contact zoeken wedstrijden

Janny van der Meer 1974 - 2020

Tekst: Rynk Bosma
Foto: Henk Bootsma en Elisabeth Hiemstra

foto: Elisabeth Hiemstra

It famke dat ea troch de hertekamp rûn om ien fan de fjirtich ballen op te sykjen dy’t broer Thomas fuortsloech is net mear. De frou dy’t yn juny fan dit jier as lêste wurden ûnder oare skreau: ‘Mei de eagen ticht de rit mar útsitte en hoopje dat je ûnderweis it gebit net ferlieze’ is der ek net mear. Janny van der Meer hat de eagen ticht dien en ûnderweis it gebit ferlern. ‘It gebit as metafoar foar ús sûnens’, sa skreau sy ek.
 
Janny waard berne op 6 juny 1974 en groeide op yn it Alddiel tusken Tytsjerk en Ljouwert. Dochter fan Jan van der Meer en Tiny Terpstra, suster fan PC-winner Thomas van der Meer en sûnt healweis 2018 kolumniste fan de Keats! en lid fan de redaksje. Har talint om moaie kollums te skriuwen kaam foar it earst boppe wetter driuwen tidens in útstjoering fan PC-Kafee. Dêrnei waard Janny frege foar de Keats! en dy earste kollums wienen muoilik om te skriuwen.

Want dat fûn Janny sels, de kollum fan har libben hie sy al skreaun. Mar oan de oare kant wie it neffens har ek sa dat in keatser net ophâldt nei de earste boppeslach. Gelokkich foar de Keats! en gelokkich foar de lêzers fan dat blêd. Janny wie ien fan de ivige twivel, it wie nea goed genôch, it waard hûnderd en ien kear wer feroare. De perfeksjonist dy’t altiten in gefjocht hie mei de deadline fan ynleverjen. Want de tinzen fan Janny fladderden hast altiten alle kanten út en wiene nea it selde.
 
En dat wie fansels ek it probleem mei it trochlêzen fan eigen wurk. It wienen nea grize dowen dy’t altiten de selde rjochting op fleagen. It wienen de tropise fûgels fan oare kontinenten yn kombinaasje mei de seefûgels dy’t tsjin it glês fan eigen tinken opfleagen. Want se woenen der út, de romte fan it wite papier oerfladderje. De achtbaan fan elke kear wer oare wurden en tinzen fine, it doalhôf fan de goede wurden fine, de opjefte fan de bûtenkategory yn de Alpen, alle minsken rjocht dwaan, gjin ôfstân dwaan kinne fan earder betochte wurden.
 
Dat gie ek op foar de ferhalen fan Janny. De ferhalen wiene oars, neam it mar de froulike kant fan dy ferhalen, de sachte kant, it fertrouwen yn de mins net beheind troch grinzen. Ek al lei de wei besaaid mei oare bewizen, Janny bleau leauwen yn de eigen wei dy’t sy gean woe. Janny makke it libbensferhaal fan oare minsken moaier om’t sy har eigen sinne der op skine liet. Janny wie har eigen Rembrandt mei in hiel eigen ljocht.
 
En dat ljocht is der net mear, ‘Net earder hat it salang duorre foardat ik de earste sin op papier hie’, sa skreau sy yn wat har lêste kollum foar de Keats! wurde soe. Lit it gehiel eigen, sa moaie ljocht fan Janny noch ien kear skine op alle minsken dyt mei de triennen fan fertriet efter bliuwe.  It famke fan de hertekamp is net mear, de frou, dochter en mem fan de lêste wurden ‘Leave minsken pas goed op elkoar en hâld it gebit te plak’ koe har eigen gebit net hâlde.  Dêrom noch ien kear har stim op it plak wêr’t it skriuwen begûn.
 

Janny van der Meer in het PC-Kafee
Foto: Henk Bootsma

Hoofdsponsoren

Businesspartners

Mobiliteitspartners

Suppliers