contact zoeken wedstrijden

Fleisprizen foar de keatsers

It winterskoft is wer begon foar de 55+ yn de Trije.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Douwe Broersma, Ynze Stienstra, Sjirk Overal en Henk de Vries.

Ofrûne woansdei 19 oktober wienen 102 keatsers nei Frjentsjer taset en om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers. Wat is dochs moai, dat jo dan by de partoeren 21 en 22 yn de D-klasse twa mantsjes tsjin oer elkoar stean sjogge fan sawat 86 en 87 jier! Johannes Algra wurdt op 1 desimber 86 en Willem van der Meulen op 1 novimber 87.

En wat makken de partoeren 101 en 102 d’r op it ein in prachtige show fan. De oare partoeren wienen al lang út, sadat d’r in soad keatsers en publik meilibben yn dizze lêste spannende partij. By eltse goeie slach wie d’r jûchhei. In protte earsten mei 6-6 en dan komme jo fansels út op 5-5 (6-6). Yn it lêste earst koe Johan Bekema fan partoer 102 syn flitsende opslag sjen litte, mar foarynse Bert de Jong slagt twa ballen boppe en de lêste bal komt efteryn by Ale Mosselman. Dy leit in keats sawat by de boppe en dan mei syn maat Oeds Broersma opslaan by de stân 6-6. Hy doart de bal net efteryn te bringen by Siete Wassenaar en tinkt dat foarynse Evert Heeg de keats net fersulvery kin. Dat hie d’r goed besjoen, want Oeds koe keare foar de keats, sadat syn partoer (101) wûn en hy sels de twadde priis behelle. De klok joech doe 16.27 oere oan.

Om 16.50 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen op ien nei. Kees Sikkema keatste fjouwer kear, wûn trije kear, mar syn winnende ynfalbeurt telde net mei. Nije wike (!) op 26 oktober geane de 55plussers wer fierder yn de Trije yn Frjentsjer mei it winterprogramma.

A-klasse : 1e. Ynze Stienstra, Baaium. 2e. Oeds Broersma, Wytmarsum.

B-klasse: 1e. Douwe Broersma, Mullum. 2e. Auke Kuiken, Sint Jabik. 3e. Luutzen Steegstra, Blije. 4e. Jelle Velsma, Tsjummearum.

C-klasse: 1e. Sjirk Overal, Oldenbroek. 2e. Pieter Bouma, De Jouwer. 3e. Sjouke Herrema, Hoorn. 4e. Siebe van der Zee, Lelystêd.

D-klasse: 1e. Henk de Vries, Drylts. 2e. Theo Smit, , Frjentsjer.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers