contact zoeken wedstrijden

Wer folle bak by de 55+ yn Frjentsjer.

Om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers fan de 108 op de list yn de Trije. Minne Soepboer hie wer lotte, want it Kommisjelid Piet Keizer wie al in wike út it Sykehûs, mar moat thús earst fierder opknappe.


Foto: De priiswinners mei de krâns, flnr.: Luitzen Steegstra, Anne Baarda, Jan Brandsma en Jolly Dooper.

De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.25 oere. Op de stân 5-3 (4-4) moast Siete Wassenaar fan partoer 107 opslaan mei twa dikke keatsen, sawat by de boppe en dan soenen jo hast betinke kinne, dat mei de wisse opslach fan Siete de partij út wêze soe, mar foarynse Durk van der Schaaf sloech bêst út en de bal waard keart efter de keats. Dernei brocht Siete de bal wer by Durk, mar no koenen de maten fan Siete wol keare foar de keats. Op de stân 6-6 brocht Siete de bal wer by Durk, want hy woe efterynse Jan Buitenga meie en net net sûnder reden fansels. No rekke Durk de bal hartstikke goed, mar ek hiel skeef, sadat de bal fier kwea gong. Jan Brandsma fan partoer 107 hie troch dizze oerwinning de krâns.

Om 16.25 oere frege Piet Bosgraaf foar de priisútrikking earst as d’r noch keatsers wienen, dy in bal yn de bûse hienen, want d’r wienen fjouwer keatsballen weirekke! Dernei binne de fleisprizen útdield oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer twa wiken op 14 maart 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.

A-klasse : 1e. Jan Brandsma, Grijpskerk. 2e. Jan Houwer, Boalsert. 3e. Ale Mosselman, Goutum. 4e. Ynze Stienstra, Baaium.
B-klasse: 1e. Luutzen Steegstra, Blije. 2e. Henk Noordbruis, Marsum. 3e. Harke Anema, Wytmarsum. 4e. Jan Bootsma, Wommels. 5e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 6e. Wim Jousma, Tytsjerk (20-7).
C-klasse: 1e. Anne Baarda, Menaam (ferline wike ek al). 2e. Sybe van der Zee, Lelystêd. 3e. Sjirk Overal, Oldenbroek.
D-klasse: 1e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2e. Piet Overberg, Ljouwert. 3e. Johannes Algra, Frjentsjer

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers