contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (93)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

Klappe

Twa kear fleagen de bakjes fan de sweef je om de earen en twa kear ferdwûnen de berneholtsjes achter mânske sûkerspinnen fan wyt oant rôze en der wie net in aksjefierder tsjin te folle sûker yn ‘e buert. Ek de bern yn de sweef mochten noch sûnder helm yn de bakjes en dat giet ek op foar de botsauto’s. Twa kear in sweef en in kermis, net te fergelykjen tink ik mei de kermissen fan eartiids doe’t it feest rûnom it keatsen it hichtepunt wie fan elk doarp, fansels gie dat hân yn hân mei keatsen. De ballen op de draaimûne slaan, de minsken dy’t dan klapten, it wie hast ferslavend foar in jongeskeatser as Robert van Wieren ein jierren fyftich.
 
Klappe dus, wa docht dat noch? Ja Metske van der Ploeg fan Holwert. It wie sneons in iensum bestean as klapper foar Metske want hy wie de iennige en kaam betiden net boppe it lûd fan de sweef út. In moaie sitbal tuskenyn, Metske klapte, bal nûmer acht op de sjittinte achter de boppe fan Taeke Triemstra, Metske klapte. En wa lei dy grutte feesttinte yn Holwert mei bernespultsjes bûtendoar fêst op de foto? Metske klom linich op it dak fan kantine en klaaikeamers om it fêst te lizzen.
 
‘De minsken sitte allegearre op dat ding te sjen, se ha beide hannen net iens mear frij om te klappen’, sa sei hy. Yn april op de earste partij stie Metske noch op de foarline yn in grien jagerspak. Op de AV yn Frjentsjer hat hy hast elk jier wol in kear de mikrofoan yn hannen. Net prate, mar dwaan, sa is syn wapenspreuk. Hy hat in ôfgryslike hekel oan minsken dy’t wol sizze wat net doocht, mar net sizze hoe’t it dan al moat. Dat fynt hy in bytsje goedkeap.
 
As de taartsjes op binne yn Holwert en der komt ien binnen mei de opmerking fan ‘Ik miende dat it  ‘ontvangst met gebak’ wie. Sjoch dat lit Metske him gjin twa kear sizze mei as gefolch dat in oanwêzige ‘cardioloog’ him ‘vermanend’ mei it fingerke omheech oan sjen soe doe’t hy werom kaam mei mear taartsjes dan as in mijns op ien dei oankin. Sjoch Metske hat sels net in gram te folle, mar dat kin net fan iderien sein wurde en krekt as yn it echte libben wie it mei de taartsjes net oars: de taartsjes reizgen nei minsken dy’t wolris in dei oerslaan kinne, en dan sis ik it foarsichtich want in wike soe ek gjin kwea kinne.
 
Moast in dei letter yn Berltsum werom tinke oan Metske. Dat wie tidens de finale op 5-0 en 6-6 doe’t Erwin kwea sloech. Doe waard der dy deis foar it earst klapt en sels lûd jûn dat like op oanmoedigjen. Fansels sil dat leger oan blonde ridders tige holpen ha by it groepke jonge fans om even te fieren dat de ear fan it partoer fan Youri de Groot rêden wie.
 
Hie yn Berltsum te dwaan mei Jan Bakker dy’t in heale middei besocht ferbining te krijen mei Studio Eenhoorn, mar dat foel net ta sa as wol faker dit jier. Dan binne je frijwilliger en dan kinne je it ferhaal oer it keatsen net kwyt. Gelokkich wie Jan krekt mei de kamper yn Sweden west en de foto’s dy’t hy dêr makke hie joegen de treast fan beskiedenheid mei sa folle moaie natoer om je hinne. En dan te betinken dat Jan al sa beskieden is.
 
Krekt lykas Metske beskieden is en graach klapt foar de moaie dingen yn it keatsen. In fleurige flinter op de blommenpracht yn Holwert, ‘Sjoch wy ha hjir noch flinters dy’t de stikstof oerlibbe ha’. Want: ‘Wat der hjoed ek barre mei, moarn komt de sinne gewoan wer op’. Hoopje dat Metske dat noch faak sjen mei.
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers