contact zoeken wedstrijden

Ofslute mei stampot en musyk

De 55+ sluten 2011 ôf mei stamppot en musyk yn Frjentsjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Gerrit Winkel, Heinz Palsma, Jan van der Woud en Jouke de Roos.

Om 10.00 oere koe it yn de Trije oangean mei de earste 54 keatsers fan de list fan 114. De froulju setten om 10.30 oere útein mei blomskikkerij ûnder de kundige lieding fan de susters Jannie Bakker en Wytske Nutma (de frou fan Foppe). Om 12.00 oere wie it resultaat, dat alle 29 froulju mei de Krystdagen in prachtich blomstik op tafel sette kinne.

De partoeren 101 en 102 wienen dien om 16.25 oere. Op de stân 5-4 (6-6) moast Johan Sikkema fan partoer 101 opslaan en woe de bal foaryn bringe by Sybe van der Zee, mar de bal wie sa plat, dat dy krekt foar kaam. Achterynse Johan van der Veen wie sa happich, dat hy de bal noch útsloeg mei in keats fan 13 meter. Doe moast Siep Berkepas opslaan en dy brocht de bal tuskenyn, krekt oer Luutzen Steegstra hinne. Anne Dijkstra koe de bal noch ûnderhâns skeppe en lokkich foar him foel de bal noch krekt binnen de kwealine, 2 meter de keats foarby. Sadwaande wûn partoer 101.



Om 17.05 oere begon Piet Bosgraaf mei de priisútrikking. Earst krigen de winners fan de C-klasse fan 7 desimber in rollade en dernei mochten de bêste fiif fan it klassemint nei foaren komme foar in rollade. Sjouke Herrema út Hoorn hat it wûn mei 47 punten en ûntfong de wikselpriis en in glêsplakette mei syn foto derop. Twadde is wurden Jan Hoekstra út Gytsjerk mei 41 punten, tredde Siete Wassenaar út Minnertsgea mei 40 út 22 wedstryden, fjirde Johan der Veen fan Oentsjerk mei 40 út 23 en fiifde Jan Veenstra út Apeldoorn mei 39 punten.

Als lêsten ûntfongen ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen, noch in rollade út hânnen fan de foarsitter.



Nei de priisútrikking gongen de Fryske Shadows los. Us 55+ keatsers Evert Heeg, Johan Bekema en Jan Houwer brochten in bjusterbaarlik moai stik musyk en it wie tige gesellich. D’r waard ek noch dûnse. Om 18.00 oere wie in ûnderbrekking foar de stamppot boerenkoal mei woarst foar de keatsers en meikommen froulju. Om 19.00 oere koe werom sjoen wurde op in moaie dei en gongen de minsken nei hûs. Oer 14 dagen, op 4 jannewaris 2012 geane de 55plussers wer nei de Trije yn Frjentsjer.



A-klasse : 1e. Jouke de Roos, Luttelgeest. 2e. Siete Wassenaar, Minnertsgea. 3e. Johan Bekema, Boalsert. 4e. Wiebe Visser, Ljouwert.

B-klasse: 1e. Gerrit Winkel, St. Anne. 2e. Tjerk Jorritsma, It Hearrenfean. 3e. Piet Keizer, St. Anne. 4e. Wim Jousma, Tytsjerk.

C-klasse: 1e. Jan van der Woud, Goutum. 2e. Lou Herrema, Slappeterp. 3e. Koop Scholten, De Wylgen. 4e. Henk de Vries, Drylts.

D-klasse: 1e. Heinz Palsma, Seisbierrum (7 desimber ek earste). 2e. Jan Wagenaar, Winsum. 3e. Jan de Jong, Dronryp. 4e. Ype de Vries, Oentsjerk.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers