contact zoeken wedstrijden

De 55+ sluten it simmerskoft ôf op Sonnenborgh.

Wat is it dochs moai, dat Luitzen in dei foar syn 77e jierdei de krâns wint! Op 19 septimber 2012 wienen 84 keatsers nei Ljouwert ta setten en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 48 keatsers fan de list.

Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Tsjeard Harkema, Luitzen Steegstra (77), en Tjeerd Bouma.

Foppe de Vries leit noch altyd op de IC yn it sykenhûs yn Ljouwert, sadat de Kommisje om bar de mannen oprôp foar de krite. Minne Soepboer keatste mei en ferwurke de útslagen. De temperatuur wie sa’n 14 graden en dat wie in stik leger as de oare kear yn Ljouwert op 29 augustus mei sa’n 28 graden. De earste partij kaam d’r in snitter reinwetter út de loft, mar dernei wie de sinne d’r meastentiids by en dat wie wol lekker. Om 15.55 oere foel de lêste slach by de partoeren 77 en 78. Op de stân 3-5 (4-6) moast Jan Wagenaar fan partoer 77 opslaan en brocht de bal foaryn by Henk Steensma. Dy sloeg in keats fan sa’n 25 meter. Dernei moast Luitzen Steegstra opslaan en dy hie in sitbal tusken Jolly Dooper en Piet Zijlstra yn. Luitzen behelle hjirmei de earste priis.
Sjirk Overal wûn ien kear en is earste bleaun yn it Klassemint mei 40 punten. Johan Sikkema kaam no mei syn trije oerwinnings op it twadde plak mei 36 punten en Sjoerd Nicolai wûn 2x en is no tredde mei 35 punten.
Piet Bosgraaf rikte om 16.15 oere de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer 21 dagen, op woansdei 10 oktober 2012, geane de 55plussers foar it winterskoft-programma nei de Trije yn Frjentsjer.
A-klasse : 1e. Tjeerd Bouma, Ljouwert. 2e. Douwe Broersma, Mullum. 3e. Jan Brandsma, Gryptsjerk.
B-klasse: 1e. Tsjeard Harkema, Spannum. 2e. Jelle Goudberg, Frjenstjer. 3e. Johan Sikkema, Emmeloord. 4e. Jan Beimers, Dronryp. 5e. Jouke Punter, Wommels.
C-klasse: 1e. Luitzen Steegstra, Blije. 2e. Heinz Palsma, Seisbierrum. 3e. Sipke Wiersma, St. Jabik.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers