contact zoeken wedstrijden

Nije útdaging voor Afke, Bianca, Wiljo en Nynke

Afke Kuipers, Bianca van der Veen, Wiljo Sybrandy en Nynke Sybrandy geane in nije útdaging oan dit jier.

Reactie Bianca van der Veen De Fjouwersprong “De namme fan ús team hat fansels te krijen mei it feit dat we mei syn fjouweren binne. Mar it is ek symboalysk foar de mooglikheden dy’t wy as team ha. Nynke en Afke kinne foarbêst opslaan, Nynke, Wiljo en Bianca kinne foaryn en Wiljo en Bianca beide ek efteryn. As it moat kin elkenien de foar best of de foar minst opslach oernimme. Boppedat jout fjouwersprong oan dat je op in krúspunt stean. Miskyn stean wy mei dizze opsje wol oan de basis fan in nije wize fan teamkeatsen. De KNKB kin ús yn dat opsicht folgje as in “testcase” foar it keatsen yn teams. Ek foar de sponsers is it oantreklik, want by in blessuere bliuwt it team yntakt en wurdt de sponsernamme útdroegen. We moatte it mar ris besjen, foarearst sille wy sa keatse en we sjogge wol hoe’t it ferrint. Ek dat is in soarte fan fjouwersprong, je witte yn it keatsen doch noait hoe’t it komt. Mar wy ha der gewoan hartstikke nocht oan en sjogge it wol sitten.” klik hjir foar mear ynfo letter mear... Klik hier voor het interview als u een andere browser gebruikt dan Microsoft Explorer

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers