contact zoeken wedstrijden

Prijswinnaars 55+ op 3 december 2008

Ferline woansdei 3 desimber hawwe de 55plussers foar de fiifde kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer.

De priiswinners mei de krâns, flnr.: Gerrit bij de Weg, Sybe van der Zee, Kees Sikkema en Theo Smit. Ferline woansdei 3 desimber hawwe de 55plussers foar de fiifde kear dit winterskoft keatst yn de Trije yn Frjenstjer. Om 10.00 oere gong it oan mei de earste 54 keatsers fan de 126 op de list. Yn de twadde en tredde omloop begong eltse partij mei earsten gelyk. De partoeren 117 en 118 wienen dien om 16.30 oere. Op de stân 5-5 (6-4) moast Lieuwe Anema fan partoer 117 opslaan en Ype de Vries fan partoer 118 sloeg de keats foarby, dy sawat by de middelline lei. Dernei moast Lieuwe wer opslaan. No sloeg Ype de bal út yn de rjochting fan Sjouke Herrema en dy koe de bal werom slaan tot foarby de foarline fan it perk, sadat partoer 117 wûn en Sybe van der Zee de krânse krige yn de C-klasse. Om 16.45 oere rikte Foppe de Vries de fleisprizen út oan ûndersteande keatsers, dy trije kear wûn hienen. Oer fjirtjin dagen (17 desimber) keatse de 55-plussers op ‘e nei yn de Trije. Er is dan om 10.00 oere ek blomskikken foar de frjoulju en nei ôfrin stamppot foar de leafhawwers. A-klasse: 1e. Kees Sikkema, Dronten. 2e. Andries Idserda, Goutum. 3e. Herman Steneker, Ljouwert. 4e. Daam van der Lei, Dronryp. 5e. Ale Mosselman, Goutum. 6e. Oeds de Roos, Menaam. B-klasse: 1e. Gerrit bij de Weg, Harns. 2e. Jan Beimers, Dronryp. 3e. Jan Boorsma, Menaam. 4e. Uiltje Velstra, Idaard. 5e. Anne Dijkstra, Ljouwert. C-klasse: 1e. Sybe van der Zee, Lelystad. 2e. Germ Koopmans, Aldtsjerk. 3e. Pieter Bouma, Joure. 4e. Bart Leemburg, Wolvegea. 5e. Johannes Wierda, Blije. D-klasse: 1e. Theo Smit, Frjenstjer. 2e. Anne Baarda, Menaam. 3e. Roel Zijlstra, Menaam.

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers