contact zoeken wedstrijden

Film Keatshert op TV by Omrop Frylân

Op earste Krystdei is de film "Keatshert" te sjen bij Omrop Fryslân.

Op Earst Krystdei is by Omrop Fryslân fan 17.00 oere ôf Keatshert te sjen. Keatshert is in yntym filmportret wurden fan programmamakker Willem Wits oer keatsleginde Chris Wassenaar en syn maten, ûnderweis nei harren lêste grutte keatstoernoai dêr’t Chris ôfskied nimt fan syn passy en syn publyk. Keatskening Chris Wassenaar, 'De grutte fan Minnertsgea', keatste dit jier syn lêste grutte PC keatspartij op it hillige gers fan Frjentsjer. De film folget yn ‘e wiken dêroan foarôfgeand it partuer fan Chris, syn broer Jacob Wassenaar en Rutmer van der Meer, sawol mei wedstriden as dêrbûten. Trochdat Chris en syn maten fan hiel tichteby yn byld brocht wurde, lit de film in yntym each gean oer harren belibbingswrâld.

De film is in koproduksje fan Selfmade Films en Omrop Fryslân en mei ta stân kommen mei stipe fan it Stimuleringsfonds Nederlandse Culturele Omroepproducties, Je Maintiendrai Fonds en Stichting Bildtse Belangen. Omrop Fryslân TV, Keatshert, Earste Krystdei, 17.00-18.00 oere. Credits Senario en regy: Willem Wits Kamera: Peter Brugman nsc Lûd: Gertjan Miedema Montaazje: Patrick Minks Lûdsôfwurking: Paul Gies Produksjelieding: Evelien Vehof Utfierend produsint: Anja Cloosterman Produsinten: Jan de Ruiter en Niek Koppen, Selfmade Films: Keatshert gie snein 9 novimber ’08 yn premjêre op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert. Sjoch ek op: www.omropfryslan.nl

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers