 april 2013 geane de 55plussers foar de lêste kear dit winterskoft nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1. Bertus de Jong, Ljouwert. 2. Hans Hilarides, St. Jabik. 3. Anne Dijkstra, Ljouwert (20-8).
B-klasse: 1. Joop Wortman, De Jouwer. 2. Harke Anema, Wytmarsum. 3. Gooitzen Roorda, Froubuorren. 4. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 5. Eeltsje Wiersma, Berltsum (20-8). 6. Bert Veldman, Boalsert (20-12). 7. Jan Bootsma, Wommels (20-16).
C-klasse: 1. Gerard Voogd, Harns. 2. Jan de Ridder, Stymsgea. 3. Sjouke Herrema, Hoorn. 4. Sjoerd Nicolai, Wytmarsum. 5. Albert Dijkstra, Harns.
D-klasse: 1. Sipke Wiersma, St. Jabik.

EvertHeeg2011sept21

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers