contact zoeken wedstrijden

Chris Wassenaar mystery guest op 30e Altenburg-partij

Ôfrûne snein wie yn Reahûs de 30e edysje fan de Altenburg-partij, in ledenpartij dy’t al dy jierren stipe wurdt troch Bote en Mieke Altenburg. foto: Theo Galama

Spesjaal foar dizze dei wie Chris Wassenaar útnoege om de leden fan KF Reahûs-Turns te fermeitsjen. Dat slagge poerbest! Chris dielde petsjes út, sette hântekeningen, joech lieding oan in warming-up en sloech fansels ek noch in pear ballen op. Wat in kûgels komme der fan syn hân, alderraarst! Dernei waard der fansels ek noch keatst troch de leden fan KF Reahûs-Turns. It wie in tige slagge keatsdei! Op de aktuele website fan KF Reahûs-Turns stiet in wiidweidich fotoferslach. Sjoch op www.kfreahus-turns.nl, wer’t jimme ek in berichtje efterlitte kinne yn it gastenboek (eamelpraat).

Hoofdsponsor

Businesspartners

Suppliers