contact zoeken wedstrijden

Column balkearder (76)

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma

De Spreuk

De spreuk dy’t fan ‘e moarn oan de muorre hong wie makke foar dy laffe Southgate fan Ingelân. ‘Wat zou je doen als je zeker wist dat je niet kon falen’ sa stie der en dan tinke je fuort oan dy Southgate dy’t boufakkers it fjild ynstjoerde en de faklju op de bank sitte liet. As je sa bang binne om te ferliezen dan ferlieze je ek. As je in achttjinjierrige it gelok fan in hiel lân op de skouders lizze dan witte je dat je as trener nei de útgong kinne. Dat je alles wei jûn ha omdat je bang binne te falen.
 
Gelokkich giet dit stikje oer keatsen en as der ien sport is wêryn de grinzen tusken fale en winne tin binne dan is it wol it keatsen. It grize gebiet tusken top en krekt net wurdt faak bepaald troch al of net bang wêze om te ferliezen. Dat makket ek it ferskil tusken top en de brede laach derûnder.
 
Doe’t Berltsum en Eksmoarre yn de finale fan de Jong-Feinte Partij stienen wie it grutte ferhaal flak foar de finale hoe Pieter Jan Leijenaar út te skeakeljen. Taktyk en angst lizze faak tichte by elkoar. Mar doe’t dy nuvere Gerben de Boer as foarynse sa’n tsien ballen fuort slein hie, moast Berltsum wat oars fansels. Corné Tuinenga hat Johan Cruijff noait spyljen sjoen, lit stean dat hy him wolris praten heard hie. Mar sa jong as Corné ek is, syn útspraak kaam tige ticht by dy fan Johan Cruijff.
 
‘Dus wy tochten al gau fan donderje dy ballen dan mar achteryn, lit it mar sjen datst sa goed biste.’ In fariant dus op Cruijff dy’t sei ‘Je kunt wel denken dat je de beste bent, maar als je dat niet op het veld toont dan ben je het ook niet.’ It skilde yn dy finale mar twa punten mar de leafde tusken grutte partijen en Pieter Jan wol mar net bloeie, ek al hat hy it oare jier wer in kâns.
 
It grize gebied tusken top en subtop is net yn wurden te fangen. Nim dy partij tusken Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar en de trije fan Enno Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten. It wynstille waar soarge der foar dat dy wolk fan iepen rekkeningen mar hingjen bleau. It tilde it partoer fan Kingma even op it poadium fan de top, mei Kees yn de haadrol. Even in fariant op ‘Wat zou je doen als je zeker wist dat je niet kon falen’. Dit dus, dy favoriten der ôfslaan. En it gefoel fuort triuwe dat it hjoed letter nea wer better wurde sil.
 
Want wêr wie it echte gif fan no meitsje wy it ôf op 5-3 tsjin Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Keatsen is in optelsom fan mominten. Kingma jout op 3-2 en 6-6 eins in bal op hichte oan Taeke dy’t op oare mominten njoggen fan de tsien kear fuort geane. No net, mis, in sitbal, it gelok fan in ingel mei fleugeltsjes, en 3-3.
 
En dan litte je it sa fier komme dat je as partoer dûnsje moatte op de smelle planke fan it lêste earst. Der is mar romte foar ien, wêrom der net yngean mei de gedachte ‘dat je niet kunt falen’ sa as yn de twadde omloop. In riedsel yn de keatssport dy’t noait oplost wurde sil, krekt like grut as dy opslach fan Van der Bos. As tsjinstanner witte je noait hoe folle hy kado dwaan sil, dat wit hy sels ek net. As je achter it perk sitte dan pas sjogge je hoe ticht syn ballen tsjin de grins fan ‘alles of neat’ oan sitte. Hoe’t hy elke kear wer oantoant dat hy net bang is om te ferliezen want dan pas kinne je winne. En as je nei de punten sjogge dan witte je ek dat it sûnt 2009 mear alles as neat wie.
 
Yn de wrâld fan de jonge feinten is ferlies en winst krekt even grutter as letter yn it leven. De gedachte ‘dat je niet kon slagen’ wint it faak fan it folle moeiliker idee ‘dat je niet kon falen’. En it moaie is dat de hichte fan de jildprizen achter it kleedsje fan ‘onbelangrijk’ ferdwine. Want der wie yn Easterein 3800 euro te fertsjinjen, oanbean troch ferskillende partijen. De jildprizen wienen oanbean troch Jouke Huitema. De tachtichplusser mocht him sneon wer even jong fiele tusken de jongerein om it fjild.
 
Jierren lyn seach ik syn namme op it shirt fan foetbalklub Nijland, no noch in twadde klasser. ‘Jouke Huitema’ stiet der op de rêch en de man sels sit noflik op in bankje der nei te sjen. Hy lit de taksy foar ride as hy nei it foetbalfjild of keatsfjild giet en dy bringt him ek werom. In pilske drinke tusken de jongerein dy’t je mei wat jild helpe om oan sport dwaan te kinnen. In libben wêrfan je wis binne dat ‘je niet kunt falen’. 

Balkearder76

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers