contact zoeken wedstrijden

Aldjiersjûn

Tekst: Piet de Groot
Foto: Henk Bootsma

Keatsfreonen                                                      
 
As âldjiersjûn de tolve slagen,
lûd galmje út de tsjerketoer,
dan is der wer in jier passearre,
dan is twa-tûzen-tweintich oer.
 
 
Noch efkes weromsjen oer it skouder,
nei it troch ús beswalke paad,
dan wie ‘t  fan beiden wat wij seagen:
 t’ ljocht ….mar soms ek… ‘t dûnk’re skaad!
 
 
Elts minske beswalket syn eigen paadsje,
yn ’t libben eltse dei opnij.
En nimmen wit as er lok as drôvens ,
tsjin komme sil op dizze wei
 
 
Dit jier ,yn ’t ramt fan de Corona,
dat bliuwt ús allegear’ yn ’t  ûnthâld.
’n Protte siiken, ‘n protte deaden,
brocht it ús lân en ek de wrâld.
 
 
De keatserij  wie tige sútrich
it bleaf der measten tiden by.
In nij jier fol mei ‘boppeslaggen’,
dat is ús hoop , dat winskje wy.
 
 
t’ Bliuwt dochs de winsk fan alle  keatsers,
dy ’t moarns betiid fan hûs ôf gean,
dat sy ,as ’t kin, nei in dei fan keatsen,
de jûns leaust foar de tinte stean. 
 
Moai waar, keatse, in priis, de krânse,
gjin sykte, unwaar,tonger,rein.
Sûn bliuwe keatse, lekker sporte,
‘t is net foar elkenien wei-lein.
 
Wy betinke ek dit jier tal fan (keatsers)freonen
Dy’t nea wer yn de greide stean
Guon binn’ al gongen troch ferstjerren
Nei har moat no ús tinzen gean.
 
 
Want,ús libbenswei  is immer wankel,
ûnwis  is hjir it  wrâldsk bestean.
Mar mei betrouwen nei de takomst,
moat dochs de reis wer fierder gean.
 
 
Want it klokje tikket fierder,
in nei (keats)jier   stiet  foar de doar.
Wat sil dit nije jier ús bringe,
blidens foar d’ ien, drôvens foar ‘n oar?
 
 
Net ien fan ús dy ’t dat kin witte,
yn ’e takomst sjen, dat kin gjin ien.
Akseptearje de dingen sa ’t se binne
soms hurd ,mar…. sa is’t , altiid gien.
 

 Tolve ûre : it nije jier begjint.
 ’t Fjûrwurk moat him dit jier  beheine.
Op nei twa-tûzen-ien- en tweintich.
 
Foar ’t nije jier, foar elkenien:
sûnens, in protte (keats)sukses en folle Lok en Seine
 
Mullum 2020                                          Piet de Groot

Foto: Henk Bootsma
Foto: Henk Bootsma

Hoofdsponsoren

Businesspartner

Suppliers