contact zoeken wedstrijden

De 55plussers keatsten yn Goutum.

Op in moai rom fjild hienen in oantal Goutumer 55plussers 8 perken yn twa fjliden lein en mei in stikmennich leuke en behelpsume froulju yn de kantine wie it in geselliche dei. It sette om 10.00 oere útein.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Oeds de Roos, Joost Schaap en Anne Baarda.

Op 13 juny wienen 78 keatsers nei Goutum ta setten. It bliuw droech waar, maar as de sinne fuort wie, dan wie it oan de frisse kant. Minne Soepboer hie de lotting dien, omdat Piet Keizer op fakânsje is. Dan kin Piet noch moai wat oansterkje nei syn hertoperaasje yn febrewaris.
De partoeren 75 en 76 wienen dien om 15.50 oere. Op de stân 3-5 (0-0) moast Minne Soepboer fan partoer 75 opslaan en nei 4 bûtenslagen wie dat gou dien. By de partoeren 77 en 78 dienen 3 Goutumers mei, Andries Idzerda en Wim Blosklopper by partoer 77 en Ale Mosselman by partoer 78. Sy makken it nei in 1-5 stân noch wol spannend. Op de stân 5-5 (2-4) moast Oeds Broersma fan partoer 78 opslaan mei twa keatsen, ien fan 16 meter en ien fan 14 meter. Hy brocht de bal beide kearen efteryn by Andries Idzerda. De earste koe Oeds keare foar de keats en de oare kaam d’r lang net oan ta, sadat partoer 78 wûn. It wie doe 16.10 oere. By partoer 78 die fierder noch mei Piet Stellingwerf en by partoer 77 Henk Bloemsma.
Yn it klassemint wûn Sjirk Overal twa kear en is boppe oan bleaun mei 24 punten. Op it twadde plak stiet no Anne Baarda mei 22 punten út 10x dit jier. Op it tredde plak steane Wim Jousma en Sjoerd Nicolai mei 22 punten út 11x. Om 16.30 rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Nije wike op 20 juny 2012 geane de 55plussers nei it fjild fan Sonnenborgh yn Ljouwert.
A-klasse : 1e. Oeds de Roos, Menaam. 2e. Jan Brandsma, Grypskerk. 3e. Ynze Stienstra, Baaium. 4e. Gerrit de Jong, Ysbrechtum. 5e. Jan Feenstra, Winsum.
B-klasse: 1e. Joost Schaap, Turns.. 2e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 3e. Anne Kramer, Snits. 4e. Siep Berkepas, Balk. 5e. Oege Dijkstra, Hijum. 6e. Bart Limburg, Wovegea.
C-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam. 2e. Hilbrand Schuurmans, Boalsert. 3e. Gerard Voogd, Harns.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers