contact zoeken wedstrijden

De leste party mei earsten gelyk begjinne

Folle bak by de 55+ yn de Trije.

Ofrûne woansdei 9 novimber wienen 108 keatsers nei Frjentsjer taset en om 10.00 oere koe it oangean mei de earste 54 keatsers.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Jolly Dooper, Wieger Boonstra en Bert de Jong (Henk Weiland wie al nei hûs)..

De lêste partij moast men mei earsten gelyk begjinne.
Sjouke Herrema út Hoorn siet no de lêste sân kear by de priiswinners, werfan twa kear earste (17/8 en 26/10), sadat hy no yn it klassemint dúdlik oan de lieding giet mei 44 punten en mei 3 wedstryden te gean net mear ynhelle wurde sil, want d’r binne 3 op it twadde plak mei 36 punten.
De partoeren 107 en 108 wienen dien om 16.15 oere. Nei de opslach fan Kees Sikkema fan partoer 107 joech de tillegraaf 2-5 (2-6) oan en lei d’r in keats fan sa’n 10 meter. Siete Wassenaar fan partoer 108 brocht de bal heech efteryn by Ynze Stienstra en dy sloech net bêst genoch út, sadat Jan Veenstra de bal by de keats keare koe.

Om 16.40 oere rikte Piet Bosgraaf de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen op 23 novimber geane de 55plussers wer fierder yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.

A-klasse : 1e. Bert de Jong, Ljouwert. 2e. Jurjen Tiesnitsch, Westhoek. 3e. Andries Idzerda, Goutum.
B-klasse: 1e. Wieger Boonstra, It Hearrenfean. 2e. Piet Keizer, St Anne. 3e. Johan van der Veen, Oentsjerk. 4e. Freek Kuipers, Drachten.
C-klasse: 1e. Jolly Dooper, Oentsjerk. 2e. Jan de Ridder, Stynsgea. 3e. Rein Seerden, Snits. 4e. Sjouke Herrema, Hoorn. 5e. Durk Kamstra, Frjentsjer. 6e. Henk Bootsma, De Knipe.
D-klasse: 1e. Hendrik Weiland, Koarnjum.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers