contact zoeken wedstrijden

Freule 2020!

Wat in dei sa'n Freuledei, guon fan jimme sille it begjin augustus miskien wol eefkes tocht hawwe. Op dy moaie simmerdei hie it keatsfjild yn Wommels fol stean moatten mei keatsleafhawwers. En op it fjild hiene de keatshelden fan de takomst stride moatten om de ferneamde gouden klokjes. Mar it hat net sa wêze mocht. Troch it coronafirus koe de wichtichste keatspartij foar jonges yn de leeftiid fan 14 oant 16 jier, dit jier net trochgean op de gewoane datum.

Lokkigernôch hat it bestjoer in alternatyf útwurkje kinnen. Op sneon 19 septimber giet it oan! De striid moat trochgean, al moat it dit jier op in oare wize as dat wy wend binne.

De wichtichste feroarings yn fergelyk mei ferline jier binne, dat der dizze kear gjin publyk by de partij wêze mei. Utsûndering hjirop binne famyljeleden fan de keatsers, en oare útnûge gasten. Kom dus net nei Wommels ta op 19 septimber as jo net in útnûging hawwe. Jo komme it keatsfjild net op!

De partij sels sil foar in grut part itselde wêze: der wurdt keatst op trije fjilden, en de prizen binne gelyk oan oare jierren. De winners krije spitigernôch gjin rûntocht yn de koets, mar meie wol yn in moaie cabrio in tochtsje meitsje.

De partij sil op ferskate wizen te folgjen wêze fia de sosjale media fan De Freulepartij, de kanalen fan Omrop Fryslân, KNKB Media, radio Eenhoorn en Podium TV. En ferslagen komme nei de tiid fansels yn de kranten te stean.
Wy hoopje op in moaie striid!
 

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers