contact zoeken wedstrijden

Balkearder (138) Morgen zie ik je weer.

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

As je te faak útlizze moat dat je sa’t it no liket net ophâlde, dan ha je it in pear wike lyn net goed opskreaun. Je kinne ek sizze, even wat better lêze, mar dan jouwe je de oar wer de skuld. En dat bart al genôch yn it keatswrâldsje. It gie dus om de kontekst fan OKK Bitgum dy’t sechtjin partoer op de list ha wol yn 2025. It idee is miskien wol ‘breedtesport’, dat der mear keatsers de kâns krije op in priis mei fâlen of hynders. No wie it mei tolve partoer yn Bitgum rûn de klok fan kertier foar sânen dien, mei sechtjin partoer yn twa perken koe it wolris nacht wurde. En om dan mei in skimerlampe oan in krantenferhaal te skriuwen is krekt in bal te folle kwea.
 
Je moatte ek hoeden wêze as santichplusser om no al te sizzen ‘morgen zie ik je weer’ lykas de titel fan in film út in fier ferline. Want ‘morgen zie ik je weer’ is eins mear in winsk, de hoop útsprekke dat der in takomst is fan in ‘morgen’.  Je moatte it mar ôfwachtsje. Sa’t je ek mar ôfwachtsje moatte hoe’t it keatsjier der yn 2025 útsjen sil. Penjum en Marsum, oan jild gjin brek as je nei it prizenjild sjogge. Mar de hjerstbeammen waarden kwa keatsen wol wat gau te keal.
 
Mar by it sluten fan de keatsmerke stienen de mannen yn it blau der wer. Dat is al jierren sa, Durk van der Leest soarget al jierren der foar dat de mannen in hiel jier fit binne. Hy slagge der in jier lyn yn it keatsjier fan Hans Wassenaar langer te meitsjen. Want Hans hat jierrenlang te meitsjen hân mei de saneamde ‘piek’ rûnom de PC. Mar yn 2022 en yn 2023 stie hy der it hiele jier. Troch Durk van der Leest dus, de hast letterlik ‘stille kracht’, de man op de eftergrûn dy’t in like grutte hekel hat oan deiljocht as in mol.
 
Dat de mannen yn it oranje der yn septimber ek stienen seit ek in soad. It seit wat oer de oanrin fan dit keatsjier, it seit wat oer de motivaasje om dochs noch in krânse te heljen. En dat slagge op de lêste formaasjedei fan it jier wylst it partoer fan Steven Koster al it motto hie fan ‘morgen zie ik je weer’ nei Wytmarsum. En de formaasje fan Marten Bergsma wie nei de PC it paad hielendal kwyt troch feroaringen yn in syklus fan fiif formaasjewedstriden troch te driuwen. En dus miste ik de altiten fleurige Haye Jan Nicolay al wiken.
 
Foar Haye Jan gjin ‘morgen zie ik je weer’ yn it keatsjier 2025. Mar hy stiet ek net op de list fan de Aldehoupartij. It docht tinken oan it lêste jier fan Gerrit Okkinga yn 1978 mei dit ferskil dat Okkinga fansels gâns mear wûn hie. De TC fan doe gunde him net in ôfskie op de Aldehou, in blunder dy’t je eins nea wer goed meitsje kinne. It hat Okkinga altiten sear dien. De TC hat plakmakke foar de ranking, en op wei nei de Aldehou wurdt de selde blunder dus wer makke. Gjin Haye Jan op de list. Tank stellerij sûnder geweten, tank demonen fan it keatsen dy’t net fierder sjogge as de dei fan hjoed.
 
Dy demonen fjochtsje dochs al mei de ingelen om de baas te wêzen oer de sporter dy’t keatser hyt. En earlik is earlik, de ingelen reizgen mei op de tengere skouders fan Tjisse. De winst op dy PC makke fan de koptekst ‘Waarom Tjisse de PC nooit zal winnen’ fan 2022 in tekst dy’t elke kabaretier tsjintwurdich brûke kin om in seal mei keatspublyk oan it gnizen te krijen.
 
Dy ingelen binne even op fakânsje west yn septimber want it lot hat bepaald dat der net mear striden wurde kin om it earste plak yn it jierklassemint. Menno en Tjisse sitte by elkoar yn ien partoer op de Aldehou. Dat betsjut dus dat Menno de klassemintswinner is dit jier. Foar it earst, it is him gund. Of de mannen moatte der fuort ôf gean, en dan soe Tjisse bylotsje moatte. Mar dy kâns is krekt sa grut as de kâns dat Tjisse ‘nooit weer de PC zal winnen’.
 
Dochs noch even in útspraak fan Taede Zijlstra. No alwer Taede? Dat is al trije wiken efter elkoar. Klopt ek, mar Jaap Adema fertelt elke wike wer wat oars oer Taede wat nij is foar my. As ik it net opskriuw , giet it ferlern foar de ivichheid. Taede dus. Hy sei in kear: ‘Eins hoech ik allinne mar ien by my dy’t ferminst opslaan kin, want dat mei ik sels net dwaan’. Hast ien op ien fan tapassing op Tjisse, mar net hielendal want dan soenen je Menno te koart dwaan.
 
Snein dus de Aldehou, in Aldehou sûnder Haye Jan dus. De partij dy’t yn it teken fan ‘morgen zie ik je weer’ stiet. Yn dy âlde film fan 1955 wurdt dat sein troch ien dy’t de dei fan moarn nea wer sjen sil en dat ek wit. Dus dan is ‘morgen zie ik je weer’ it toppunt fan optimisme en hoop. Hoopje dat der wer in dei fan moarn wêze sil, dat der noch in takomst is, sa soenen je it ek útlizze kinne.
 
Dat is net altiten fanselssprekkend. Tink oan dy frou dy’t yn 2023 nei Burgwerd soe om te keatsen, nea wer in ‘morgen zie ik je weer’, libbenslang fertriet foar wa’t achterbleaunen. Tink yn it fiere ferline oan Siebe en Aaltsje Sijpersma dy’t der nea oerhinne kaam binne dat der gjin ‘morgen zie ik je weer’ wie doe’t harren soan en it grutste talint fan syn tiid Hidde Sijpersma omkaam. Tink oan Heleen, gjin ‘morgen zie ik je weer’ doe’t har Rinze de hurdrinskuon oanlúts.
 
As je troch sykte witte dat der gjin dei fan moarn mear is, dan bringe je fol leafde lykas Gert-Anne op de dei fan hjoed de blommenpracht fan in krânse nei ien ta wêr’t je fan witte dat der nea wer sprake wêze sil fan ‘morgen zie ik je weer’. De blommen wetter jaan hoecht dan net, de triennen dogge harren wurk wol.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers