contact zoeken wedstrijden

Keatse yn é oarloch (2)

Op it Sjûkelân yn Frjentsjer is woansdei stilstien by de PC fan 1942. It partuer fan Jan Rodenhuis, Feite de Jager en Frans Helfrich keatste doe yn oranje shirts as protest tsjin de Dútske besetting.

bron: www.omropfryslan.nl

Woansdei ha 550 learlingen fan skoallen yn Frjentsjer op it Sjûkelân in oranje shirt krigen mei de tekst 'Respekt kleuret it lân'. Klaaid yn it shirt foarmen se it wurd 'Respekt'. It gie om in inisjatyf fan Tûmba, it sintrum foar gelikense behanneling. De aksje waard ûnder oare stipe troch it 4 maaie komitee Frjentsjer en it bestjoer fan 'e PC.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers