contact zoeken wedstrijden

VIDEO 'Froulju, lûk de keatswant werris oan!'

Video: KNKB MEDIA

Afke Zijlstra Kuipers in gesprek met KNKB MEDIA

Krektlyk as elts jier organisearet kv Jan Reitsma Reduzum op de 1e snein fan septimber in 1e klasse Frije Formaasje partij foar Heren en Dames. By de mannen sjogge we jierliks ferskate (top)keatsers fan earder noch wer efkes de keatswant oppakken. We hope dat dat dit jier ek wer folop bard. Hja binne fan herte wolkom!

Dat jildt lykwols foar froulju krekt gelyk. Allinne sjogge we harren, as ja ienris de want oan de wilgen hongen ha, sawat net wer op de fjilden. En dat sjogge wy graach oars!
Derom noegje we alle froulju keatsters, de ‘Toppers fan Toen’, fan herte út om snein 4 septimber werris de keatswant oan te lûken en hearlik opnei in bâltsje te slaan.

KV Jan Reitsma yn Reduzum soarget foar in lekker hapke derby en in musykale omlisting. Ek sil der in masseuse wêze dy’t de hjir en dêr wat stramme spierkes los meitsje kin, mocht dat nedich wêze…
It froulju’s keatsen kin wol in kûntsje brûke en sa hope wy hjir in bydrage oan te leverjen.
Dus froulju, jong en âld: sykje kontakt mei jim keatsmaten fan earder en jou jim as partoer op…
Mei elkoar meitsje we der in moaie en geselliche dei fan; oant sjen yn Reduzum! 

Opjaan kin fia disse link

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers