contact zoeken wedstrijden

​Wat in dei sa’n Freuledei!

Op woansdei 11 augustus sil opnij ien fan de moaiste keatspartijen op de kalinder ferkeatst wurde yn Wommels. De Freulepartij kin dit jier yn oanpaste foarm trochgean.
 
Nei in tige beheinde partij yn 2020, binne wy bliid dat wy dit jier wer publyk by ús moaie evenemint wolkom hjitte meie. It publyk moat lykwols wol rekken hâlde mei de hjoeddeistige coronamaatregelen, en dat betsjut dat se yn oanrin nei de partij guon saken goed op oarde hawwe moatte.
 
QR-koade
 
Elk is wolkom op de Freulepartij, mar besikers moatte har wol oan inkele regels hâlde. Sa moat elk in identiteitsbewiis meinimme, om sjen te litten by de yngong. Ek is der in QR-koade nedich om te bewizen dat der in folledige faksinaasje plakfûn hat, of dat der in negative test ôfnaam is. Dizze test mei net âlder wêze as 24 oeren.
 
Kaartferkeap
 
It is dit jier ferplichte om yn it foar in kaart foar de partij te keapjen. Dit moat online fia de webside www.defreulepartij.nl. Troch de coronamaatregelen is it dit jier net mooglik om op de dei sels oan de poarte in kaart te keapjen. Ek binne der allinnich mar sitplakken beskikber. Losse lânkaarten wurde dit jier net ferkocht.
 
Nettsjinsteande al dizze maatregelen binne wy as bestjoer derfan oertsjûge dat it in prachtige dei wurde sil.
 
Wy hoopje jimme op 11 augustus te sjen op it keatsfjild yn Wommels.
 
 
It bestjoer fan de Freulepartij yn Wommels 

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers