contact zoeken wedstrijden

Keats! (07) Fan pake Siete nei pakezizzer Marte Wassenaar: in keatsgeneraasje fan Minnertsgea

Tekst: Jelle Bangma
Foto’s: Henk Bootsma

Wa’t it hat oer it keatsen yn Minnertsgea komt grif al gau út by de namme Wassenaar. En dan fuort dêr achteroan de namme Chris. En jawis syn broer… uhhh… Jacob. Folle beskiedener, op ‘e eftergrûn, stiet dat rizich stâl efter de perken fan harren heit: Siete Wassenaar. Wy stelle him sintraal yn it ferhaal, tegearre mei syn pakesizzer Marte, de jongste dochter fan Chris en Eelkje. Generaasjes Wassenaar en altyd wer paraat yn ‘e perken of oan ‘e opslach. It keatsen sit har yn ‘e genen.


Wachtsje oan ‘e tafel wylst pake Siete mei kofje skrept. Marte sjocht my ferwachtingsfol oan en Chris seit dat er him stilhâlde sil, want it giet no ommers in kear net om him. Pake is 78 en Marte is 12, dat is in grut ferskil, mar as it oer it keatsen giet falle generaasjes en leeftiden wei. Fansels, de omstannichheden wiene froeger oars. ,,Ik ha noait in trener hân’’, seit Siete. ,,Ik learde it fan ús heit en op skoalle fan master De Jong. Wy wienen altyd oan ’t keatsen, mei in luchtbal. Op ‘e dyk en op it skoalplein. Der wie hjir yn Minnertsgea ek neat oars as it keatsen, der wiene noch gjin oare sportferienings.’’

Hoe oars is dat mei Marte. ,,Ik sit by de Stichting Score en krij les fan Simon Minnesma. En it leukste fan it keatsen fyn ik de gesellichheid, mar ik wol ál winne fansels en opslaan fyn ik it moaiste. Ik bin by Score gien, omdat ik wat faker trene woe.’’ Op skoalle is har favorite fak ‘Gym’ en dat is logysk…

Nee, fanatyk trene wie oan pake Siete hielendal net bestege. Oant syn achttjinde koe er it folhâlde en wûn gauris de priis, bygelyks op de Baarderadielpartij. Mar by it âlder wurden kamen de ‘verlokkingen des levens’. ,,Ik koe it net opbringe en gean tsien oere op bêd, sa as myn maat Gerrit Tempel. Ik haw doe ek in pear jier amper keatst. Pas nei ús trouwen waard ik wer wat aktiver. Mar ik wie frachtweinsjauffeur, dus ik wie ek in protte fuort.’’

LBT_0721

Ja, gewoan omdat dy krânse de moaiste blommen hie.’’

Marte hat mear ambysjes. ,,Ja, ik wol skielk de Frouljus-PC wol winne. Ik haw de lêste twa jier west te sjen en fûn dat hartstikke leuk. Nee, ik haw dan gjin favoryt, ik fyn it krekt wol leuk dat in oar ek ris wint ynstee fan altyd deselden…’’ Fjouwer krânsen hat se sels al oan ‘e muorre en as ik freegje nei de moaiste oerwinning is se dêr gau út. ,,De moaiste partij dy’t ik wûn ha, wie yn Balk, tegearre mei Senna Boomsma. Ja, gewoan omdat dy krânse de moaiste blommen hie.’’
 
In echt famkes-antwurd… En it muorrekeatsen, is dat ek wat foar Marte? ,,Ja, ik mei ek hiel graach muorrekeatse. En dan mei Froukje Patricia Blanke, dat is hiel leuk en wy winne ek wolris in priis.’’ En pake Siete? Hy bromt: ,,Muorrekeatsen? Moat ik earlik wêze? Dat fyn ik allegearre mar neat.”
Okee, Siete kin dan net ophakke oer syn eigen prestaasjes, mar hat alle reden om op te skeppen oer syn soannen Chris en Jacob. Dochs slagget dat eins net. Dêr binne de Wassenaars te nochteren foar: ‘Doch mar gewoan’. ,,Mar doe’t Jacob my fertelde dat er mei Chris keatse soe, doe sei ik daalk: wat soe it moai wêze dat jimme dan skielk de PC ris winne soene. En dat is ek noch bard, yn 2005. Och ja, se koene goed keatse, dat siet yn ‘e genen moatst rekkenje. Fan de frou har kant wie it ek in goed keatslaach. Hiel ferskillend dy jonges, Chris wie guodlik, Jacob wie soms by ’t gemiene om’t ôf.’’

Sels keatste Siete ek as senior noch geregeld. By de 55+ stie er noch graach foar yn ’t perk en ferdigene de kleuren fan Minnertsgea mei Geert en Koos Faber. No stiet er geregeld achter it perk by syn seis pakesizzers, want Chris en Jacob ha elk trije bern dy’t keatse. ,,Mar sneins bin ik dochs it meast by de haadklasse om te sjen. Ja, dat siet der sa yn… wy giene altyd tegearre, Maartje en ik. Doe’t sy seis jier ferlyn ynienen ferstoar, moast ik allinne, mar gelokkich is der by it keatsen altyd in protte gesellichheid. En by de eigen feriening is ek altyd wurk. Ik sit yn de Opboukommisje en se organisearje hjir in soad partijen, dus ienris yn ‘e fjirtjin dagen bin ik oan ’t perklizzen.’’
 
Marte: ,,En as der dan in partij is, dan bin ik faak oan ’t blokjerinnen, dat fyn ik ek wol moai om te dwaan.’’ Chris knikt: ‘Allegear wat dwaan’. Sa bliuwt it keatsen yn stân, generaasjes lang, ek yn Minnertsgea.
 

 

Volledige Keats! lezen?

Via onderstaande button komt u bij de volledige Keats!

Keats! juli 2024.pdf

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers