contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (94)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Laseagen

Der binne dagen dat je winskje dat je sa no en dan lêst ha fan laseagen. Laseagen krije je as je te lang oan it laskjen west binne en yn it ferline en miskien no ek noch wol wienen it de smid, de metaalbewurker en de autoplaatwurker dy’t dêr in soad lêst fan ha kinne. Mei laseagen sjogge je hast neat en dat komt betiden wol fan pas as je guon teksten lêze dy’t bedoeld binne as ‘journalistieke’ teksten. Woe betiden wol in euro ha foar elke fout, dan koenen je wol mei skriuwen ophâlde.
 
Sels in soad fouten meitsje soe de mins beskieden meitsje moatte, it soe de mins twinge moatte yn ‘e spegel te sjen, en net iderien altiten mar de maat nimme. It docht tinken oan in man dy’t mei de finger omheech de alkoholist fertelt dat hy ophâlde moat fan drinken wylst hy de wodkafles yn de iene hân hat en de romer yn de oare dernei oan de lippen set. It is it ferhaal fan dy stien dy’t allinne goaid wurde kin as je sels de ûnskuld ha fan in laam. En yn dizze tiid kinne je sizze dat de Bourgondiër fan 120 kilo op in ierapelkistje stiet te fertellen oan de minsken dat sy ôffalle moatte, dat sy te swier binne en sels neat dogge.
 
Werom nei de laseagen, en de beroemdste laseagen binne fansels fan Sjouke de Boer fan Eksmoarre. Sjouke wie ien fan de oprjochters fan KV Exmorra en kaam oer fan de CFK. Blonde krollen, fameus om syn hege ballen yn it achterperk en fansels de iennige kening fan de PC dy’t de keningsbal om de nekke krige fan doe noch prinses Beatrix. It is dan 1973 en te lang lyn om it te ha oer wa’t dy dei de echte kening wie.
 
Sjouke de Boer wie jierrenlang ferbûn mei it perk Klaas en Wiep van Wieren. Dit partoer wûn yn 1977 de PC en yn 1978 wer de PC. Sneon fertelde Sjouke wer even oer dy PC fan 1978. It wie al in wûnder dat hy goed yn Frjentsjer oankaam. Want it wie in bochtige dyk út Eksmoarre wei. ‘Ik krige earst wat eachdruppels en de frou sei yn de bochten fan ‘hjir in bytsje nei links en dêr in bytsje nei rjochts’ en sa kamen wy yn Frjentsjer oan.’
 
Tink net dat Klaas Herrema, Wietse Punter en Willem Hiemstra yn dy earste omloop troch hienen dat Sjouke allinne hiel faach de beide bûtenste linen seach. Earst wer wat eachdruppels, mar mei nûmer 13 op de list wie der genôch tiid oer, soenen je sizze. Mar, sa fertelde Sjouke sneon, Klaas wie syn ‘navigator’ yn in tiid dat dit yn auto’s noch net bestie. ‘Klaas sei dan wat mear nei links of wat mear nei rjochts of it kin wol lije om de bal wat djipper achteryn te bringen’.
 
Want Klaas stie altiten op it middenfjild en Wiep op de boven as hy net opsloech. Yn de twadde omloop wie it sicht fan Sjouke wer goed en waard hy kening… ha der sels net by west, mar as je achteryn steane, op de boven as je net ferminst opslagge dan moat je as foarbêst opslagger dochs wol wûnderen dien ha...
 
Tink dat de feesttinte yn Eksmoarre krekt wat grutter wie as de spanning by de partijen. Dêr kin de yn 1971 oprjochte keatsklup fansels neat oan dwaan, mar je sjogge it wol faker by ferieningen dy’t foar it earst in grutte partij ha. It entjoesiasme fan it goed dwaan wolle, it besykjen oeral goed om te tinken, en dat allegearre ûnder lieding fan foarsitter Sarie Lycklama à Nijeholt dy’t ea de Frouljus PC yn 1988 wûn. It makket dat je je wolkom witte yn dat moaie doarpke wêr’t ek Géjanna Buma opgroeide ear’t sy nei Boalsert ferhuze. Géjanna hat 103 earste prizen wûn mei Afke Hijlkema en mar leafst njoggen kear de PC as opslagger wûn.
 
Gelok is in kwestje fan sjen, al dan net mei laseagen. Gelok is in kwestje fan sjen, al dan net mei laseagen. Gelok is it momint dat twa keatsters fan KF De Earnebarre it helje fan de twadde omloop op it NK fiere. 

Mar gelok is ek dat je nei al dy prizen dy’t je wûn ha nei in slimme sykte sizze kinne dat it wer goed mei je giet sa as Géjanna yn Eksmoarre oan ien fertelde. Dan sjogge je ek mei laseagen noch dat it gelok yn in minskelibben in soad kanten ha kin.
 
 

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers